Feytebuorren

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

Feytebuorren is in buorskip yn de eardere gemeente Súdwest-Fryslân. Feytebuorren leit benoarden Westhim tusken Abbegea en Blauhûs oan de Westhimster Opfeart. De namme komt ek foar as Feitebuorren en Feiteburen.

Hy leit yn it noardlik ferlingde fan it doarpke Westhim. Feitlik foarmje de beide plakken ien plak mar ferdield oer twa kearnen. Dat is al fan oarsprong sa. It is dêrby opfallend dat de tsjerke fan it doarp dan krekt yn Feytebuorren stiet en net yn Westhim, dat útgroeid is ta it doarp fan de twa kearnen. Nettsjinsteande de tsjerke is Feytebuorren in buorskip bleaun fan Westhim.

Tsjerke[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Bartolomeüstsjerke

De tsjerke, de Bartholomeüstsjerke is wijd oan de hillige Bartolomeüs. De fan kleastermoppen boude toer fan de tsjerke stammet út de 14e iuw en is it âldste part fan it gebou. Yn de klokkestoel fan de toer hingje twa klokken. De âldste kommt út 1353. As râneskrift stiet te lêzen: Bartolomeus dibaphus St. rex et immaculata mater Jesu. Ave Maria ('Bartolomeus, de mei poarper beklaaide, de hillige kening en de suvere mem fan Jezus. Wês groete Maria'). Teffens fermeldt de klok de namme fan pastoar Luidulfrus.[1] De jongste klok is fan 1639. De hjoeddeiske ienfâldige sealtsjerke is boud yn 1708 as ferfanging fan de midsiuwske tsjerke.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. G.H. van Borssum Waalkes, ‘Friesche klokke-opschriften, met andere van elders vergeleken, en met aanteekeningen, vertaling, registers en platen voorzien’, De Vrije Fries (XVI) 1886, side 163-164.