Molkwar
| Molkwar | ||
| Molkwar | ||
| Emblemen | ||
| Bestjoer | ||
| Lân | ||
| provinsje | ||
| gemeente | ||
| Sifers | ||
| Oerflak | 10,72 km² (10,26 km² lân, 0,46 km² wetter) | |
| Oar | ||
| Postkoade | 8722 | |
| Netnûmer | 0514 | |
| Tiidsône | UTC +1 | |
| Simmertiid | UTC +2 | |
| Koördinaten | 52° 54' NB, 5° 24' EL | |
| Sint-Lebuïnustsjerke | ||
| Molkwar | ||
| Kaart | ||
| Kaart | ||
| De himrik fan Molkwar yn de eardere gemeente Nijefurd | ||
Molkwar (Nederlânsk: Molkwerum) is in doarp (histoarysk in flekke) yn de gemeente Súdwest-Fryslân oan it Iselmar tusken Hylpen en Starum. De Grûnzen, it ferlingde fan de Koudumer Feart slút yn it doarp oan op It Wiid, dy't rjochting de Iselmardyk rint en dêr oanslút op 'e Noarderdyksfeart.
Molkwar hat 355 ynwenners (1 jannewaris 2023).
Namme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1398 wurdt it doarp neamd yn Hollânske kriichsbeskriuwings as Molkenhuzen. Yn 1421 wurde Molkenweer en Molkweer neamd. Yn 1482 komt Molquern foar, yn 1503 Molckwerren en yn 1509 Molquerum. Kaarten út de 16e iuw neame Molckwerum en de skiedskriuwer Furmerius helle oan 'e ein fan dy iuw de Súdwesthoekskfryske útspraak Mukuerren oan. Schotanus yn 1664 neamde Molquerren en lei út dat it om "greidlân foar melkfee" gie.
It earste part fan de namme kin komme fan 'e persoansnamme Melle of Molle of it kin gean om "molke". It twadde part -war/wer, somtiden yn meartal, kin gean om in "stik lân" of om in opwurpen hichte foar bewenning. Dus de namme kin betsjutte sokssawat as "stik lân om kij te melken" of "bewenningshichte fan Melle/Molle".[1][2]
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Molkwar ûntstie mooglik yn 'e 13e iuw, nei't in âlder feanterijdoarp ferlitten waard. Foar de kust rekke in soad lân ferlern. De oarspronklike delsetting hiet fan Karnewald, mei in tsjerke yn 'e Noarderbuorren fan Warns. Dat plak waardfoar it earst neamd yn oarkonden fan it Sint-Odulfuskleaster út 1132 en letter wer yn 1243 en 1245. In oare namme wie Cappenborch (1243) en letter Cappenburen. De registers fan de Abdij fan Werden hawwe it om it jier 1000 hinne oer in delsetting mei de namme Keddingrip.[3][4]
De tsjerke fan Karnewald moat al yn 'e 13e iuw ôfbrutsen wêze. Yn 1543 hie de pastorij fan Molkwar noch hieltyd lân yn Warns. [5][3] Oan de Warnzer Feart wie dêrnjonken in foarwurk fan it Sint-Odulfuskleaster, dêr't de oerbliuwsels yn 1969 fan opgroeven waarden. [6]
By it ferpleatsen fan 'e tsjerke, en faaks it foarwurk, spile de abt fan it kleaster in wichtige rol. De abdij wie ferantwurdlik foar de sielesoarch yn 'e nije karspel. Mooglik hawwe yn it gebiet meardere delsettings lein. De abtekronyk fan Sibrandus Leo neamde dat by de slach by Warns yn 1345 in doarpke Raevier of Raedvier yn flammen opgie. De Starumer predikant Adam Westerman oppeearre dêrom yn 1611 dat Rodewier in âlde namme fan Molkwar wêze koe. Yn 1398 wurdt boppedat in lângoed up Osendorp tnoerdende van Staveren neamd.[7]
Tusken Hylpen en Molkar wie yn 1420 de Slach oan de Paelesleat.
Molkwar wie fan âlds in wichtich seefardersplak. Troch de soad ynternasjonale handel hie Molkwar krekt as Hylpen in eigen kultuer opboud mei in eigen taal, dracht en skilderkeunst. It doarp wie yn de 17e en 18e iuw om twa saken rûnom bekend yn Fryslân, mar ek bûten de provinsjegrinzen.
Alderearst waard der in dialekt sprutsen, it Molkwardersk, dat mei it dialekt fan Hylpen beskôge waard as it ‘echte’ Frysk. Beide dialekten hienen skaaimerken fan it Aldfrysk. Der binne beskriuwings fan bûtenlanners dy't ûnder oare om de taal te hearren, reizen makken nei Hylpen en Molkwar.
Fierders wie it doarp boud op acht pôlen, troch wetter faninoar skaat. De eilantsjes hienen de nammen: Sorke Pol, Katte Pol, Hoeunde Pol, Wester-Ich, Eester-Ich, Grimspol as Arjenspol, De Pol ek wol Wiebrenmantjes Pol as De Tooenen en de Jaaxme Fonne Pol. Middels brechjes en planken ûnderhâlden de doarpsbewenners harren ûnderlinge kontakten. It ferhaal giet dat frjemdlingen der maklik ferdwaalden. Troch syn protte kanaaltsjes, der wienen mear kanalen as strjitten, en de 27 brêgen yn it doarp waard Molkwar ek wol it Feneetsje fan it Noarden neamd.
