Springe nei ynhâld

Harkesyl

Ut Wikipedy
Harkesyl
Bestjoer
Gemeente Súdwest-Fryslân
Himrik Wytmarsum
Sifers
Ynwennertal15
Oar
Postkoade8748
TiidsôneUTC +1
SimmertiidUTC +2
Koördinaten53° 5' N 5° 27' E
Kaart
Harkesyl (Súdwest-Fryslân)
Harkesyl

Harkesyl is in buorskip yn de gemeente Súdwest-Fryslân. Harkesyl leit noardlik fan de A7 oan de Van Aylvawei yn de himrik fan Wytmarsum. Harkesyl bestiet út in âlde pleats en in stikmannich hûzen. Ek de fierderôf lizzende hûzen oan de Van Aylvawei wurde wol ta Harkesyl rekkene.

De namme komt ek foar as Harkezyl (1700), Harckzyl (1664) en Harka toe Syl (1525). De syl fan Harke dus.

Op it plak fan Harkesyl lei al yn de tsiende iuw in syl yn de Marnedyk, dêr't hjoed-de-dei in brêge oer de Skraarder Feart hinne leit. Yn 1543 wenne der in persoan mei de namme Harke e dy sil nei alle gedachten de nammejouwer fan 'e buorskip west hawwe, dy't in âldere namme ferfongen hawwe moatten hie.

Harkesyl lei oan de hynstetramline fan Makkum nei Wytmarsum dy't yn 1898 úteinsette. Makkum krige lykwols net de winske steamtramferbining, mar wol in oansluting op de line Snits-Boalsert-Harns. Nei it reekommen fan it oerstapstasjon Harkesyl yn 1914 ried de hynstetram allinnich noch fan Makkum nei Harkesyl. De line ried oant 16 july 1930 en wie doe de lêste hynstetram fan West-Jeropa. De hynstetramline waard ferfongen troch in busline.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Súdwest-Fryslân
Stêden:
BoalsertDryltsHylpenSnitsStarumWarkum
Doarpen en útbuorrens:
AbbegeaAldegeaAllingawierArumBlauhúsBoazumBreesândykBritswertBurchwertDearsumDedzjumEastereinEasterwierrumEasthimEksmoarreFerwâldeFolsgeareGaastDe GaastmarGauGoaiïngeaGreonterpHartwertHeechIt HeidenskipHichtumHidaardHieslumHimmelumHinnaardDe HommertsIdzegeaIensYndykYpekolsgeaYsbrechtumItensJutrypKimswertKoarnwertKoarnwertersânKoudumKûbaardKûfurderrigeLaaksumLytsewierrumLoaiïngeaLollumLongerhouMakkumMolkwarNijhuzumNijlânOffenwierParregeaPenjumPiaamPoppenwierRaerdReahûsRienSânfurdSibrandabuorrenSkarlSkearnegoutumSkettensSkraardSkuzumSmelbrêgeSurchTersoalToppenhuzenTsjalhuzumTsjerkwertTurnsTwellingeaWaaksensWâldseinWarnsWesthimWytmarsumWiuwertWolsumWommelsWûns
Buorskippen:
AaksensAbbegeasterkettingAltenaAndelahuzenAnnebuorrenArkumAtsebuorrenBaarderbuorrenDe BandBarsumBeabuorrenBessensBernsterbuorrenDe BierenBittensDe BlokkenBlomkampBoatlânBonjeterpBoppebuorrenBrânburrenDe BurdDyksterbuorrenDoanjebuorrenDoanjewierDraeisterhuzenEambuorrenEangterpEasthim (Wytmarsum)EksmoarstersylFallingabuorrenFeytebuorrenFiifhûsFilensFiskersbuorrenFjouwerhuzenFlânsumIt FlietGalamadammenGoaiïngamiedenGoaiumGrauwe KatDe GritsGrutte WiskeGreate WierrumHaaiumHarkesylDe HelHiemertHidaardersylHiddumHoekensHoarnsterbuorrenHouIdserdabuorrenYmswâldeYndyk (Boazum)Yndyk (Parregea)IngwertIngwierYsgumYtsumJethJonkershuzenJousterpJouswertKathuzumDe KampenDe KatKathuzumKlaeiterpDe KliuwKnossensKoaihuzenKromwâl (Boalsert)Kromwâl (Britswert)Laerd en SaerdLippenwâldeDe Lytse GaastmarLytse WiskeLytshuzenLonjéMakkum (Boazum)MeilahuzenMonebuorrenMontsamabuorrenMountsjewierMûntsebuorrenDe NesNijbuorrenNijekleasterNijesyl't NoardOsingahuzenPikesylDe PôleRea SkuorreRemswertRytseterpSaardSânfurder RypSylsterbuorrenSyswertSjongedykSkearnebuorrenSkrokSotterum (Koarnwert)Sotterum (Skettens)'t SouSpearsSpykIt StrânSwaanwertSwarte BeienTrijehuzen (Hidaard)Trijehuzen (Snits)Trijehuzen (Wommels)TsjerkebuorrenDe WearenWesterbuorrenWesterlittensDe WierenWolsumer KettingWonnebuorren
· · Berjocht bewurkje