Springe nei ynhâld

Nijlân (Súdwest-Fryslân)

Ut Wikipedy
Nijlân
Nijlân, eastkant
Nijlân, eastkant
Emblemen
               
Bestjoer
Lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Súdwest-Fryslân
Sifers
Ynwennertal975 (1 jannewaris 2023)[1]
Oerflak9,86 km² (9,81 km² lân, 0,05 km² wetter)
Befolkingsticht.99 ynw. /km²
Oar
Postkoade8771
Netnûmer0515
TiidsôneUTC +1
SimmertiidUTC +2
Koördinaten53° 3' NB, 5° 35' EL
Himrik fan Nijlân (grien) yn 'e eardere gemeente Wymbritseradiel
Himrik fan Nijlân (grien) yn 'e eardere gemeente Wymbritseradiel
Offisjele webside
www.nylan.frl
Kaart
Nijlân (Fryslân)
Nijlân

Nijlân is in doarp yn de gemeente Súdwest-Fryslân oan de A7 tusken Boalsert en Snits. Troch it doarp hinne rint de Nijlanner Feart. Nijlân hat 975 ynwenners (1 jannewaris 2023).

Ta it doarp hearre de (eardere) lytse buorskippen Blanksens, Koarns, Jongedyk, Sylsterbuorren en Tsjaard.

Yn it jier 2025 fierde Nijlân syn 750 jierrich bestean.

Op it doarpswapen stean twa oksekoppen dy't mei in keatling oan inoar keppele binne. Neffens de leginde is it doarp ûntstien troch twa oksen dy't it úteinlike stee fan 'e tsjerke fêststelden.

De leginde fan de oksen

It doarp is ûntstien yn it súdlike part fan 'e drûchfallen Middelsee en waardt yn Latynske boarnen yn de 13 iuw Nova Terra neamd, itjinge letterlik "nij lân" betsjut. Yn 1275 wurdt Dodakerke nunc vocatur Noua terra oantroffen, yn 1335 Dodakirka en yn 1399 Doedenkerke. Yn de boarne fan 1275 wurdt neamd dat der doe al in feroaring fan 'e namme west hie. De namme ferwiist nei de persoansnamme Dodo/Doede, dêr't in grûnbetsjutting yn relaasje ta "folk" yn ferburgen sit. Dy namme ferwiist mooglik nei de abt fan kleaster Blomkamp by Hartwert, dy't mooglik de tsjerke stifte hat en dy't ek de grûnlizzer fan Nijekleaster by Skearnegoutum wie,. It twadde part fan 'e namme ferwiist nei de karspel.

Yn 1381 komt Nyalanda foar en yn 1399 Nijenlande. Yn 1453 wurdt yn it Aldfrysk Nia land en de âldste Nijfryske fariant komt op in kaart fan 1595: Nielaen itjinge útsprutsen waard as "Nye lân".

It komdoarp ûntstie op in krúspunt fan diken, dy't yn de 13e iuw, of mooglik al foar 1100 stifte waard. De dyk fan Snits nei Boalsert waard justjes súdlik fan de kearn fan it doarp oanlein. Dy dyk waard byldbepalend foar it doarp dêr't it doarp in yndruk fan in dykdoarp by krige. Yn 1882 kaam Nijlân oan it spoar fan de tramwei Snits-Boalsert, dêr't de earste steamtram fan Fryslân op kaam te riden. De doarpsherberch waard de tramhalte. Yn 1947 waard de tramwei sletten.

Oant 2011 lei Nijlân yn de gemeente Wymbritseradiel.

Beskerme doarpsgesicht

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It âldste diel fan it doarp om de herfoarme Nikolaastsjerke hinne is oanwiisd as beskerme doarpsgesicht. Dy kwalifikaasje is ûnder oaren fertsjinne om't de tsjerkegrêft dy't hielendal om it tsjerkhôf hinne rint. It tsjerkhôf hat in ovale foarm, mei oan 'e westkant in wyt beplastere pastorije mei grutte tún. Noardliker is it fikarishûs en oan 'e noardkant de âlde patorijepleats. Oan it eastlike part fan 'e tsjerkegrêft dêr't lytse strjitsjes en stegen op útkomme, is it âldste part. Oan 'e súdkant stiet in steatlike kop-hals-romppleats.

Súdlik fan 'e doarpskom rint de Tramstrjitte mei de markante doarpsherberch.

De Wikipedy hat ek in side Nikolaastsjerke (Nijlân).
Nikolaastsjerke
Brêge oer de tsjerkegrêft nei de Nikolaastsjerke

Yn 'e 13e iuw waard de earste tsjerke stifte. De hjoeddeistige letgoatyske tsjerke komt fan de iere 16e iuw. Yn 'e noardmuorre binne noch oerbliuwsels fan de âlde tsjerke ferwurke. De ôfwikseljende giele en reade kleastermoppen binne by it weropbouwen brûkt. De regelmjittige ôfwikseling fan de grutte spitsbôgefinsters en bearen jout in karakteristyk gebou. De toer mei achtkante spits waard in kear ferhege. De klokken waarden dêr ek mei ferhege en in twadde rige kloksgatten waarden oanbrocht.