Ek wie Molkwar ferneamd om syn handel yn swanne-pikelfleis, wat werom te finen is yn it doarpswapen, de wite swan.
Yn 'e 17e iuw wennen der sa'n 1500 minsken yn Molkwar op deselde kante meters grûn as dêr't no sa'n 300 minsken wenje. Yn dy tiid foeren de Molkwarders mei fluitskippen op de Sont, in wetter tusken Denemark en Sweden om dêr hannel te driuwen. In hiel grut persintaazje fan wat der hinne foer út Nederlân wei, kaam út Molkwar. It doarp hie sels in eigen kantoar yn Amsterdam. Ek wienen der trije minnistetsjerken te finen yn 't doarp en ek noch in herfoarme. Ein 17e iuw begjin 18e gie de hannel efterút en in soart minsken brieken harren huzen ôf en gienen nei Hylpen ta te wenjen. Sa gie it hurd efterút mei de flekke, oant der yn 1850 noch mar 80 minsken wennen. Doe wiene de minsken der meast al fisker op de Sudersee as boer as boerefeint. De Starumske jollen hienen in prachtich plakje yn de kom by de Molkwarder syl (slûs), wêrtroch't sij moai nei binnen en bûten farre koenen. Yn elts gefal troch de tiid hinne fan ein 1700 ôf waarden der in protte karakteristike huzen sloopt en sleatten tichtsmiten, mar wa't no noch troch it doarp rint, sjocht noch altyd wol wat fan de ûnregelmjittige doarpsplanning. Molkwar waard troch dy nuveraardige lizzing fan huzen eartiids ek wol it ‘Fryske doalhôf’ neamd.
Oant 1984 lei Molkwar yn de gemeente Himmelumer Aldefurd doe't dy opgie yn de nije gemeente Nijefurd. Yn 2011 gie dy gemeente op yn de gemeente Súdwest-Fryslân.
Mienskip
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn maart komt de Feriening foar Doarpsbelang gear yn it Doarpshûs. De Oranjeferiening, oprjochte 14 septimber 1933 organisearret de Keningsdei, it twajierlikse doarpsfeest en in foljebaltoernoai. Der bestiet in film Ald Molkwar. Yn de Aldheidkeamer fan Molkwar sit ek 'De Heksehoale' foar de bern. 'It Swannenêst' is de doarpsskoalle.
It doarp hat in foljebalferiening, VC Molkwar.
Tsjerke
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Befolkingsferrin
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| 1954 | 1959 | 1964 | 1969 | 1973 | 2004 | 2021 |
|---|---|---|---|---|---|---|
| 470 | 443 | 404 | 364 | 329 | 320 | 360 |
Ferskaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Bakker Knilles de Boer begûn yn 1916 mei syn spesjaliteit: Molkwarder koeke. Dy is te sjen en te keap yn it yn âlde steat werombrochte bakkerswinkeltsje anneks kofje/teeskinkerij
- Yn it jier 2000 hie it doarp in eigen Iepenloftspul: Ringer's Reis. 11 jier letter (2011) sette Romke Gabe Draaijer in nij iepenloftspul op: 'FISK - fang dyn gelok'.
- Yn 'e hoeke fan It Wiid en de Noarderdyksfeart, justjes noardlik fan it doarp is in kamping en bungalowpark en in jachthaven.
Berne yn Molkwar
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Haye Mensonides (1814-1881), is in politikus dy't yn Molkwar berne is.
Tsjerke
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De tsjerke is de Sint-Lebuïnustsjerke dy't fan 1850 komt en oarspronklik wijd waar oan de hillige Lebuïnus. De tsjerke ferfong in eardere tsjerke út 1799. De toer is in sealdaktoer, dy't fan de âldere tsjerke ôfstammet, mar mooglik noch earder. De tsjerketoer is in ryksmonumint
Op it tsjerkhôf fan de tsjerke is it Earehôf Molkwar mei in grêf foar de omkommen RAF-piloat Tom McCrorie, dy't yn de Twadde Wrâldkriich omkommen is.
Museum
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn Molkwar is in Elvis Presley Museum mei allegear stikken út it libben fan sjonger Elvis Presley. It museum is fêstige yn in antykpleats.
Mûne
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Tusken Molkwar en Koudum stiet de Wynmotor Molkwar. Dy poldermûne is in mealreeë Amerikaanske wynmotor út 1925. De mûne stiet oan it Jan Boerskanaal en waard boud as ferfanger fan de tradisjonele poldermûne út 1854 foar it bemeallen fan it westlike part fan polder de Grutte Wester Gersleat.
Iepenbier ferfier
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Molkwar dielt tegearre mei it tichtby lizzende Koudum it Stasjon Koudum-Molkwar oan it spoar Ljouwert-Starum.
Strjitten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]'t Seeleantsje, De Wimerts, Eesterich, Flait, Grimspôle, Hellingstrjitte, Ymedaam, Lútzenpolle, Nei de Knekkeren, Noardermar, Seedyk, Stasjonswei, Tsjerkestrjitte, Westerich.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|