Fedde Schurer

Ut Wikipedy
Fedde Schurer
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
oar pseudonym Louw Brants, Bouke, F. Boukes,
S. Gerlofs, S.N. Iselbank,
Sjolle Kreamer, J. Melkema,
Arend van der Meer, Edzard,
Jelle Oenes, Pier Protter,
(Jelle) Rippen, J. Stranger,
F(rank) Wagenaar
echte namme Fedde Schurer
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 25 july 1898
berteplak Drachten (Fryslân)
stoarn 19 maart 1968
stjerplak It Hearrenfean
etnisiteit Frysk
wurk
taal Frysk
sjenre poëzij, lit. koarte ferhalen,
toaniel, non-fiksje
perioade midden 20e iuw
bekendste
  wurk(en)
Fersen
Simson
prizen Fersetspriis 1945
Gysbert Japicxpriis 1949
jierren aktyf 19201968
offisjele webside
n.f.t.

Fedde Schurer (Drachten, 25 july 1898 - It Hearrenfean, 19 maart 1968)[1] wie in Frysk ûnderwizer, sjoernalist en taalaktivist,[2] en ien fan 'e ynfloedrykste Frysktalige dichters fan 'e tweintichste iuw.[3][4] Doe't er yn 1951 foarkomme moast fanwegen mislediging fan in rjochter dy't wegere Frysk te ferstean, late dat ta Kneppelfreed, in opskuor op it Ljouwerter Saailân dy't úteinlik in wichtige ferbettering fan 'e steatsrjochtlike posysje fan 'e Fryske taal fan gefolgen hie.[5] Dêrnjonken wie Schurer as politikus yn 't spier foar de kristensosjalistyske Kristlik-Demokratyske Uny (CDU) en letter siet er yn 'e Twadde Keamer foar de Partij fan de Arbeid.[6] Teffens wied er ien fan 'e foaroanmannen fan it Kristlik Frysk Selskip en sette er him tige yn foar it Frysk yn 'e tsjerken.[7]

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid, oplieding en houlik[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fedde Schurer waard berne yn Drachten as ien fan 'e fjouwer bern yn 'e grifformearde húshâlding fan Bouke Schurer en Grietje Wagenaar. Hy hie twa âldere susters, Willemke ("Wim") fan 1891 en Klaske ("Klas") fan 1892, en in âldere broer, Tsjipke ("Tsjip") fan 1894. Tusken Tsjip en himsels hiene noch twa yn 'e widze ferstoarne poppen sitten, wêrfan't de âldste ek Fedde hjitten hie en de jongste nammeleas bleaun wie.[8] Yn 1904, doe't Schurer seis jier wie, ferfear it gesin nei in arbeidershúske oan 'e seedyk ûnder De Lemmer,[9][10] dêr't er fierder opgroeide en nei de legere skoalle gie.[11]

Mei tolve jier[12] moast Schurer by baas Eelke Jabiks op 'e Lemmer oan it wurk as timmermansfeintsje.[13] De stúdzje loek him lykwols: yn 'e jûnsoeren gie Schurer nei de faktekenskoalle en úteinlik folge er in ûnderwizersoplieding.[14] Syn earste oanstelling krige er yn 1919 oan 'e bysûndere legere skoalle op 'e Lemmer, dêr't er sels ek op sitten hie.[15] Syn frou Willemke "Willy" de Vries, dy't skoaljuffer wie en oan deselde skoalle stie, koed er al út syn jierren as timmerfeint, mei't sy it fanke wie dat eltse dei de krante yn 'e timmerwinkel brocht.[16] Schurer en Willy trouden op 1 july 1924, en hoewol't harren houkik sûnder bern bleau, namen hja letter in jonkje oan, dat fan Andries kaam te hjitten.[17][18]

Rebûlje op 'e Lemmer en nije kânsen yn Amsterdam[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e tweintiger jierren ûntjoech de kristensosjalist Fedde Schurer him ta fûleindich en iepentlik pasifist. Sa publisearre er ferskate brosjueres oer kristendom en oarloch (twa konsepten dy't neffens him net mei-inoar te ferienjen wiene).[19] Mei't it pasifisme doedestiden troch de fêstige oarder as in ferdjerlike en gefaarlike libbensoertsjûging beskôge waard, brocht dit him op 'e Lemmer yn konflikt mei sawol de grifformearde tsjerkeried as it skoalbestjoer, dat syn wurkjouwer wie. Yn in opsjen jaande saak late dat der úteinlik ta dat Schurer, dy't net omlyk woe, dien krige.[20][21] Neitiid ferfear er Amsterdam, dêr't er in oanstelling oan in iepenbiere legere skoalle krije koe.[22][23]

