Op 'e Skille

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Op ’e Skille
Op 'e Skille logo.png
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Flag of the Netherlands.svg Nederlânsk
taal Frysk, Nederlânsk
sjenre streekblêd
frekwinsje 1x yn 'e 2 wiken
bestean 1965 – no
plak haadred. Wommels (Fryslân)
útjouwer Utjouwerij Bokma
offisjele webside
www.skille.nl

Op ’e Skille is in fergees streekblêd dat hûs oan hûs ferspraat wurdt yn it noardwesten fan Fryslân. De ynhâld fan it blêd is foar in part yn it Frysk en foar in part yn it Nederlânsk skreaun. Op ’e Skille is in útjefte fan Utjouwerij Bokma, it bedriuw fan sjoernalist Hinne Bokma, dy't ek sels it grutste part fan 'e artikels skriuwt. De redaksje is fêstige oan ’t Noard yn Wommels. It krantsje wurdt printe by Drukkerij Van der Eems, yn Easterein.

It ferspriedingsgebiet fan Op ’e Skille beslacht it hert fan 'e Greidhoeke, d.w.s it âlde Littenseradiel en guon oangrinzgjende doarpen lykas Lollum, Burchwert en Hichtum. Foar't Littenseradiel op 1 jannewaris 2018 opheft waard, publisearre de gemeente syn offisjele meidielings yn Op ’e Skille. Doe't it dúdlik waard dat Littenseradiel opdield wurde soe ûnder Ljouwert, Súdwest-Fryslân en De Waadhoeke, wie it sadwaande yn 't earstoan ûndúdlik oft it blêd wol fuortbestean koe sûnder de fêste boarne fan ynkomsten dy't foarme waard troch de twa siden mei gemeentlike berjochten en oankundigings. Hinne Bokma liet de de moedfearren lykwols net hingje en joech oan dat er gewoan trochgie mei de publikaasje fan syn krante.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Op ’e Skille, 21 maart 2018, jg. 53, nû. 6.