Springe nei ynhâld

Fedde Schurer-betinking

Ut Wikipedy
Fedde Schurer-betinking
plak en tiid
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente It Hearrenfean (gem.)
plak It Hearrenfean (plak)
holden yn Sionstsjerke
datum 19 maart 2018
bysûnderheden
oanlieding ferstjerren fan Fedde Schurer
   50 jier lyn
soarte evenemint betinking

De Fedde Schurer-betinking wie in betinking fan it libben fan 'e grutte Fryske dichter, skriuwer en kranteman Fedde Schurer, dy't troch syn bân mei Kneppelfreed foar ivich ferbûn wêze sil mei de Fryske taalstriid. Dizze gearkomste waard holden op 'e jûn fan 19 maart 2018, doe't it persiis fyftich jier lyn wie dat Schurer (op 19 maart 1968) sa hommels weirekke. It plak fan 'e betinking, de eardere grifformearde Sionstsjerke op It Hearrenfean, wie net tafallich keazen: dit wie deselde tsjerke dêr't Schurer fanwegen syn pasifistyske opfettings op in stuit út 'e gemeente set waard.

Fedde Schurer.

De betinking hie de namme krigen As in Mosk yn it Sân, ferwizend nei ien fan Schurer syn teksten. De iepening hie dien wurde sillen troch Hans Broekhuizen, wethâlder fan Kulturele Saken fan 'e Gemeente It Hearrenfean, mar dy sei op it lêste momint ôf om't er him oan 'e kampanje wije woe foar de gemeenteriedsferkiezings dy't op 21 maart holden wurde soene. De jûn bestie út inkele koarte taspraken en in pear âlde byldfragminten fan Schurer mei syn ûnôfskiedlike piip yn 'e mûle. It grutste part fan it program bestie lykwols út muzyk.

Trettjin lieten fan Schurer (eins op muzyk sette gedichten) waarden songen troch it foar de gelegenheid ta 32 sjongers en 3 begelieders útwoeksen Kwartettekoar ûnder lieding fan Hindrik van der Meer, te begjinnen mei As in Mosk yn it Sân. Teffens waarden fjouwer fan syn gedichten foardroegen. Der waard stilstien by Schurer syn rol as sjoernalist en taalstrider, mar ek by syn artistike karriêre as dichter. It publyk song mei útset lûd mei by lieten as In Spyltúch Bin Ik yn Gods Hân (dat by syn libben net yn 'e Sionstsjerke klinke mocht fanwegen de antymilitaristyske sentiminten yn dat fers), en It Feintsje fan Menaam, dat Schurer skreau foar de brulloft fan Ype Poortinga, en dat wierskynlik syn bekendste liet is. In op 'e gearkomste sitearre útspraak fan Eeltsje Boates Folkertsma wie lykwols: "It bêste fers dat Fedde Schurer skreaun hat, is syn eigen libben."

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Hout, Wiebe van der, Schurer geëerd in kerk die hij verliet, yn: de Ljouwerter Krante, 20 maart 2018, s. 26.