Schurer wie in bejeftige sprekker, en waard ek geregeldwei as sadanich frege. Syn pasifistyske en sosjalistyske ideeën wiene genôch om guon lju tige senuweftich te meitsjen; dêrfandinne dat de BVD, de Nederlânske geheime tsjinst, in dossier oer him oanlei.[24] Schurer krige dit dossier al rillegau sels ûnder eagen, mar beskôge it as in eareteken,[25] en syn pasifistyske gedachteguod bleau er oant syn dea trou. Under de Twadde Wrâldoarloch wied er belutsen by it Nederlânsk ferset yn Amsterdam, en waard syn wente brûkt as in tydlik skûlplak foar ûnderdûkers, foar't dy de stêd út en nei feiliger oarden ta brocht wurde koene.[26]

Werom yn Fryslân[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei de oarloch kearde Schurer mei syn gesin werom nei Fryslân, dêr't se har nei wenjen setten op it Hearrenfean. Hy fûn wurk as haadredakteur by de Fryske Koerier, ien fan 'e mar in pear fersetsbledsjes út 'e yllegaliteit dy't har nei 1945 ta folweardige kranten ûntjaan koene.[27][28][29] Fan jongs ôf oan hie Schurer in fûleindich pleitbesoarger foar it Frysk west. As tweintichjierrige jongfeint wied er in hoart lid fan 'e Jongfryske Mienskip, mar al gaueftich wied er oerstapt nei it Kristlik Frysk Selskip, dêr't er in skoft bestjoerslid fan west hie.[30] Doe't yn 1950 yn in rjochtsaak tsjin twa molktapers út Aldeboarn en yn 1951 jitris yn in saak tsjin 'e bistedokter Sjirk Frânses van der Burg fan 'e Lemmer de rjochter, mr. S.R. Wolthers, de fertochten lytsachtsjend taspriek om't se yn 'e rjochtseal har memmetaal prate woene, en boppedat offisjeel wegere om har te ferstean (hoewol't er dat wol koe),[31] mong Schurer him as kranteman yn it dêrtroch feroarsake trelit. Yn in haadartikel yn 'e Fryske Koerier feroardiele er Wolthers syn optreden as "lytsbernich, misledigjend en narjend", wylst er de rjochter en syn lyksinnige kollega's ferlike mei de Swarte Heap, de binde moardzjende en plonderjende Saksyske hierlingen dêr't Fryslân yn Grutte Pier syn tiid sa fan te lijen hie. De titel fan syn artikel wie dan ek: De laatste man van de Zwarte Hoop, wat op Wolthers sloech.[32][33] Dêrop waard er oanklage foar kwealaster, en moast er tegearre mei Tsjebbe de Jong, dy't yn it Boalserter Nijsblêd soartgelikense útlittings dien hie, op freed 16 novimber 1951 foarkomme yn it Paleis fan Justysje te Ljouwert.[34]

Kneppelfreed[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op it Saailân, foar it Paleis fan Justysje, kaam dy deis in grutte macht folk gear. Der wiene guon sympatisanten fan Schurer by (wêrûnder grutte nammen út 'e Fryske literêre fermiddens, lykas Douwe Tamminga, Anne Wadman en Eeltsje Boates Folkertsma), fierders party Fryske nasjonalisten, de leden fan 'e Frysktalige skriuwende parse dy't net yn 'e rjochtseal talitten waarden (sabeare om't dy te lyts wêze soe) en ek in groep studinten mei spandoeken. Mar freeds wie it sawol merk as feemerk yn Ljouwert, en it meastepart fan it folk bestie ienfâldichwei út leden fan it winkeljend publyk en boeren en keaplju dy't fan 'e feemerk kamen, en dy't gearklofte wiene om te sjen wat der te rêden wie.[35] Troch in dwersferkeard optreden fan 'e plysje,[36] rûn it spul folslein út 'e hân en draaide it út op 'e opskuor dy't bekend wurden is ûnder de namme fan Kneppelfreed, nei de wapens dy't de plysje brûkte om op 'e mannichte yn te huffen.[37][38]

It stânbyld fan Fedde Schurer op It Hearrenfean, yn 1974 makke troch Guus Hellegers.

Kneppelfreed sloech yn Fryslân yn as in bom. Nea earder hiene de autoriteiten har op sa'n manear tsjin it folk keard. Rûnom yn 'e provinsje waarden protestgearkomsten holden dêr't lulke Friezen fan har ôfbieten.[39][40] It barren helle sels de bûtenlânske kranten,[41] en yn 'e Twadde Keamer waarden fragen steld troch û.m. Johan Scheps (PvdA) en âld-premier Pieter Sjoerds Gerbrandy (ARP).[42] Op 't langelêst waard fan it Nederlânsk regear yn De Haach in kommisje besteande út trije ministers nei Fryslân ta stjoerd om út te finen wat de Friezen woene.[43] Dat resultearre úteinlik yn oanpassings oan 'e Nederlânske wetjouwing, dy't Friezen tenei û.m. it rjocht joegen om yn 'e rjochtseal Frysk te praten en dy't harren taal yn Fryslân de status fan "twadde rykstaal" joegen.[44][45] Kneppelfreed wurdt noch altyd beskôge as ien fan wichtichste mylpeallen op it mêd fan 'e emansipaasje fan 'e Fryske taal.[46] Wat Schurer ditoangeande oanbelanget, dy ferlear syn rjochtsaak, en nei syn heger berop moast er úteinlik in boete betelje.[47][48]

Yn 'e polityk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Schurer wie al fan jongs ôf oan op 'e siik nei pasifistyske lyksinnigen yn 'e Nederlânske polityk, mar syn probleem wie dat er net folle op hie mei it politike hânwurk. Op jonge jierren preau er fanút syn grifformearde eftergûn oan 'e Anty-Revolúsjonêre Partij (ARP), mar dêr kearde er him, teloarsteld yn it belied fan Hendrik Colijn, al rillegau fan ôf. Neitiid joech er him by de Kristlik-Demokratyske Uny (CDU), in kristensosjalistyske splinterpartij, en yn 1929 wied er by de Twadde-Keamerferkiezings, tegearre mei Douwe Kalma, foar dy partij listlûker yn Fryslân.[49] Yn syn Hollânske tiid siet er yn 1935-1936 foar de CDU yn 'e Provinsjale Steaten fan Noard-Hollân. Hy koe syn draai dêr lykwols net fine, dat nei in jier joech er syn sit op.[50] Noch foàr de oarloch, yn 1938, stapte er oer nei de sosjalistyske SDAP,[51] dy't yn 1946 yn 'e mande mei de CDU en de VDB opgie yn 'e nije Partij fan de Arbeid. Fan 1956 oant 1963 siet er foar dy partij yn 'e Twadde Keamer.[52]

Schurer as skriuwer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

As skriuwer, dichter en sjoernalist brûkte Schurer in grut tal pseudonimen: Louw Brants, Bouke, F. Boukes, Edzard, S. Gerlofs, S.N. Iselbank, Sjolle Kreamer, Arend van der Meer, J. Melkema, Jelle Oenes, Pier Protter, (Jelle) Rippen, J. Stranger en F(rank) Wagenaar.[53] As dichter wied er ien fan 'e meast ferneamde en ynfloedrykste stimmen út 'e Frysktalige literatuer fan 'e tweintichste iuw.[54] Syn earste wurk Fersen brocht er út yn 1925, en dêrnei ferskynde der sawat om 'e fiif jier in nije dichtbondel fan him. Dêrnjonken wied er ek aktyf as skriuwer, mar syn proaza-oeuvre, dat inkeld bestiet út Bast en Beam (1963), dêr't syn koarte ferhalen yn gearbrocht binne, en syn ûnfoltôge en postúm publisearre autobiografy De Besleine Spegel (1969), falt suver yn it neat yn ferliking mei syn poëzij.[55]

