Wommels

Ut Wikipedy
Wommels
Emblemen
               
Polityk
Lân Nederlân
Provinsje Fryslân
Gemeente Hinnaarderadiel (oant 1984)
Littenseradiel(1984-2018)
Súdwest-Fryslân
Sifers
Ynwennertal 2.233 (2016)
Oerflak 10,28 km²
Befolkingsticht. 217,2 / km²
Hichte 0,3 m
Oar
Stifting Romeinske Tiid
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53°06′31″N 5°35′16″E
Offisjele webside
www.wommels.nl
Kaart
Wommels (Fryslân)
Wommels

Wommels is in doarp dat sintraal yn de Fryske Greidhoeke leit yn de gemeente Súdwest-Fryslân. It wie foarhinne it haadplak fan de gemeente Littenseradiel, en foar de gemeentlike weryndieling fan 1984 wie it it haadplak fan 'e gemeente Hinnaarderadiel. Op 1 jannewaris 2018 ferlear it syn haadplakfunksje, doe't it mei in grut diel fan Littenseradiel ta de gemeente Súdwest-Fryslân kaam te hearren. Ta Wommels wurde njoggen buorskippen en útbuorrens rekkene, wêrûnder Littenserbuorren. It is in terpdoarp wêrfan't de skiednis neffens argeologyske fynsten werom giet oant yn 'e Romeinske Tiid. Letter hie it in wichtige rol yn de Fryske suvelhannel. Neffens offisjele gegevens fan 'e gemeente Littenseradiel hie Wommels yn 2016 2.233 ynwenners.

Geografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wommels leit min ofte mear sintraal yn 'e Fryske Greidhoeke, tusken Ljouwert, Snits, Frjentsjer en Boalsert yn. Oan 'e noardwestkant rint de autowei N359 by it doarp lâns, dy't Boalsert mei Ljouwert ferbynt. Dêrby leit Wommels op likernôch in trêdepart fan 'e ôfstân tusken dy beide stêden, rekkene fan Boalsert ôf. De Slachte rint ûngefear 1 km súdwestlik by Wommels lâns.

De trochgeande diken troch it doarp binne de Hottingawei út 'e rjochting Boalsert, Burchwert, Waaksens en Kûbaard, de Walperterwei út 'e rjochting Ljouwert, Spannum en Iens en yn mindere mjitte de Van Sminialeane út 'e rjochting Easterein. De Walperterwei giet by de krusing mei de Van Sminialeane oer yn De Terp, dy't sels by de brêge oer de Boalserter Feart oergiet yn 'e Hottingawei. Dy Boalserter Feart soarget foar in wetterferbining fan Wommels mei Boalsert en mei de Frjentsjerter Feart. De Wommelser Opfeart, dy't it doarp eartiids ferbûn mei Easterein, Itens, Rien en sa fierder, is net mear befarber.

De Jakobitsjerke fan Wommels

Under Wommels falt ek de útbuorren Littenserbuorren, westlik fan it eigentlike doarp. Oare útbuorrens dy't ta de himrik fan Wommels rekkene wurde, binne Braard, Britsaard, Fyns, Sippens, Swyns, Tellens, Tywert en it eardere Westerlittens.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e noch geve terp fan Wommels is Romeinsk stienguod fûn, en yn 'e terpsoal fan 'e eardere state "Stapert", no ek part fan Wommels, is bonkemateriaal opdold út 'e iere Izertiid, wat de âldste spoaren fan bewenning binne dy't ea op 'e Fryske klaai fûn binne. Troch syn sintrale lizzing op it plattelân fan 'e Greidhoeke hat Wommels nei de Midsiuwen lang in plak fan belang foar de Fryske suvelhannel west. Dêrfan tsjûgje yn Wommels noch inkele âlde tsiispakhuzen.

De Hottinga State, besit fan de Hottinga's, in wichtige Skieringer haadlingefamylje, stie noardwestlik fan Wommels.

Haadplak[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wommels wie yn elts gefal fan 'e Midsiuwen ôf it haadplak fan 'e Fryske gritenij Hinnaarderadiel. Oarspronklik moat it folle lytsere doarp Hinnaard dy funksje ferfolle hawwe,[1] en letter skynt Wommels datoangeande frijwat striid leverje moatten te hawwen mei it buordoarp Easterein, dy't it lykwols yn syn foardiel bemachtigje koe. Under de Frânske Tiid wie Wommels fan 1812 oant 1816 in selsstannige gemeente, dy't op 1 oktober 1816 wer by de gritenij (sûnt 1851 gemeente) Hinnaarderadiel kaam.