It doarp hat in feriening foar Doarpsbelang. It Nijslân is de doarpskrante. Basisskoalle De Earste Trimen sit mei jongereinhonk De Pallet yn it multyfunksjonele sintrum De Mande. Elts jier wurd op Peaskemoandei yn "De Mande" Aaipop hâlden, it grutste Frysktalige popfestival.

Befolkingsferrin

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
19541959196419691974200620132025
73671965464265710231005[2]970[2]

Berne yn Nijlân

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Botniastrjitte -
  • Camstrastrjitte -
  • Dr. P J Hoedemakerstrjitte - Philippus Jacobus Hoedemaker
  • Eile Pôle -
  • Fedde Hokwerdastrjitte -
  • Hege Wier -
  • Hendrik Pollemastrjitte - Hendrik Pollema
  • Hiddemawei -
  • Hottingawei -
  • Huniadyk -
  • Ingenawei -
  • Jongedyk -
  • Jonkerspaad -
  • Koarnleane -
  • Roordastrjitte -
  • Singel -
  • Skieppeleane -
  • Smidstrjitte -
  • Sylsterbuorren - buorskip Sylsterbuorren west fan Nijlân, ek Nijlannerbrêge neamd
  • Tramstrjitte -
  • Trije Diken -
  • Tsjaarddyk - nei it buorskip Tsjaard
  • Tsjerkegrêft -

Iepenbier ferfier

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Tabel: Befolking; moannesifers de gemeente en oaree regionale yndieling, 1 jannewaris 2023, Sintraal Buro foar de Statistyk, Foarburch/Hearlen
  2. 1 2 Alle Cijfers

Súdwest-Fryslân
Stêden:
BoalsertDryltsHylpenSnitsStarumWarkum
Doarpen en útbuorrens:
AbbegeaAldegeaAllingawierArumBlauhúsBoazumBreesândykBritswertBurchwertDearsumDedzjumEastereinEasterwierrumEasthimEksmoarreFerwâldeFolsgeareGaastDe GaastmarGauGoaiïngeaGreonterpHartwertHeechIt HeidenskipHichtumHidaardHieslumHimmelumHinnaardDe HommertsIdzegeaIensYndykYpekolsgeaYsbrechtumItensJutrypKimswertKoarnwertKoarnwertersânKoudumKûbaardKûfurderrigeLaaksumLytsewierrumLoaiïngeaLollumLongerhouMakkumMolkwarNijhuzumNijlânOffenwierParregeaPenjumPiaamPoppenwierRaerdReahûsRienSânfurdSibrandabuorrenSkarlSkearnegoutumSkettensSkraardSkuzumSmelbrêgeSurchTersoalToppenhuzenTsjalhuzumTsjerkwertTurnsTwellingeaWaaksensWâldseinWarnsWesthimWytmarsumWiuwertWolsumWommelsWûns
Buorskippen:
AaksensAbbegeasterkettingAltenaAndelahuzenAnnebuorrenArkumAtsebuorrenBaarderbuorrenDe BandBarsumBeabuorrenBessensBernsterbuorrenDe BierenBittensDe BlokkenBlomkampBoatlânBonjeterpBoppebuorrenBrânburrenDe BurdDyksterbuorrenDoanjebuorrenDoanjewierDraeisterhuzenEambuorrenEangterpEasthim (Wytmarsum)EksmoarstersylFallingabuorrenFeytebuorrenFiifhûsFilensFiskersbuorrenFjouwerhuzenFlânsumIt FlietGalamadammenGoaiïngamiedenGoaiumGrauwe KatDe GritsGrutte WiskeGreate WierrumHaaiumHarkesylDe HelHiemertHidaardersylHiddumHoekensHoarnsterbuorrenHouIdserdabuorrenYmswâldeYndyk (Boazum)Yndyk (Parregea)IngwertIngwierYsgumYtsumJethJonkershuzenJousterpJouswertKathuzumDe KampenDe KatKathuzumKlaeiterpDe KliuwKnossensKoaihuzenKromwâl (Boalsert)Kromwâl (Britswert)Laerd en SaerdLippenwâldeDe Lytse GaastmarLytse WiskeLytshuzenLonjéMakkum (Boazum)MeilahuzenMonebuorrenMontsamabuorrenMountsjewierMûntsebuorrenDe NesNijbuorrenNijekleasterNijesyl't NoardOsingahuzenPikesylDe PôleRea SkuorreRemswertRytseterpSaardSânfurder RypSylsterbuorrenSyswertSjongedykSkearnebuorrenSkrokSotterum (Koarnwert)Sotterum (Skettens)'t SouSpearsSpykIt StrânSwaanwertSwarte BeienTrijehuzen (Hidaard)Trijehuzen (Snits)Trijehuzen (Wommels)TsjerkebuorrenDe WearenWesterbuorrenWesterlittensDe WierenWolsumer KettingWonnebuorren
· · Berjocht bewurkje