Springe nei ynhâld

Meidogger oerlis:Frou Watzema

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy


Wolkom by Wikipedy, de Fryske ferzje fan Wikipedia. Ynformaasje op de Wikipedy is frij en fergees te brûken. Foar jo gemak stiet boppenoan de side - rjochtsboppe of lofts - in sykfunksje. Jo kinne ek Google brûke om op de Wikipedy te sykjen.

De Wikipedy jout gjin garânsjes foar de krektens fan de ynformaasje dy't jo fine, omdat elts frij is om ynformaasje ta te foegjen en te feroarjen. As jo sels kennis op hokfoar mêd dan ek diele wolle mei oare Friezen, dan kinne jo dy hjir spuie! Fragen en opmerkings kinne jo kwyt op de oerlisside. De Fryske Wikipedy hat op it stuit 54.691 siden.

Help mei oan Wikipedy. Hoe? Klik hjir!


Drewes (oerlis) 1 sep 2018, 18.39 (CEST)[beäntwurdzje]

taal hifkje

[boarne bewurkje]

ik ha by Alde Maaie tekst oanpast en tafoege, graach tekst hifkje--Fyke Bôle (oerlis) 26 nov 2018, 12.48 (CET)[beäntwurdzje]

No Fyke, dat liket der op. Der wie net safolle te hifkjen, graach dien. Fiel jo frij om mear hifkje te litten. Wês net ferheard as guon út harsels oan it hifkjen gean. Oer it taalgebrûk kin wol ferskillend tocht wurde, gean der mar fanút dat it hast altiten bedoeld is. Jo kinne ek altiten in algemiene oprop dwaan yn it balkje de 'Gearfetting' ûnderoan. Groetnis, en súkses fierder, Frou Watzema (oerlis) 26 nov 2018, 17.18 (CET)[beäntwurdzje]

Sabeare plaknammen

[boarne bewurkje]

Goejûn Frou W. Wat it ferfryskjen fan plaknammen oanbelanget. By googlenjen op 'Wynskoat' fûn ik dy foarm allinne by it It Nijs. Sykjen op 'Bunskoat' smiet neat op. At jo de grize oer de grouwe rinnen fiele wolle, sjoch ek de kategory:Plak yn Seelân. Mei oare wurden: ik bin it op dit mêd mei jo iens. Drewes (oerlis) 11 mrt 2019, 20.01 (CET)[beäntwurdzje]

-ings en -ingen

[boarne bewurkje]

Goeie. Ik wol jo der op wize dat it meartal fan haadwurden dy't einigje op -ing hjoed-de-dei ek -ingen wêze mei. De foarkarswurdlist Frysk jout sels allinnich dy foarm. Groetnis Drewes (oerlis) 22 mrt 2019, 18.25 (CET)[beäntwurdzje]

Stiet der ek by dat wy dan tenei hjir yn'e hûs ek oars prate moatte? Frou Watzema (oerlis) 22 mrt 2019, 18.58 (CET)[beäntwurdzje]
Ha! Foar klachten oer de standerdisearring fan it Frysk moatte jo by de (ge)learden fan de Fryske Akademy wêze. Drewes (oerlis) 22 mrt 2019, 19.15 (CET)[beäntwurdzje]

Tsjin(t)wurdich

[boarne bewurkje]

Tegenwoordig Gr. Drewes (oerlis) 13 mai 2019, 16.09 (CEST)[beäntwurdzje]

Goaikes... samar in healoere tiid fergriemd dus. Dank jo wol foar it melden. Frou Watzema (oerlis) 13 mai 2019, 16.27 (CEST)[beäntwurdzje]

Frouljuskening

[boarne bewurkje]

Keningin, Keninginne, koaningin, koaninginne, keuningin, keuninginne seit Taalweb Frysk. Skuor josels net oer de kop. Drewes (oerlis) 23 mai 2019, 18.13 (CEST)[beäntwurdzje]

Ekwifalint

[boarne bewurkje]

Ekwifalint!! Drewes (oerlis) 23 mai 2019, 19.05 (CEST)[beäntwurdzje]

Alles mei hast tsjintwurdich, sa te sjen. Frou Watzema (oerlis) 23 mai 2019, 19.08 (CEST)[beäntwurdzje]
No ja, it is sa't it is. Dit komt fan 'e lêste staveringswiziging, doe't we dielen fan wurden dy't sels ek in wurd foarmje kinne soene, net mear mei in v oan it begjin skriuwe mochten. Dus tillevyzje waard tillefyzje, ynvalide waard ynfalide en ekwivalint waard ekwifalint. Omdat fyzje en falide ek wurden wêze kinne sûnder it foarheaksel. Ik soe sa net witte wat "falint" is, mar it falt blykber yn deselde kategory. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 23 mai 2019, 22.08 (CEST)[beäntwurdzje]

Mar even wat oars: soene jo der asjebleaft mei ophâlde wolle om yn alderhanne artikels de keppelings om utens by de boarnen te smiten? Dat binne hiele ferskillende dingen dy't beslist net byinoar hearre. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 23 mai 2019, 22.08 (CEST), Drewes (oerlis) 23 mai 2019, 22.26 (CEST)[beäntwurdzje]

