Winsum (Fryslân)
| |||||
![]() | |||||
Gemeente | De Waadhoeke | ||||
Ynwennertal (2017) | 1.038 | ||||
Webstee | Webstee Winsum |

Winsum is in Frysk doarp yn 'e gemeente De Waadhoeke. It doarp leit noardwest fan Easterlittens ynklamme tusken de N384 en de Frjentsjerter Feart. Oant de gemeentlike weryndieling yn 2018 makke Winsum as ien fan 'e 29 doarpen diel út fan 'e gemeente Littenseradiel, en foar de weryndieling fan 1984 wie it ien fan 'e fyftjin doarpen fan Baarderadiel. Binnen dy gemeente wie it it grutste plak, mei't it mear ynwenners hie as it haadplak Mantgum. Op 1 jannewaris 2017 hie Winsum in befolking fan 1.038 minsken. It doarp stiet benammen bekend om it Frysk Kampioenskip Fierljeppen dat der elts jier yn augustus holden wurdt.
Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
By opgravings fan de eartiidske terp yn Winsum is dúdlik wurden dat der earste helte 1e iuw al minsken wennen. Hiel bysûnder wienen de Romeinske fynsten lykas muntsjes dy't dien binne. Neist de Romeinske haven fan Felsen (Noard-Hollân) is Winsum nammentlik it iennichste plak yn Nederlân dêr't oant no ta de oanwêzigens fan Romeinske soldaten bûten de Romeinske ryksgrins bewiisd is. Spoaren fan in Romeinsk kamp binne lykwols net oantroffen.
Yn 1586 waard Winsum troch de Spaanske troepen delbaarnd.
By it ferfangen fan de houten flier yn de herfoarme tsjerke fan Winsum yn 2010 binne sân bysûndere grêfstiennen foar it ljocht kaam. It bestean fan 14 stiennen wie bekend, mar der blike 21 grêven ûnder de flier te lizzen. Fiif dêrfan binne fan Roomsken: sa lizze der foarâlders fan pater Titus Brandsma begroeven. Fierders waard it grêf fan de earste dûmny fan Winsum ûntdutsen, dy't yn 1599 stoar. De stiennen binne 100 jier lyn by in renovaasje ûnder de flier fuortwurke. Op in oar grêf dat koartlyn foar it ljocht kaam stiet skreaun dat de ferstoarne genôch jild achterlitten hat foar it behâld fan syn rêstplak en dat it grêf net iepene wurde mei.
Oant de gemeentlike weryndieling yn 1984, makke Winsum diel út fan de gemeente Baarderadiel. Neitiid hearde it doarp fan 1984 oant 2018 by Littenseradiel.
Ferskaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- Winsum is groeid út twa histoaryske buorrens: de Tsjerkebuorren (it eigentlike Winsum) om 'e terp mei de Marijetsjerke hinne, en de Brêgebuorren oan 'e Frjentsjerter Feart. Yn 'e tweintichste iuw is it tuskenlizzende lân hielendal folboud, sadat Winsum no dúdlik ien doarp is.
- Winsum hat twa tsjerken: de herfoarme Marijetsjerke oan 'e Tsjerkebuorren en de grifformearde Annatsjerke oan 'e Spannumerdyk. Beide tsjerken binne anno 2017 noch yn gebrûk. De Marijetsjerke is ien fan 'e trije tsjerkegebouwen fan 'e protestantske Streekgemeente Lank-Meamert.
- Yn Winsum wurdt alle jierren op de twadde sneon fan augustus it Frysk kampioenskip Fierljeppen hâlden.
- Winsum leit oan it Jabikspaad.
- Likernôch 400 meter besúdeasten Winsum stiet de poldermole Langwert.
Mienskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Winsum hat in Feriening foar Doarpsbelang dy't har gearkomsten hat yn MFC “De Helling". Iepenbiere Basisskoalle It Bynt is yn 2014 oprjochte en komt fuort út in fúzje fan 'e eardere Iepenbiere Basisskoalle De Miedskoalle en Kristlike Basisskoalle De Stapstien. It pjutteboartersplak hjit It Pikepôltsje. Yn it lêste wykein fan juny is it doarpsfeest. De wurkgroep Wolwêzen soarget meast foar in temajûn. Yn `t doarp binne ek tsien manlju dy't tintfeesten organisjerje, mei it jild dat se dêrmei ophelje wurde de ferienigingen yn it doarp stipe.
Ferienings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- Advendo - toaniel
- keatsferiening
- Folle(y)wille - follybal
- Topspin - tennis
- de Ploech fan Tsien

Untwikkeling ynwennertal[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- 2004 - 1.086
- 2003 - 1.077
- 2002 - 1.059
- 2001 - 1.034
- 2000 - 991
- 1999 - 990
- 1998 - 1.016
- 1995 - 1.009
- 1990 - 1002
- 1980 - 965
- 1970 - 948
- 1960 - 815
- 1950 - 693
- 1940 - 598
Berne yn Winsum[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- Johannes Meynen (13 april 1901), politikus († 1980)
- Douwe Tamminga (22 novimber 1909), dichter en oersetter († 2002)
Strjitten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Alle strjitten yn Winsum.
Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|