Douwe Tamminga

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Douwe Tamminga
Livro preto.svg skriuwer
Jan Tjittes Piebenga (l.), de Noardfries Carsten Boysen en Douwe Annes Tamminga yn Noard-Fryslân (1930)
Jan Tjittes Piebenga (l.), de Noardfries Carsten Boysen en Douwe Annes Tamminga yn Noard-Fryslân (1930)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Douwe Annes Tamminga
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
berne 22 novimber 1909
berteplak Winsum
stoarn 5 april 2002 (92 jier)
stjerplak Ljouwert
etnisiteit Frysk
wurk
taal flagge fan Fryslân Frysk
sjenre Poëzy, Proaz
prizen sjoch tekst

Douwe Annes Tamminga (Winsum, 22 novimber 1909 - Ljouwert, 5 april 2002) wie in Frysk dichter, proazaskriuwer en oersetter.

Biografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tusken 1946 en 1968 wurke hy mei oan it literêre tydskrift De Tsjerne. Tamminga wie lange tyd ferbûn oan de Fryske Akademy wêr't hy meiwurke oan it Frysk Wurdboek. Hy hat wurk fan Hans Christian Andersen, Edgar Allen Poe en Dylan Thomas nei it Frysk oersetten. Hy hat in soad dichtbondels skreaun, wêrfan't Yn memoriam, wijd oan syn ferstoarne soan, de bekendste is. Dizze bondel waard yn 1975 oersetten nei it Nederlânsk troch Theun de Vries. Mei Ype Poortinga hied er fan 1966 ôf it taalkundige tafersjoch oer de Nije Fryske Bibeloersetting, dy't yn 1978 útkaam.

Prizen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Bibliografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Eigen wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 1939 - Brandaris
  • 1942 - Balladen en lieten
  • 1942 - It liet fen de Wylde Mier
  • 1943 - It griene jier
  • 1945 - Nije gedichten
  • 1945 - Weitsrop
  • 1948 - Styl en stavering
  • 1950 - De Hogerhuis-saek
  • 1954 - God wol it
  • 1956 - Balladen
  • 1956 - Hwa? Hwat? Hwerre?
  • 1963-1973 - Op 'e taelhelling
  • 1968 - Yn memoriam
  • 1969 - Mei fleur en faesje
  • 1971 - Forkearspsalm
  • 1973 - Dagen fan heil
  • 1973 - Tsien psalmen
  • 1978 - Frjemdfolk op Barrahiem
  • 1979 - Stapstiennen
  • 1981 - Fan hearren en sizzen
  • 1985 - De boumaster fan de Aldehou
  • 1985 - Kantekers

Oersettings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tamminga-Piebenga-Fûns[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei it ferstjerren fan Douwe Tamminga die bliken dat hy by testamint bepaald hie dat der in Tamminga-Piebenga-Fûns stifte wurde moast, dêr't literêre inisjativen út bekostige wurde kinne soene. It behear fan it Tamminga-Piebenga-Fûns wurdt fierd troch de Stifting It Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum. Ien fan de doelen dêr't it fûns û.o. foar brûkt wurdt is it ûnderhâld fan de troch Rink van der Velde neilitten wenarke op De Feanhoop, dêr't skriuwers gebrûk fan meitsje kinne om in pear wike yn alle rêst oan literêr wurk te arbeidzjen.

Fierder lêze[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]