Allingawier
| Allingawier | ||
| Sicht op Allingawier | ||
| Emblemen | ||
| Bestjoer | ||
| Lân | ||
| provinsje | ||
| gemeente | ||
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 75 (1 jannewaris 2023)[1] | |
| Oerflak | 3,36 km² (3,3 km² lân, 0,06 km² wetter) | |
| Befolkingsticht. | 24 ynw. /km² | |
| Oar | ||
| Postkoade | 8758 | |
| Netnûmer | 0515 | |
| Tiidsône | UTC +1 | |
| Simmertiid | UTC +2 | |
| Koördinaten | 53° 3' NB, 5° 27' EL | |
| Alde smidderij (2007) | ||
| Allingawier út it súdwesten wei mei komboerd (2007) | ||
| Kaart | ||
| Kaart | ||
| Himrik fan Allingawier (grien) yn 'e eardere gemeente Wûnseradiel | ||

Allingawier is in lyts terpdoarpke yn de gemeente Súdwest-Fryslân op e râne fan de Makkumer Mar Polder, súdeastlik fan Makkum. It doarp leit oan in opfeart fan it Van Panhuyskanaal. Der rint in egale bakstiennen strjitte troch it doarp. Nei it westen leit Skuzum en nei it easten Eksmoarre, te berikken oer de brêge oer it Van Panhuyskanaal.
Allingawier hat 75 ynwenners (1 jannewaris 2023). De buorskippen Fjouwerhuzen en Bonjeterp falle ûnder de himrik fan Allingawier.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Allingawier waard yn 1275 foar it earst neamd as Alingwere. De terp moat nei alle gedachte al folle âlder wêze. Yn 1496 komt Alynweert foar en yn 1543 Allinguer. De namme is in gearstalling fan wier, dat terp betsjut, en de famyljenamme Allinga, dat ôflaat is fan de manljusnamme Alle of Ale, mei de grûnbetsjutting "ealman".
Allingawier lei al yn de midsiuwen op in terp tusken de Parregeastermar en de Makkumermar. Dy marren wienen troch in sleat mei-inoar ferbûn. It doarp bestie doe fan 'e fiskerij.
Súdlik fan it doarp wie in oerset mei in boatsje tusken de twa marren yn. Om 1450 hinne moat Fetkeaper Jackle Feddes dêr op in soarte bolwurk wenne ha. Dat krige de namme Jakle-set.
De drûchlizzing fan de Makkumer en Parregeaster Mar yn 1876-1879 betsjutte de ein fan 'e fiskerij. Troch it drûchmeallen kaam Allingawier yn 'e lege greiden te lizzen. Fan 'e Grutte Sylroede (Makkumer Feart) nei de Warkumer Trekfeart by Tsjerkwert waard it Van Panhuyskanaal groeven. Foar de skipfeart hie de eardere steamsmidderij yn it doarp ark en reau.
Op in grut hôf waard yn 1634 in nije tsjerke boud mei in sealtektoer op it plak dêr't in âldenien stien hat. Dy waard yn 1783 lykwols wat ynkoarte ta in trijekantich sletten koer. De liedklok is fan 1599.
Yn de 18e iuw hie Allingawier oant 1796 in skoalle, dêrnei hie it doarp in mienskiplike skoalle mei Eksmoarre.
By de Doleânsje yn 1888 gie in grut part fan 'e befolkin oer op 'e nije denominaasje. Ynearsten hierden de grifformearden de âlde tsjerke, dochs yn 1893 bouden se in eigen lyts tsjerkje oan 'e súdwestlike râne fan it doarp oan oare kant fan de opfeart.
Oant 2011 lei Allingawier yn de eardere gemeente Wûnseradiel.
Doarpswapen en flagge
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Doe't de Befrijing yn 1955 betocht waard, krigen alle 27 doarpen fan Wûnseradiel in eigen flagge. De flagge fan Allingawier bestiet út in blau fjild mei yn de midden in smelle wite bân. De bân jout de dieling fan de âlde gritenij oan yn Wûnseradiel-binnendyks en Wûnseradiel- bûtendyks. De kleuren fan flaggen binne faaks ûntliend oan de wapens fan edele slachten.
Yn it wapen falt de kowekop op. Yn sulver stiet der in swarte oansjende koweholle op mei in wyt plak op de foarholle en in reade tonge, en ek trije pompeblêden. It is in ferwizing nei de "Izeren Ko" dy't nei de oergong nei de Reformaasje noch yn de pastorije wie en ûnder oare by begraffenissen in rituele betsjutting hie. De ko ferwiist ek nei de feehâlderij yn it gebiet. De pompeblêden hawwe te krijen mei de eardere marren om Allingawier.
Museumdoarp
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Wikipedy hat ek in side Aldfaers Erf.
- De Herfoarme tsjerke mei in sealtektoer út 1635 en in tsjerkhôf. Yn 1783 waard de tsjerke ferlytse. De klok (1599) is yn de oarloch meinommen troch de Dútsers, mar is yn 1945 weromkommen. De lêste reguliere tsjerketsjinst waard yn 1984 holden. Hjoed-de-dei tsjinnet de tsjerke as kultureel sintrum.
- Griffermearde Tsjerkje út 1893 op 'e súdwestlike râne fan it doarp is tsjinnet as in útstallingstsjerke.
- Allingastate leit krekt bûten Allingawier. Hy is boud troch Yde Schakel, de grûnlizzer fan de museumrûte Aldfaers Erf. Allingawier is in wichtige skeakel yn de Aldfaers Erf rûte. Der binne prachtige gebouwen oerbleaun út de 18e iuw, no wer moai yn styl opboud. Ald ark en masines steane dêr binnen en bûten te pronk yn âlde pracht.
- Ek is der De Izeren Ko te sjen, neamd nei de pealtsjasker út 1970, dy't dêr ek stiet.
- Grifformearde tsjerke
- De Izeren Ko
- De opfeart mei brêge
Mienskip
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Allingawier docht in soad yn 'e mande mei Eksmoarre. Doarpsbelang Eksmoarre fertsjintwurdiget de belangen fan de ynwenners fan it doarp. It doarpshûs hiet It Honk en stiet yn Eksmoarre. It moanneblêd Doarpsnijs, ferskynt om 'e moanne.
Ferienings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sjoch op de side fan Eksmoarre fan 'e list fan ferienings.
Befolkingsferrin
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| 1954 | 1959 | 1964 | 1969 | 1974 | 2004 | 2013 | 2025 |
|---|---|---|---|---|---|---|---|
| 164 | 145 | 135 | 120 | 102 | 81 | 80[2] | 91[2] |
Strjitten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Bonjeterperwei, Fjouwerhuzen, Kanaalwei, Marwei, Tsjerkebuert.
Nijsgjirrich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Besuden Goattum yn Boarnsterhim komt de hûsname Allingawier foar, dy't ek op de kaart fan Wopke Eekhoff út de 19e iuw neamd wurdt.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|