Schurer skreau ek twa toanielstikken. Foar Simson (1945), in bibelske trageedzje oer de Israelityske rjochter Simson, krige er yn 1949 de Gysbert Japicxpriis. Syn oare stik wie Bonifatius (1954), in histoaryske trageedzje oer de yn 754 by Dokkum fermoarde biskop en sindeling fan dy namme. Ut syn kar fan ûnderwerpen docht Schurer syn fassinaasje mei it kristendom bliken, dy't him, nettsjinsteande syn politike opfettings, syn libben lang by bleau. Fierders wied er ek wurksum as oersetter. Sa brocht er yn 1931 in bondel fan 'e Dútske dichter Heinrich Heine oer nei it Frysk, en teffens wied er ferantwurdlik foar de tekst fan it bibelboek Ester, yn 'e Nije Fryske Bibeloersetting (dy't pas lang nei syn dea, yn 1978 útkomme soe).[56]

Ferstjerren en earbetoan[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fedde Schurer kaam op 19 maart 1968 hommels te ferstjerren yn syn wenplak It Hearrenfean.[57] Yn syn typmasine siet doe noch side 199 fan syn autobiografy De Besleine Spegel, dy't sadwaande op dat plak ynienen ophâldt.[58] Yn 1984 stelden Deputearre Steaten fan Fryslân in debutantepriis yn foar Fryske skriuwers en dichters, dy't se de Fedde Schurerpriis neamden. De winner wurdt oanwiisd troch Deputearre Steaten, op foardracht fan in faksjuery. Sûnt 2005 bestiet dêrnjonken de Fedde Schurer-publykspriis, dy't allyksa ynsteld is troch de provinsje, mar wêrfan't de winner útornearre wurdt troch it lêzend publyk. Op 19 maart 2018, persiis fyftich jier nei Schurer syn ferstjerren, waard der in Fedde Schurer-betinking holden yn 'e Sionstsjerke op It Hearrenfean.[59]

sitaat

Der is dit witten det ús driuwt:
wy gean foarby en Fryslân bliuwt.

Wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tinkstien foar Kneppelfreed mei in gedicht fan Schurer:
Lit dan krûpe dat net gean doar / Lit dan bûge dat net stean doar – / Dy't gjin krûpen learde giet, / Dy't fan bûgjen frjemd bleau stiet, / Heech it hert, heech de kop: / Frysk bloed, tsjoch op!

Poëzij[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 1925 - Fersen
  • 1931 - Utflecht
  • 1936 - Op Alle Winen
  • 1940 - Fen Twa Wâllen
  • 1947 - It Boek fan de Psalmen
  • 1949 - Vox Humana
  • 1955 - Frysk Psalm- en Gesangboek
  • 1955 - Fingerprinten
  • 1966 - Efter it Nijs
  • 1966 - Opheind en Trochjown
  • 1966 - De Gitaer by it Boek, part 1
  • 1969 - De Gitaer by it Boek, part 2
  • 1974 - Samle Fersen (werprinte in 1975)

Proaza[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 1963 – Beam en Bast (koarte ferhalen)
  • 1963 – Brood op het Water (bondel fan Schurer syn haadartikels út 'e Fryske Koerier, foar in diel yn it Nederlânsk)
  • 1969 – De Besleine Spegel (ûnfoltôge autobiografy, werútjûn yn 1998 yn it Frysk en it Nederlânsk, en yn 2010 yn it Frysk)

Toaniel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 1945 – Simson
  • 1954 – Bonifatius

Oersettings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Prizen en nominaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jier Priis Resultaat Kategory Foar
1945 Fersetspriis foar Letterkundigen wûn n.f.t. foar syn dichtwurk yn it Frysk en it Nederlânsk
1949 Gysbert Japicxpriis wûn n.f.t. Simson
beriming fan It Boek fan de Psalmen

Trivia[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Neffens Martin van Amerongen is de Heine-oersetting fan Fedde Schurer de bêste fan Nederlân.[60] Wierskynlik hat dy loovjende krityk mei laat ta de werútjefte fan 'e fersebondel yn 1999.
  • Schurer wie syn hiele libben befreone mei de bekende predikant Jan Buskes.
  • Op It Hearrenfean is in Fedde Schurerplein. Oan dit plein sit in lokaasje fan 'e Iepenbiere Skoallemienskip "Sevenwolden", dy't ek nei Fedde Schurer neamd is.
  • Der is in Spurt (trein) nei Fedde Schurer neamd.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Fedde Schurer yn 'e Digitale Bibliotheek voor de Nederlandse Letteren (DBNL)
  2. Klaes Dykstra en Bouke Oldenhof, Lyts Hânboek fan de Fryske Literatuer, Ljouwert (Afûk), 1997, s. 92
  3. Johanneke Liemburg, Fedde Schurer (1898-1968): Biografie van een Friese Koerier, Ljouwert (Friese Pers/Noordboek), 2010
  4. Fedde Schurer yn it Biografisch Woordenboek van het Socialisme en de Arbeidersbeweging in Nederland
  5. Peter R. Boomsma, Kneppelfreed, Frjentsjer (Uitgeverij Van Wijnen), 1998, s. 9
  6. Klaes Dykstra en Bouke Oldenhof, Lyts Hânboek fan de Fryske Literatuer, Ljouwert (Afûk), 1997, s. 92
  7. Klaes Dykstra en Bouke Oldenhof, Lyts Hânboek fan de Fryske Literatuer, Ljouwert (Afûk), 1997, s. 92
  8. Fedde Schurer, De Besleine Spegel, Amsterdam (Moussault's Uitgeverij N.V.), 1969, s. 5
  9. Fedde Schurer, De Besleine Spegel, Amsterdam (Moussault's Uitgeverij N.V.), 1969, s. 20
  10. Fedde Schurer yn it Biografisch Woordenboek van het Socialisme en de Arbeidersbeweging in Nederland
  11. Fedde Schurer, De Besleine Spegel, Amsterdam (Moussault's Uitgeverij N.V.), 1969, s. 18-30
  12. Fedde Schurer, De Besleine Spegel, Amsterdam (Moussault's Uitgeverij N.V.), 1969, s. 31
  13. Fedde Schurer, De Besleine Spegel, Amsterdam (Moussault's Uitgeverij N.V.), 1969, s. 31-41
  14. Fedde Schurer, De Besleine Spegel, Amsterdam (Moussault's Uitgeverij N.V.), 1969, s. 31-41
  15. Fedde Schurer yn it Biografisch Woordenboek van het Socialisme en de Arbeidersbeweging in Nederland
  16. Fedde Schurer, De Besleine Spegel, Amsterdam (Moussault's Uitgeverij N.V.), 1969, s. 49
  17. Fedde Schurer yn it Biografisch Woordenboek van het Socialisme en de Arbeidersbeweging in Nederland
  18. Beheinde biografy fan Fedde Schurer
  19. Fedde Schurer yn it Biografisch Woordenboek van het Socialisme en de Arbeidersbeweging in Nederland
  20. Fedde Schurer, De Besleine Spegel, Amsterdam (Moussault's Uitgeverij N.V.), 1969, s. 65-96
  21. Fedde Schurer yn it Biografisch Woordenboek van het Socialisme en de Arbeidersbeweging in Nederland
  22. Fedde Schurer, De Besleine Spegel, Amsterdam (Moussault's Uitgeverij N.V.), 1969, s. 96
  23. Fedde Schurer yn it Biografisch Woordenboek van het Socialisme en de Arbeidersbeweging in Nederland
  24. Beheinde biografy fan Fedde Schurer (ûnder it kopke Talentvol en gevaarlijk spreker: "Yn in BVD-dossier wurdt Schurer sjoen as "Talintfol en gefaarlik sprekker, yn 't bysûnder gefaarlik foar jonge minsken.")
  25. Fedde Schurer, De Besleine Spegel, Amsterdam (Moussault's Uitgeverij N.V.), 1969, s. 89
  26. Fedde Schurer, De Besleine Spegel, Amsterdam (Moussault's Uitgeverij N.V.), 1969, s. 126-134
