Iepenbiere Basisskoalle It Bynt

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Iepenbiere Basisskoalle It Bynt
algemiene ynformaasje
ôfkoarting OBS It Bynt
nasjonaliteit Flag of the Netherlands.svg Nederlânsk
type org. skoalle
wurkmêd basisûnderwiis
fêstige yn Winsum (Fryslân)
oprjochte 2014
offisjele webside
www.obsitbynt.nl

Iepenbiere Basisskoalle It Bynt (offisjele namme: Openbare Basisschool It Bynt) is de basisskoalle fan it Fryske doarp Winsum. De skoalle ûntstie yn 2014 troch in fúzje fan 'e doetiidske beide basisskoallen yn it doarp: Iepenbiere Basisskoalle De Miedskoalle en Kristlike Basisskoalle De Stapstien.

Anno 2019 telde Iepenbiere Basisskoalle It Bynt mear as njoggentich learlingen, wat rom genôch wie om it besteansrjocht te garandearjen. Yn oktober 2019 rôp de VVD-fraksje yn 'e gemeenterie fan De Waadhoeke op ta in yngripende renovaasje of nijbou fan it skoallegebou fan It Bynt. Dat datearre nammentlik út 1971 en foldie neffens de VVD net mear oan 'e easken fan 'e tiid.

Mei't basisskoallen yn omlizzende doarpen as Spannum en Easterlittens yn 2019 eins hast al te lyts wiene om noch fuort te bestean, koe ferwachte wurde dat Iepenbiere Basisskoalle It Bynt yn 'e neie takomst in sintrumfunksje komme soe te ferfoljen foar in grutter gebiet.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Bokma, Hinne, It Bynt in Winsum verdient betere huisvesting, yn: Op 'e Skille, 30 oktober 2019, s. 1.