At ik dochs op in side wie om bygelyks in stavering oan te passen, sette ik de keppelings ek moai yn it grize fek ûnderoan mei saken dy't de grûnslach foar de side foarmje. Boarnen en noaten hearre yndirekt by de ynhâld fan de side, de keppelings ek. Ik hie de keppelings om utens op jim oanstean fan lêstendeis dêrom as apart neamd groepke ('keppeling om utens' dus loa fan de boarnen sa't te sjen is) binnen it grize ferantwurdingsfek setten. Moai bûten de ynhâld fan it artikel yn it fek dêr't lêzers mear witte wolle oer de ynhâld of at se witte wolle wêr't de ynhâld weikomt. Dat stiet ek wat mear oprêden. Mar at soks hjirre oars ôfpraten is, is dat spitich, mar dan is dat sa't it is. Frou Watzema (oerlis) 24 mai 2019, 08.25 (CEST)[beäntwurdzje]
It wie fansels goed bedoeld fan jo kant, mar dat is de manier sa't we it altyd dien hawwe. Ik bin fierders tige wiis mei jo warberens oan dizze Wikipedy. Groetnis Kneppelfreed (oerlis) 24 mai 2019, 22.43 (CEST)[beäntwurdzje]

Lebel: PHP7

[boarne bewurkje]

@Frou Watzema en Ieneach fan 'e Esk:Goejûn. Efter bewurkings fan jimme lês ik de lêste dagen Lebel: PHP7. Myn bewurkings hawwe dat taheaksel net. Hoe soe dat kinne? Drewes (oerlis) 9 jun 2019, 20.13 (CEST)[beäntwurdzje]

@Drewes: Sjoch: hjirre foar útlis. Se binne by Wikimedia in nije softwarefunksje oan it úttesten, as ik it goed begryp, en guon edits wurde op willekeurige basis útkeazen om dy software te brûken. Op boppesteande link stiet by Q&A de fraach: I am a non-technical user. What does this mean? Antwurd: Hopefully nothing. This is about changing the software used to run the wiki's code. Ideally, you should notice no real difference. We kinne it dus gewoan negearje. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 9 jun 2019, 21.26 (CEST)[beäntwurdzje]

By de Waadsee om

[boarne bewurkje]

Eins moat de tekst lêsberder, mar it docht wat it dwaan moat. Aliter (oerlis) 22 jun 2019, 03.09 (CEST)[beäntwurdzje]

It soe no wer lêsber wêze moatte. (It docht bliken dat der no wier neitocht is hoe't men tûzenen berjocht byhâlde kin.) Dêr hawwe jo in aardich putsje mei fûn. Aliter (oerlis) 22 jun 2019, 04.10 (CEST)[beäntwurdzje]

Dankewol, foar de aksje en it meitinken. It blykt dus krekt sa'n side as dizze side op de Hollânske wikipedy te wêzen. Dêr hâldt in bot it by, giet dat no ek sa oft moat it noch 'mei de hân' dien wurde? De kommende tid sil ik ris sjen oft de list wat koarter makke wurde kin. Frou Watzema (oerlis) 22 jun 2019, 07.37 (CEST)[beäntwurdzje]

Unlêsbere spaasjes

[boarne bewurkje]

Dy  , dy steane der yn om foar te kommen dat Karel
V út elkoar rekket at der net genôch romte is. De nammen mei nûmers lykje sa wat nuver by it bewurkjen, mar it is better foar de tekst sa't dy lêzen wurdt. Aliter (oerlis) 22 jun 2019, 18.39 (CEST)[beäntwurdzje]


Frou Watzema, wolle jo asjebleaft ophâlde mei it wiskjen fan hurde spaasjes? Dy dingen binne net nuver, sa't jo it neame, en sûnder se lêst it ek net makliker. Krekt oarsom: it is foar de lêzer hiel ferfelend as oan 'e ein fan in regel "Karel" stiet en pas op 'e folgjende regel "V", of oan 'e ein fan in regel "10" en pas op 'e folgjende regel "km". Dat heart byinoar en yn 'e spaasje dêrtuskenyn heart de regel net ôfbrutsen te wurden. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 22 jun 2019, 22.36 (CEST)[beäntwurdzje]

Neptunus

[boarne bewurkje]

Hello! What do you think about this article? You can lend your voice here. Frontfrog (oerlis) 9 mrt 2022, 20.09 (CET)[beäntwurdzje]

@Frontfrog: Dei Frontfrog, wol apart om hjir in fraach yn it Ingelsk te krijen. Klearebare nijsgjirrigens fan myn kant: Ha jo in bân mei Fryslân? 'k Soe it wol aardich fine as der oer jo bân mei de Fryske Wikipedy wat op jo Meidoggersside stean soe. Soene jo dat dwaan wolle?
Der is wat my oanget neat mis mei de side oer Neptunus. Mar mear as yn it ferline kies ik der foar om allinnich siden oer Fryslân yn de etalaazje te setten as 'Topside'. Frou Watzema (oerlis) 12 mrt 2022, 11.34 (CET)[beäntwurdzje]