Ferline

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

It ferline is de tiid dy't west hat. Yn 'e lineêre tiidsopfetting is it alles foarôfgeande oan it hjoed, wêrby't it hjoed begrepen wurde moat as it momint 'no'. It tsjinstelde fan it ferline is de takomst, alles nei it momint 'no'. Dat momint skoot oanhâldend op by it ferline wei en nei de takomst ta; wat juster (of sels in momint lyn) noch takomst wie, is no alwer ferline. Alles mei-inoar dat yn it ferline bard is, neamt men de skiednis. De stúdzje fan 'e skiednis is de skiedkunde. Oare tûken fan 'e wittenskip dy't har mei it ferline dwaande hâlde, binne bgl. argeoastronomy, argeology, geology, kosmology, paleöntology, paleobotany, paleogeografy en paleoklimatology. Alles dat bestiet, hat in eigen ferline. Minsken witte fan harren eigen ferline troch harren ûnthâld, dêr't se oantinkens oan dat ferline yn opslane. Yn bredere sin is troch skiedskriuwing it ferline fan (dielen fan) 'e wrâld skriftlik fêstlein sûnt de tiid dat minsken it skrift ûntwikkele hawwe.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.