Springe nei ynhâld

Lollum

Ut Wikipedy
Lollum
Emblemen
               
Bestjoer
Lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Súdwest-Fryslân
Sifers
Ynwennertal320 (1 jannewaris 2023)[1]
Oerflak8,29 km² (8,19 km² lân, 0,10 km² wetter)
Befolkingsticht.39 ynw. /km²
Oar
Postkoade8823
Netnûmer0517
TiidsôneUTC +1
SimmertiidUTC +2
Koördinaten53° 8' NB, 5° 32' EL
Himrik fan Lollum (grien) yn de eardere gemeente Wûnseradiel
Himrik fan Lollum (grien) yn de eardere gemeente Wûnseradiel
Offisjele webside
Side Lollum
Kaart
Lollum (Fryslân)
Lollum

Lollum is in doarp yn de gemeente Súdwest-Fryslân, noardeastlik fan Wytmarsum en westlik fan 'e Slachtedyk. It doarp hat 320 ynwenners (1 jannewaris 2023). Troch it doarp hinne rint de Lollumer Feart.

De buorskip Barsum leit yn 'e himrik fan Lollum.

Yn de âldste stikken wurdt it doarp ek Lolinghum, Lolingum, Lolleghum, Lollegum, Lollinghum, Lollingum, Lovelinghum en Ruygelollum neamd. It betsjut nei alle gedachten "hiem" fan 'e persoansnamme ""Lolle" of de famyljenamme "Lovelinga" of "Lollinga", dat himsels wer fan "Lolle" ôflaat is.

Lollum is in ‘bûtendyks’ terpdoarp, it leit nammentlik westlik fan de Slachtedyk. It doarp waard eartiids Rûgelollum neamd, ta ûnderskaat fan Lytselollum, in buorskip ûnder Frjentsjer. Lollum hat in buorren om de âlde, diels ôfgroeven terp hinne. Om de súdkant fan dy terp hinne rint in smelle feart mei ferbinings nei it westen en benammen nei it easten ta. Yn it suden en yn it noarden waarden wichtige buerten oan de útfalsdiken ûntwikkele. Oan de súdkant is dat foar it grutste part wenningbou út de perioaden nei de Twadde Wrâldkriich.

Oant 2011 lei Lollum yn de eardere gemeente Wûnseradiel.

It doarp docht in soad yn de mande mei buordoarp Waaksens, en de twa doarpen diele it doarpsbelang. It doarpshûs hjit De Nije Haven.

  • Biljertferiening Lollum-Waaksens
  • Damklub De Rûge Wolf
  • Aldereinsoas Lollum-Waaksens e.o.
  • Iisferiening "Sietse de Vries"
  • Keatsferiening "Meiinoar Ien"
  • Kristlike Muzykferiening Asaf
  • Shantykoar "Sterk Spul"
  • Utfeartferiening Lollum
  • Begraffenisferiening Waaksens "Helpt Elkander"
  • Herfoarme frouljusferiening "Wees een zegen"
  • Mingd sjongkoar "Nocht en Wille"

Befolkingsferrin

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
19541959196419691974200620132025
547524508468430400340[2]310[2]

Berne yn Lollum

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Likernôch in kilometer noardwestlik fan it doarp stiet de poldermûne Marswâl.

Ald Haven, Barsumerpaad, Bayumerleane, Berghuzerwei, Buorren, Elshoutbuert, Hizzaarderleane, It Fabryk, Noarderein, Skoallebuert, Tsjerkestrjitte, Sytze van Abbemastrjitte, Waaksenserwei.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Tabel: Befolking; moannesifers de gemeente en oaree regionale yndieling, 1 jannewaris 2023, Sintraal Buro foar de Statistyk, Foarburch/Hearlen
  2. 1 2 Alle Cijfers
  3. Bron: Friese memorabilia . Argivearre op 21 april 2024.
  4. Boarne: Friese memorabilia

Súdwest-Fryslân
Stêden:
BoalsertDryltsHylpenSnitsStarumWarkum
Doarpen en útbuorrens:
AbbegeaAldegeaAllingawierArumBlauhúsBoazumBreesândykBritswertBurchwertDearsumDedzjumEastereinEasterwierrumEasthimEksmoarreFerwâldeFolsgeareGaastDe GaastmarGauGoaiïngeaGreonterpHartwertHeechIt HeidenskipHichtumHidaardHieslumHimmelumHinnaardDe HommertsIdzegeaIensYndykYpekolsgeaYsbrechtumItensJutrypKimswertKoarnwertKoarnwertersânKoudumKûbaardKûfurderrigeLaaksumLytsewierrumLoaiïngeaLollumLongerhouMakkumMolkwarNijhuzumNijlânOffenwierParregeaPenjumPiaamPoppenwierRaerdReahûsRienSânfurdSibrandabuorrenSkarlSkearnegoutumSkettensSkraardSkuzumSmelbrêgeSurchTersoalToppenhuzenTsjalhuzumTsjerkwertTurnsTwellingeaWaaksensWâldseinWarnsWesthimWytmarsumWiuwertWolsumWommelsWûns
Buorskippen:
AaksensAbbegeasterkettingAltenaAndelahuzenAnnebuorrenArkumAtsebuorrenBaarderbuorrenDe BandBarsumBeabuorrenBessensBernsterbuorrenDe BierenBittensDe BlokkenBlomkampBoatlânBonjeterpBoppebuorrenBrânburrenDe BurdDyksterbuorrenDoanjebuorrenDoanjewierDraeisterhuzenEambuorrenEangterpEasthim (Wytmarsum)EksmoarstersylFallingabuorrenFeytebuorrenFiifhûsFilensFiskersbuorrenFjouwerhuzenFlânsumIt FlietGalamadammenGoaiïngamiedenGoaiumGrauwe KatDe GritsGrutte WiskeGreate WierrumHaaiumHarkesylDe HelHiemertHidaardersylHiddumHoekensHoarnsterbuorrenHouIdserdabuorrenYmswâldeYndyk (Boazum)Yndyk (Parregea)IngwertIngwierYsgumYtsumJethJonkershuzenJousterpJouswertKathuzumDe KampenDe KatKathuzumKlaeiterpDe KliuwKnossensKoaihuzenKromwâl (Boalsert)Kromwâl (Britswert)Laerd en SaerdLippenwâldeDe Lytse GaastmarLytse WiskeLytshuzenLonjéMakkum (Boazum)MeilahuzenMonebuorrenMontsamabuorrenMountsjewierMûntsebuorrenDe NesNijbuorrenNijekleasterNijesyl't NoardOsingahuzenPikesylDe PôleRea SkuorreRemswertRytseterpSaardSânfurder RypSylsterbuorrenSyswertSjongedykSkearnebuorrenSkrokSotterum (Koarnwert)Sotterum (Skettens)'t SouSpearsSpykIt StrânSwaanwertSwarte BeienTrijehuzen (Hidaard)Trijehuzen (Snits)Trijehuzen (Wommels)TsjerkebuorrenDe WearenWesterbuorrenWesterlittensDe WierenWolsumer KettingWonnebuorren
· · Berjocht bewurkje