Oerlis:Wommels
Appearance
@Frou Watzema: Goeie. Wêrom feroarje jo de stavering 'bibleteek' yn 'biblioteek'? It mei beide en se steane ek beide yn it wurdboek. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 3 apr 2019, 15.44 (CEST)
- @Frou Watzema: Ik sjoch no dat jo fan doel lykje te wêzen om 'e stavering 'bibleteek' hielendal fuort te heljen út 'e Wikipedy. Dêr bin ik it net mei iens. Dat de F.A. yn al syn wiisheid besletten hat dat 'biblioteek' de foarkarstavering wêze moat, dat sil dan wol. Mar dat wol noch net sizze dat der mar ien staveringsfoarm mooglik of goed is. 'Bibleteek' stiet ek yn it wurdboek, en dêr is neffens my neat mis mei. (En de kategoryen hoege dan ek net omneamd te wurden.) Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 3 apr 2019, 15.49 (CEST)
- No miende ik mar dat de FA liedend wie. Sels haw ik ek folle leaver 'bibleteek', want sa sizze wy it hjir ek. Dan sil ik de oaren mar stean litte, it skilt in moai soad wurk, en folle aardichheid is der ommers ek net oan om alles te feroarjen. Frou Watzema (oerlis) 3 apr 2019, 15.56 (CEST)
- @Frou Watzema: Ja, jo hawwe gelyk yn 'e sin dat de F.A. de staveringsregels bepaalt. Mar as sy twa foarmen fan in wurd yn harren wurdboeken sette, dan meie wy dy neffens my beide brûke, ek al jouwe se oan dat se de iene leaver hawwe as de oare. Wêrom sette se der oars twa staveringsfoarmen yn? Ik bedoel, as we dy iene dochs net brûke meie, dan kinne se dy der ek wol útlitte. Dat, neffens my is der neat mis mei in wurd as 'bibleteek', en jo hawwe gelyk, sa wurdt it hjir by ús ek sein. Mar by de F.A. lykje se in foarkar te hawwen foar wurdfoarmen dy't safolle mooglik op it Hollânsk lykje, dat is my alris faker opfallen. Dat is foar harren blykber it kritearium, en net de útspraak yn it Frysk, dêr't it neffens my om giet. Hiel apart. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 3 apr 2019, 16.08 (CEST)
- No miende ik mar dat de FA liedend wie. Sels haw ik ek folle leaver 'bibleteek', want sa sizze wy it hjir ek. Dan sil ik de oaren mar stean litte, it skilt in moai soad wurk, en folle aardichheid is der ommers ek net oan om alles te feroarjen. Frou Watzema (oerlis) 3 apr 2019, 15.56 (CEST)