Springe nei ynhâld

Barsum

Ut Wikipedy
Barsum
Bestjoer
gemeente Súdwest-Fryslân
himrik Lollum
Oar
Koördinaten53° 7' 41" NB, 5° 32' 32" EL
Kaart
Barsum (Súdwest-Fryslân)
Barsum

Barsum is in delsetting noardeastlik fan Lollum yn de gemeente Súdwest-Fryslân. De buorskip leit oan 'e Tsjommer Feart dy't súdeastlik fan 'e buorskip rint. Oan oare kant de feart leit de terp Lopens mei de pleats Grut Lopens.

De namme komt ek foar as Beersuert, Berswert en Barzum. De útgong -wert komt fan "opwurpen hichte" en ber- soe komme kinne fan it Aldfryske ber - "slyk". Yn 'e 17e iuw waard it twadde part ferfongen troch -um, mooglik bard ûnder ynfloed fan Lollum, itjinge net in ûngewoan ferskynsel wie.


Boarnen, noaten en/as referinsjes: