Takomst

Ut Wikipedy

De takomst is de tiid dy't noch komme moat mei alles dat noch barre sil. Yn 'e lineêre tiidsopfetting is it alles nei it hjoed, wêrby't hjoed begrepen wurde moat as it momint 'no'. It tsjinstelde fan 'e takomst is it ferline, alles foarôfgeande oan it momint 'no'. Dat momint skoot oanhâldend op by it ferline wei en nei de takomst ta; wat juster (of sels in momint lyn) noch takomst wie, is no alwer ferline. De stúdzje fan 'e takomst is de futurology. Fan eat dat der útsjocht as soe it út 'e takomst komme kinne, seit men dat it futuristysk eaget. It sjenre fan 'e fiksje dat oer de takomst fantasearret, wurdt science fiction neamd.

Wurking fan de tiid[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Dat de takomst hjoed en dêrnei ferline wurde sil, wurdt as ûntsjinkearber beskôge om't dat feroarsake wurdt troch it bestean fan 'e tiid en de wetten fan de natuerkunde. Fanwegen de blykbere wurking fan 'e reäliteit en de ûntsjinkearberens fan 'e takomst kin alles dat al bestiet of noch bestean sil, karakterisearre wurde as permanint, wat betsjut dat it foar ivich bestean sil, of tydlik, wat betsjut dat der in ein oan komme sil. De begripen 'takomst' en 'ivichheid' binne wichtige ûnderwerpen fan 'e filosofy, religyen en de wittenskip, en lykwols is it noch altyd nea immen slagge om se op in net kontroversjele wize te definiëarjen.

It fêstlizzen fan 'e takomst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neffens beskate opfettings is de takomst al foar eltsenien fêstlein, itsij troch in heger wêzen, itsij troch in ûnpersoanlike oerkrêft lykas de wurking fan it hielal. Yn 'e religieuze kontekst binne sokke ideeën fêstlein yn 'e predestinaasjelear. Bûten godstsjinst om bestiet yn 'e astrology it leauwen dat de (fêstleine) takomst yn 'e stjerren lêzen wurde kin. De gongbere wittenskiplike opfetting is hjoed de dei lykwols dat men wol deeglik in beskate ynfloed útoefenje kin op alteast in part fan 'e dingen dy't yn 'e takomst barre sille. Sa leit fêst dat eltse minske úteinlik stjerre sil, mar hat men troch sûn te libjen in gruttere kâns om langer te libjen.

It idee dat de takomst fêstleit, wie ek yn 'e achttjinde-iuwske natuerkunde oanwêzich en stie yn dy kontekst bekend as it determinisme. Dat sprute fuort út 'e meganikateory fan Isaac Newton, wêryn't de takomst folslein bepaald wêze soe troch de begjinposysjes en begjinsnelheden fan alle dieltsjes dêr't it hielal út bestie. Lettere ûntwikkelings, û.m. de ûntdekking fan 'e kwantummeganika en yn 't bysûnder de ûnwissichheidsrelaasje fan Heisenberg, toanden oan dat de stelling fan it determinisme net hâldber is: om 'e takomst te berekkenjen mei in faasje dy't heger is as de wurklike evolúsje yn 'e tiid soe in kompjûter nedich wêze dy't grutter is as it hielal sels.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.