Wûns

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Wûns
Map NL Wûnseradiel Wûns.png Doarpsgebiet fan Wûns yn de eardere gemeente Wûnseradiel
Flagge Wapen
Flagge fan Wûns.gif Wapen fan Wûns.jpg
Sifers
Ynwennertal 285 (2021)[1]
Oerflak 12,68 km², wêrfan:
lân: 12,06 km²
wetter: 0,28 km²
Befolkingstichtens 127 ynw. / km²
Polityk
Lân Flag of the Netherlands.svg Nederlân
Provinsje Frisian flag.svg Fryslân
Gemeente Súdwest-Fryslân Gemeentevlag.svg Súdwest-Fryslân
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 5' NB, 5° 25' EL
Webside Side Wûns
Tsjerke fan Wûns

Wûns is in doarp yn de gemeente Súdwest-Fryslân, súdwest fan Wytmarsum. Oant 2011 lei Wûns yn de eardere gemeente Wûnseradiel. It doarp hat likernôch 285 ynwenners (2011). Under it doarp falle de buorskippen Doanjewier, Haaium, Goaium, Mountsjewier en De Wearen. It eardere doarp Ingwier foel foar in skoft ek ûnder Wûns.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De earste kear dat Wûns neamd wurdt is as Wildinghe yn 1270 en letter as Woldens. Op de lytse terp hawwe nea huzen stien mar nei alle gedachten waard der earder rjocht sprutsen. Wûns hie 31 stimmen.

Yn 1728 is yn dit doarp, op it stee fan in midsiuwske tsjerke, in achthoekich protestantske tsjerke boud mei piramidefoarmich dak mei in klokkoepeltsje. De âlde klok út 1595 klok waard yn de oarloch meinommen troch de Dútsers. Op de toer stiet, ynstee fan in wenstige hoantsje, in hart. It doarpswapen fan Wûns hat ek in hart. De tsjerke stiet bekend as it Wûnzer teebuske.

De Fryske dichter Jan Cornelis Pieter Salverda, (Boalsert ( 28 juny 1783 - Wûns 7 maart 1836 ) wie skoalmaster yn Wûns. Syn tragyske libbensrin en spjalten persoanlikheid waarden troch syn freon en beskermer Joast Halbertsma oangripend beskreaun. Der sit in tinkstien oan him yn de tsjerkemuorre.

Oan it begjin fan de Twadde Wrâldkriich wienen de stellingen Wûns en Koarnwertersân tige wichtich.

Mienskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Komboerd fan Wûns

Oan de Noarderleane stiet doarpshûs It Bynt.

Underrjocht[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wûns hie oant 2015 syn eigen basisskoalle; de JCP Salverdaskoalle.[2]

Tsjerke[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Protestanske tsjerke fan Wûns

Ferienings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It doarp hat in stikmannich ferienings: feriening foar doarpsbelang, muzykferiening "Hosanna", sjongferiening "Woldinghekoor", in keatsferiening, in biljertferiening en begraffenisferiening "De Laatste Eer".

Befolking[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Strjitten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Goaiumerleane, Haaiumerleane, Tsjerkestrjitte, Noarderleane, Alde Skoalpaad, Pastorijelân, Rykswei A7, Salverdastrjitte (neamd nei Jan Cornelis Pieter Salverda), Terpwei, Wearsterwei, Wildingheleane.

Ferneamde ynwenners[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

 
Plakken yn de gemeente Súdwest-Fryslân
Flagge fan de gemeente Súdwest-Fryslân
Stêden: BoalsertDryltsHylpenSnitsStarumWarkum

Doarpen en útbuorrens: AbbegeaAldegeaAllingawierArumBlauhúsBoazumBreesândykBritswertBurchwertDearsumDedzjumEastereinEasterwierrumEasthimEksmoarreFerwâldeFolsgeareGaastDe GaastmarGauGoaiïngeaGreonterpHartwertHeechIt HeidenskipHichtumHidaardHieslumHimmelumHinnaardDe HommertsIdzegeaIensYndykYpekolsgeaYsbrechtumItensJutrypKimswertKoarnwertKoarnwertersânKoudumKûbaardKûfurderrigeLaaksumLytsewierrumLoaiïngeaLollumLongerhouMakkumMolkwarNijhuzumNijlânOffenwierParregeaPenjumPiaamPoppenwierRaerdReahûsRienSânfurdSibrandabuorrenSkarlSkearnegoutumSkettensSkraardSkuzumSmelbrêgeSurchTersoalToppenhuzenTsjalhuzumTsjerkwertTurnsTwellingeaWaaksensWâldseinWarnsWesthimWytmarsumWiuwertWolsumWommelsWûns

Buorskippen: AaksensAbbegeasterkettingAbbegeaster RigeAndelahuzenAnnebuorrenArkumAtsebuorrenBaarderbuorrenDe BandBarsumBeabuorrenBessensBernsterbuorrenDe BierenBittensDe BlokkenBlomkampBoatlânBonjeterpBoppebuorrenDe BurdDyksterbuorrenDoanjebuorrenDoanjewierDraaisterhuzenEangterpEasthim (Wytmarsum)EksmoardersylFeytebuorrenFiifhûsFiskersbuorrenFjouwerhuzenFlânsumIt FlietGalamadammenGoaiïngamiedenGoaiumGrauwe KatDe GritsGrutte WiskeGreate WierrumHaaiumHarkesylDe HelHiemertHidaardersylHiddumHoekensHoarnsterbuorrenHouIdserdabuorrenIemswâldeYndyk (Boazum)IngwertIngwierJethJonkershuzenJousterpJouswertKâldehuzumDe KampenDe KatKlaeiterpDe KliuwKnossensKoaihuzenKromwâl (Boalsert)Kromwâl (Britswert)LippenwâldeDe Lytse GaastmarLytse WiskeLytshuzenMakkum (Boazum)MeilahuzenMontsamabuorrenMountsjewierDe NesNijbuorrenNijekleasterNijesylOsingahuzenOttebuorrenPikesylDe PôleRea SkuorreRemswertRytseterpSaardSânfurder RypSyswertSjongedykSkearnebuorrenSkrokSotterum (Koarnwert)Sotterum (Skettens)SpearsSpykIt Strân SwaanwertSwarte BeienTrijehuzen (Hidaard)Trijehuzen (Snits)Trijehuzen (Wommels)TsjerkebuorrenDe WearenWesterbuorrenWesterlittensDe WierenWolsumerkettingWonnebuorren