Wommels bleau dêrnei it haadplak fan Hinnaarderadiel oant dat op 1 jannewaris 1984 yn it ramt fan 'e doetiidske gemeentlike weryndieling tegearre mei de buorgemeente Baarderadiel opgie yn 'e nije gemeente Littenseradiel. Dêrby ûntstie frijwat strideraasje oer de fraach oft Wommels of Mantgum (it haadplak fan Baarderadiel) it haadplak fan 'e nije gemeente wurde moast. Neffens de folkswiisheid sa't dy yn 'e doarpen fan Littenseradiel libbet, waard it pleit dêrby yn it foardiel fan Wommels besljochte om't de gemeente Hinnaarderadiel koart foar de gemeentlike weryndieling in folslein nij gemeentehûs bouwe litten hie. Yn it 'reade' Mantgum waard dêr kweade opset yn sjoen troch 'dy finen fan Wommels', dy't sa Mantgum de status fan haadplak ûntfytmanne hiene. Dat wie in saak dy't yn Mantgum sa gefoelich lei dat de hollen der dêr tweintich jier nei de weryndieling noch altyd hjit oer te krijen wiene. Nei de nije weryndieling fan 1 jannewaris 2018, wêrby't Littenseradiel opheft waard, kaam Wommels by de gemeente Súdwest-Fryslân te hearren.

De Freulepartij.

Nijsgjirrichheden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e buorren fan it doarp stiet de Jacobitsjerke, dy't datearret út it begjin fan 'e sechstjinde iuw. Binnendoar hingje roubuorden fan 'e famyljes Sminia en Jongema. Fierders is yn Wommels oant 'e strjitte it Ald Hiem ek it museum It Tsiispakhûs fêstige, yn, sa't de namme al oanjout, in âld tsiispakhûs. Yn dit museum wurdt de suvelskiednis fan Wommels en it omlizzende gebiet beljochte.

De haadfêstiging fan Bistedokterspraktyk It Griene Hert, oan De Lange Baan.

Eveneminten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Under sportleafhawwers is Wommels benammen bekend op fan de Freulepartij. Dat is in ferneamde en prestizjeuze keatspartij foar jonges yn 'e leeftydskategory fan 14 oant 16 jier, dy't sûnt 1903 elts jier persiis ien wike nei de PC fan Frjentsjer holden wurdt. De Freulepartij is de wichtichste keatswedstryd foar jongerein yn Fryslân. It evenemint waard oarspronklik it (ûnbeboude) part fan De Terp, yn it sintrum fan it doarp, organisearre. Dêr stiet ek noch altyd it boarstbyld fan frelle Clara Jacoba de Vos van Steenwijk, dy't jierren oanien de gouden horloazjes foar it winnende partoer beskiber stelde. De wedstryd wurdt lykwols al tsientallen jierren lang op it sportfjild efter it gemeentehûs ferkeatst.

In oar evenemint dat op jierlikse basis yn Wommels plakfynt, is it muzykfestival Slachtepop, dat op 'e terp fan 'e buorskip Littenserbuorren holden wurdt, deunby sawol de Slachtedyk as de Slachtebrêge. Ta dit barren heart ek in keatswedstryd, dy't de Wylde Nachtkeatspartij hjit. Fierders wurdt op in sneon yn 'e earste helte fan septimber yn Wommels en omkriten de Triatlon Wommels holden. Fan 2011 oant en mei 2019 fûn mids septimber yn Wommels it Greidhoek' Festival plak, in festival mei muzyk, keunst en kultuer.

De Nije Kromme (better bekend as de Slachtebrêge) oer de N359, súdwest fan Wommels.

Foarsjennings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It kafee "It Reade Hynder" stiet yn it sintrum fan Wommels op 'e trijesprong fan 'e Walperterwei, De Terp en de Van Sminialeane, mei rjocht dêrfoaroer kafetaria "It Snackhûs" (earder desennia lang "It Fôltsje"). Wommels hat in eigen Jumbo-supermerk, oan de Terp, en ferskate oare winkels, wêrûnder in kleanboetyk en in slachterij. Ek is der in lytse biblioteek, en op it bedriuweterrein oan 'e noardkant fan it doarp is Bistedokterspraktyk It Griene Hert fêstige. It gemeentehûs fan Littenseradiel (en dêrfoar fan Hinnaarderadiel) stie ek yn 'e doarpskearn, oan 'e Keatsebaen. It doarpshûs en sealesintrum "It Dielshûs" is efter de supermerk te finen, oan 't Bosk. It needlijende iepenloftswimbad "De Klomp", oan 'e Walperterwei, balansearret al jierrenlang op it rântsje fan it fallyt. Oan 'e súdlike râne fan it doarp is fierders it fersoargingstehûs "Nij Stapert" fêstige. Wenfoarm "Tywerthiem" is foar begelaat wenjen.

Op it mêd fan it ûnderwiis hat Wommels noch twa basisskoallen: de Iepenbiere Basisskoalle "De Opslach" en de Kristlike Basisskoalle "It Fûnemint", dy't fuort njonkeninoar oan 'e Walperterwei steane. Fierders is der, ek oan 'e Walperterwei, mar tichter by de doarpskearn, in skoalle foar fuortset ûnderwiis, dy't yn 1920 begûn as in ULO en him letter ûntjoech ta de Kristlike Skoalle foar MAFU "Nij Walpert", neamd nei in eardere state by Wommels. Dizze MAVO gie yn 1994 op yn it Bogerman Kolleezje fan Snits, en kaam doe 'Kristlike Skoallemienskip Bogerman Kolleezje, lokaasje Wommels' te hjitten. Dizze njonkenfêstiging fan it Bogerman is yn 2018 definityf ticht gien.

Mienskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wommels hat in feriening foar Doarpsbelang dy't syn gearkomsten organisearret yn de doarpskeamer fan Nij Walpert (foarhinne gemeentehûs fan Littenseradiel). Der is in eigen doarpskrante dy't fan Diggelfjoer hjit. De Stifting Terplûden organisearret kulturele aktiviteiten yn feest- en muzyktinten. Der bestiet ek in kommisje foar doarpsfeesten, dy't ornaris ienris yn it jier holden wurde yn in feesttinte op De Terp. Neist de doarpsfeesten wurdt der ek ienris yn it jier Slachtepop organisearre oan 'e Littenserbuorren (sjoch fierder by § Eveneminten). De keatsferiening fan Wommels hjit "KF Wommels", en de pleatslike tennisferiening "Boskrâne". Fierders is der ek in toanielselskip en in badmintonferiening yn it doarp.

De Boalserter Feart yn Wommels, mei yn 'e fierte rjochts museum It Tsiispakhûs.

Demografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Untwikkeling ynwennertal[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In loftfoto fan Wommels. It mei beammen omrâne stik grien op 'e foargrûn is De Terp. Lofts dêrfoaroer de supermerk. Efter de tsjerke stiet it gemeentehûs, mei oan 'e efterkant dêrfan (op 'e foto lofts) it sportfjild dêr't simmerdeis de Freulepartij keatst wurdt. Hielendal lofts is noch in glimp fan it fersoargingstehûs "Nij Stapert" te sjen.

Berne yn Wommels[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Stoarn yn Wommels[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Strjitten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sjoch foar in opsomming fan alle strjitnammen yn Wommels de side: strjitten yn Wommels.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Jansma, Klaas, Friesland en Zijn 44 Gemeenten, Ljouwert, 1981 (Frysk Deiblêd), ISBN 9 06 48 00 154, s. 34.


 
Plakken yn de gemeente Súdwest-Fryslân
Flagge fan de gemeente Súdwest-Fryslân
Stêden: BoalsertDryltsHylpenSnitsStarumWarkum

Doarpen en útbuorrens: AbbegeaAldegeaAllingawierArumBlauhúsBoazumBreesândykBritswertBurchwertDearsumDedzjumEastereinEasterwierrumEasthimEksmoarreFerwâldeFolsgeareGaastDe GaastmarGauGoaiïngeaGreonterpHartwertHeechIt HeidenskipHichtumHidaardHieslumHimmelumHinnaardDe HommertsIdzegeaIensYndykYpekolsgeaYsbrechtumItensJutrypKimswertKoarnwertKoarnwertersânKoudumKûbaardKûfurderrigeLaaksumLytsewierrumLoaiïngeaLollumLongerhouMakkumMolkwarNijhuzumNijlânOffenwierParregeaPenjumPiaamPoppenwierRaerdReahûsRienSânfurdSibrandabuorrenSkarlSkearnegoutumSkettensSkraardSkuzumSmelbrêgeSurchTersoalToppenhuzenTsjalhuzumTsjerkwertTurnsTwellingeaWaaksensWâldseinWarnsWesthimWytmarsumWiuwertWolsumWommelsWûns

Buorskippen: AaksensAbbegeasterkettingAndelahuzenAnnebuorrenArkumAtsebuorrenBaarderbuorrenDe BandBarsumBeabuorrenBessensBernsterbuorrenDe BierenBittensDe BlokkenBlomkampBoatlânBonjeterpBoppebuorrenDe BurdDyksterbuorrenDoanjebuorrenDoanjewierDraeisterhuzenEangterpEasthim (Wytmarsum)EksmoardersylFeytebuorrenFiifhûsFiskersbuorrenFjouwerhuzenFlânsumIt FlietGalamadammenGoaiïngamiedenGoaiumGrauwe KatDe GritsGrutte WiskeGreate WierrumHaaiumHarkesylDe HelHiemertHidaardersylHiddumHoekensHoarnsterbuorrenHouIdserdabuorrenIemswâldeYndyk (Boazum)IngwertIngwierJethJonkershuzenJousterpJouswertKâldehuzumDe KampenDe KatKlaeiterpDe KliuwKnossensKoaihuzenKromwâl (Boalsert)Kromwâl (Britswert)LippenwâldeDe Lytse GaastmarLytse WiskeLytshuzenMakkum (Boazum)MeilahuzenMontsamabuorrenMountsjewierDe NesNijbuorrenNijekleasterNijesylOsingahuzenPikesylDe PôleRea SkuorreRemswertRytseterpSaardSânfurder RypSyswertSjongedykSkearnebuorrenSkrokSotterum (Koarnwert)Sotterum (Skettens)SpearsSpykIt Strân SwaanwertSwarte BeienTrijehuzen (Hidaard)Trijehuzen (Snits)Trijehuzen (Wommels)TsjerkebuorrenDe WearenWesterbuorrenWesterlittensDe WierenWolsumerkettingWonnebuorren