Ype Poortinga

Ut Wikipedy
Ype Poortinga
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
echte namme Ype Rinses Poortinga
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 28 maaie 1910
berteplak Rinsumageast
stoarn 2 desimber 1985
stjerplak Ljouwert
etnisiteit Frysk
wurk
taal Frysk
sjenre Romans
prizen Gysbert Japicxpriis (1950)

Ype Rinses Poortinga (Rinsumageast, 28 maaie 1910 - Ljouwert, 2 desimber 1985) wie in Fryske skriuwer. Syn heit buorke op de pleats dy't op it plak stiet fan de eardere Tjaarda State, neist de herfoarme tsjerke fan Rinsumageast, dêr't ek in strjitte nei Poortinga neamd is, de 'Dr. Ype Poortingawei'.

Hy studearre Dútsk oan de Universiteit fan Grins en promovearre yn 1940 mei de yn it Frysk skreaune dissertaasje It Fryske Folkstoaniel 1860-1930.

Poortinga wie wittenskiplik meiwurker fan de Fryske Akademy (û.o. wurk oan it Frysk Wurdboek) en letter ek adjunkt-direkteur fan dat ynstitút. Teffens hat er redakteur fan it wykblêd Frysk en Frij west.

Mei Douwe Tamminga hied er fan 1966 ôf it taalkundige tafersjoch oer de Nije Fryske Bibeloersetting, dy't yn 1978 útkaam.

Ype Poortinga gou as in kenner fan it 19e iuwske folkslibben en hat fan 1972 oant 1977, mei Dam Jaarsma, in protte folksferhalen fêstlein foar it Meertens Ynstitút te Amsterdam.

Foar syn histoaryske roman Elbrich (1950) waard Poortinga de Gysbert Japicxpriis takend.

Bibliografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 1938 - Noedlik doel
  • 1940 - It Fryske Folkstoaniel 1860-1930
  • 1942 - Sinneblink
  • 1946 - De jonkerboer
  • 1947-1949 - Elbrich
  • 1949 - Bline leafde
  • 1966 - Ik haw in man stellen
  • 1967 - Duveldei op Grienlân (Oer robbeslach, walfiskfangst, skipbrek en oerlibje yn Grienlân, basearre op it deiboek fan kommandeaur Hidde Dirks Kat.)
  • 1970 - Kin myn hynder hjir ek stâltje?
  • 1976 - Och, myn leave jonge
  • 1982 - Fryske folksforhalen: Hûndert pûn klûntsjes en in karre fol lytsjild
  • 1982 - Twa dagen dokter
  • 1983 - It bûnte boek
  • 1986 - De skat ûnder de parrebeam
  • 1986 - Ik ha 't ris hân (De sterke ferhalen fan Jan Hepkes Wouda opskreaun troch Ype Poortinga).

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]