Frysk en Frij (wykblêd)

Ut Wikipedy
Frysk en Frij
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Nederlânsk
taal Frysk
sjenre literatuer
frekwinsje 1 × wyks
bestean 1945-1966
oprjochter Selskip foar Fryske Taal en Skriftekennisse, Roomsk Frysk Bûn en it Bûn fan Frysk Nasjonale Jongerein.
tal abonnees 20.000 - 2500

Fryske en Frij wie in wykblêd dat mids 1945 foar it earst ferskynde as útjefte fan it Selskip foar Fryske Taal en Skriftekennisse, it Roomsk Frysk Bûn en it Bûn fan Frysk Nasjonale Jongerein.

It blêd kaam, nei in perioade fan bloei (mei op it hichtepunt - it wol bestride oantal fan - 20.000 abonnees), yn de jierren '50 yn moeilikheden, doe't de selskippen har weromlutsen. Ein 1956 drige it blêd al te ferdwinen, mar by in bliksemaksje koe genôch jild oprûn wurde om it blêd mooglik te meitsjen. De útjouwende parseferiening Freonen fan Frysk en Frij besocht mei ferskillende aksjes yn de jierren '60 om it blêd nij libben yn te blazen, mar op 28 oktober 1966 kaam it lêste nûmer út. Redakteuren wiene doe Pieter Terpstra en Durk van der Ploeg. It blêd hie doe ± 2500 abonnees. In soad wurk waard fersetten troch Boucke Visser.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: