Beabuorren

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
De Beabuorstermôle.

Beabuorren is in buorskip yn de gemeente Súdwest-Fryslân, Fryslân. Beabuorren leit yn de himrik fan Tsjerkwert.

Beabuorren leit westlik fan de N359 (Boalserterwei) en Tsjerkwert en eastlik fan Eksmoarre.

Yn Beabuorren stiet de Beabuorstermole oan de Beabuorster Opfeart, dy nei it noarden yn de Makkumer Feart by Boalsert útkomt. Der is in wynpark dat neamd is nei de âlde môle dy't earder eigendom wie fan it wetterskip Eksmoarre.