  27. Fedde Schurer, De Besleine Spegel, Amsterdam (Moussault's Uitgeverij N.V.), 1969, s. 148-152
  28. Fedde Schurer yn it Biografisch Woordenboek van het Socialisme en de Arbeidersbeweging in Nederland
  29. Peter R. Boomsma, Kneppelfreed, Frjentsjer (Uitgeverij Van Wijnen), 1998, s. 16-19
  30. Fedde Schurer, De Besleine Spegel, Amsterdam (Moussault's Uitgeverij N.V.), 1969, s. 54-56
  31. Peter R. Boomsma, Kneppelfreed, Frjentsjer (Uitgeverij Van Wijnen), 1998, s. 24-27, 33/34
  32. Fedde Schurer, De Besleine Spegel, Amsterdam (Moussault's Uitgeverij N.V.), 1969, s. 164-166
  33. Peter R. Boomsma, Kneppelfreed, Frjentsjer (Uitgeverij Van Wijnen), 1998, s. 34-36
  34. Peter R. Boomsma, Kneppelfreed, Frjentsjer (Uitgeverij Van Wijnen), 1998, s. 37/38
  35. Peter R. Boomsma, Kneppelfreed, Frjentsjer (Uitgeverij Van Wijnen), 1998, s. 44-47
  36. Peter R. Boomsma, Kneppelfreed, Frjentsjer (Uitgeverij Van Wijnen), 1998, s. 47-49
  37. Fedde Schurer, De Besleine Spegel, Amsterdam (Moussault's Uitgeverij N.V.), 1969, s. 168-170
  38. Peter R. Boomsma, Kneppelfreed, Frjentsjer (Uitgeverij Van Wijnen), 1998, s. 49-53
  39. Fedde Schurer, De Besleine Spegel, Amsterdam (Moussault's Uitgeverij N.V.), 1969, s. 170-171
  40. Peter R. Boomsma, Kneppelfreed, Frjentsjer (Uitgeverij Van Wijnen), 1998, s. 54-60 en 65-68
  41. Fedde Schurer, De Besleine Spegel, Amsterdam (Moussault's Uitgeverij N.V.), 1969, s. 177
  42. Peter R. Boomsma, Kneppelfreed, Frjentsjer (Uitgeverij Van Wijnen), 1998, s. 68-74
  43. Peter R. Boomsma, Kneppelfreed, Frjentsjer (Uitgeverij Van Wijnen), 1998, s. 76-78
  44. Fedde Schurer, De Besleine Spegel, Amsterdam (Moussault's Uitgeverij N.V.), 1969, s. 174-183
  45. Peter R. Boomsma, Kneppelfreed, Frjentsjer (Uitgeverij Van Wijnen), 1998, s. 99-107
  46. Peter R. Boomsma, Kneppelfreed, Frjentsjer (Uitgeverij Van Wijnen), 1998, s. 9
  47. Fedde Schurer, De Besleine Spegel, Amsterdam (Moussault's Uitgeverij N.V.), 1969, s. 163-168 en 171-173
  48. Peter R. Boomsma, Kneppelfreed, Frjentsjer (Uitgeverij Van Wijnen), 1998, s. 39-44 en 82-92
  49. Fedde Schurer yn it Biografisch Woordenboek van het Socialisme en de Arbeidersbeweging in Nederland
  50. Fedde Schurer yn it Biografisch Woordenboek van het Socialisme en de Arbeidersbeweging in Nederland
  51. Fedde Schurer yn it Biografisch Woordenboek van het Socialisme en de Arbeidersbeweging in Nederland
  52. Fedde Schurer yn it Biografisch Woordenboek van het Socialisme en de Arbeidersbeweging in Nederland
  53. Fedde Schurer yn it Biografisch Woordenboek van het Socialisme en de Arbeidersbeweging in Nederland
  54. Klaes Dykstra en Bouke Oldenhof, Lyts Hânboek fan de Fryske Literatuer, Ljouwert (Afûk), 1997, s. 92
  55. Klaes Dykstra en Bouke Oldenhof, Lyts Hânboek fan de Fryske Literatuer, Ljouwert (Afûk), 1997, p. 92
  56. Klaes Dykstra en Bouke Oldenhof, Lyts Hânboek fan de Fryske Literatuer, Ljouwert (Afûk), 1997, s. 92-93
  57. Fedde Schurer yn 'e Digitale Bibliotheek voor de Nederlandse Letteren
  58. Fedde Schurer, De Besleine Spegel, Amsterdam (Moussault's Uitgeverij N.V.), 1969, s. 199
  59. Wiebe van der Hout, Schurer geëerd in kerk die hij verliet, yn: de Ljouwerter Krante, 20 maart 2018, s. 26.
  60. Martin van Amerongen, In Maaiemoanne, yn: De Groene Amsterdammer, 4 juny 1997