Springe nei ynhâld

De Hel

Ut Wikipedy
De Hel
Bestjoer
gemeente Súdwest-Fryslân
himrikIt Heidenskip
Oar
Postkoade8724
Netnûmer0515
TiidsôneUTC +1
SimmertiidUTC +2
Koördinaten52° 57' NB 5° 30' EL
Kaart
De Hel (Súdwest-Fryslân)
De Hel

De Hel is in buorskip fan in pear pleatsen en huzen yn de gemeente Súdwest-Fryslân, yn It Heidenskip oan it Helspaad yn de Helpolder. De Hel leit oan de eastlike râne fan 'e doarpskearn fan It Heidenskip.

De buorskip is ûntstien yn it begjin fan 'e 19e iuw en bestie út twa pleatsen mei de nammen Kleine Hel of Hol en 'Grutte Hel' of 'Reade Hel'.

Eartiids wie der ek in Lytse Hel yn de krite It Heidenskip, mar de lêste pleats dêrfan waard yn 1907 sloopt. Oer de oarsprong fan de plaknamme binne mear as ien ferklearrings. It kin wize op de hichte dêr't er op leit, fan it Aldfryske wurd hil. It soe ek wize kinne op sompich lân of ferwize kinne nei it plak dêr't turf drûge waard, dat hellen neamd waard.

De Hel hie lang in tal winkels, de Heidenskipsters gienen dan ek te winkeljen yn De Hel.

Yn 'e rin fan 'e 20e iuw woeks de oarspronklike doarpskearn fan It Heidenskip, Brânburren, ta rjochting De Hel. Brânburren lei yn eartiids yn twa gemeenten: Warkum en Himmelumer Aldefurd. Op 18 novimber 1979 waard fan it Warkumer part fan It Heidenskip, dêr't ek De Hel ta hearde, ta in nij doarp foarme dy't de namme "It Heidenskip" krige. By de gemeentlike weryndieling fan 1984 kaam gâns It Heidenskip ta de nije gemeente Nijefurd, dy't yn 2011 opgie yn 'e fúzjegemeente Súdwest-Fryslân.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Súdwest-Fryslân
Stêden:
BoalsertDryltsHylpenSnitsStarumWarkum
Doarpen en útbuorrens:
AbbegeaAldegeaAllingawierArumBlauhúsBoazumBreesândykBritswertBurchwertDearsumDedzjumEastereinEasterwierrumEasthimEksmoarreFerwâldeFolsgeareGaastDe GaastmarGauGoaiïngeaGreonterpHartwertHeechIt HeidenskipHichtumHidaardHieslumHimmelumHinnaardDe HommertsIdzegeaIensYndykYpekolsgeaYsbrechtumItensJutrypKimswertKoarnwertKoarnwertersânKoudumKûbaardKûfurderrigeLaaksumLytsewierrumLoaiïngeaLollumLongerhouMakkumMolkwarNijhuzumNijlânOffenwierParregeaPenjumPiaamPoppenwierRaerdReahûsRienSânfurdSibrandabuorrenSkarlSkearnegoutumSkettensSkraardSkuzumSmelbrêgeSurchTersoalToppenhuzenTsjalhuzumTsjerkwertTurnsTwellingeaWaaksensWâldseinWarnsWesthimWytmarsumWiuwertWolsumWommelsWûns
Buorskippen:
AaksensAbbegeasterkettingAltenaAndelahuzenAnnebuorrenArkumAtsebuorrenBaarderbuorrenDe BandBarsumBeabuorrenBessensBernsterbuorrenDe BierenBittensDe BlokkenBlomkampBoatlânBonjeterpBoppebuorrenBrânburrenDe BurdDyksterbuorrenDoanjebuorrenDoanjewierDraeisterhuzenEambuorrenEangterpEasthim (Wytmarsum)EksmoarstersylFallingabuorrenFeytebuorrenFiifhûsFilensFiskersbuorrenFjouwerhuzenFlânsumIt FlietGalamadammenGoaiïngamiedenGoaiumGrauwe KatDe GritsGrutte WiskeGreate WierrumHaaiumHarkesylDe HelHiemertHidaardersylHiddumHoekensHoarnsterbuorrenHouIdserdabuorrenYmswâldeYndyk (Boazum)Yndyk (Parregea)IngwertIngwierYsgumYtsumJethJonkershuzenJousterpJouswertKathuzumDe KampenDe KatKathuzumKlaeiterpDe KliuwKnossensKoaihuzenKromwâl (Boalsert)Kromwâl (Britswert)Laerd en SaerdLippenwâldeDe Lytse GaastmarLytse WiskeLytshuzenLonjéMakkum (Boazum)MeilahuzenMonebuorrenMontsamabuorrenMountsjewierMûntsebuorrenDe NesNijbuorrenNijekleasterNijesyl't NoardOsingahuzenPikesylDe PôleRea SkuorreRemswertRytseterpSaardSânfurder RypSylsterbuorrenSyswertSjongedykSkearnebuorrenSkrokSotterum (Koarnwert)Sotterum (Skettens)'t SouSpearsSpykIt StrânSwaanwertSwarte BeienTrijehuzen (Hidaard)Trijehuzen (Snits)Trijehuzen (Wommels)TsjerkebuorrenDe WearenWesterbuorrenWesterlittensDe WierenWolsumer KettingWonnebuorren
· · Berjocht bewurkje