Kristensosjalisme

Ut Wikipedy

Kristensosjalisme is in streaming yn it religieusk-sosjalisme. Kristensosjalisten miene dat Jezus Kristus de earste sosjalist wie, en dat men yn mienskip fan goed libje moatte soe (of yn elts gefal sober libje moatte soe), yn oerienstimming mei Hannelingen 2 en 4, dêr't eat oer it libben fam de earste kristenmienskip ferhelle wurdt.

Yn it generaal is men tsjin militarisme, is men pasifistysk en stribbet men in sosjalistyske maatskippij nei. It Evangeelje, benammen de Berchrede is foar harren tige wichtich.

Yn it bûtenlân[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It kristensosjalisme wie en is fral bekend yn Grut-Brittanje, dêr't de Christian-Socialist Movement part is fan de Labour Party. Bekende Britske kristensosjalisten wiene: Frederick Denison Maurice, Charles Kingsley, Thomas Hughes, James Keir Hardie, Philip Snowden, Sir Stafford Cripps, Tom Mann, Katharine Glasier, Margaret McMillan, Rachel McMillan en Arthur Henderson.

Yn de Feriene Steaten wiene by de oprjochters fan de American Socialist Party kristensosjalisten, sa as Norman Thomas en Upton Sinclair.

Ek de lettere befrijingsteology, in streaming yn de roomsk-katolike tsjerke dy't foaral yn Latynsk-Amearika neifolging fûn, kin ta it kristensosjalisme rekkene wurde.

Yn Nederlân[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Nederlân wie de kristensosjalistyske beweging fral warber om de Earste Wrâldkriich hinne.

De bekendste Nederlânske kristensosjalist wie ds. Willem Banning, in foaroansteand lid fan de SDAP en letter fan de PvdA. Inkele oare kristensosjalisten:

Ta it kristensosjalisme wurde net de kristenen rekkene, dy't harren oansletten by sosjalistyske partijen, om't sy as kristen de sosjalistyske polityk foarstean. Dy kristenen stiene meast ûnder ynfloed fan de Switserske ds. Karl Barth, dy't sels in oertsjûge sosjalist wie. Syn oanhang, de bartianen, sletten har bewust oan by de sosjaaldemokratyske, sels radikaal-sosjalistyske partijen oan, omdat se kristlike partijfoarming ôfwiisden: men operearret fanút jins libbensoertsjûging yn de sosjalistyske partij. Wol wie der de Christelijk Democratische Unie, dêr't in soad bartianen lid fan wienen. De bekendste Nederlânske kristenen oansletten by sosjalistyske partijen wiene:

Literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Noordegraaf, Herman, Het christen-socialisme van John William Kruyt en Truus Kruyt-Hogerzeil. Voorburg 1990.
  • Noordegraaf, Herman, Niet met de wapenen der barbaren. Het christen-socialisme van Bart de Ligt. Baarn 1994.
  • Noordegraaf, Herman, 'Antimilitarisme in het begin van deze eeuw. De bijdrage van Jos. Giesen (1881-1932), yn: Transaktie jiergong 26, 1997, nûmer 1, sd. 11-32.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: