It Heidenskip

Ut Wikipedy
de himrik fan It Heidenskip
It Heidenskip

It Heidenskip (offisjeel Frysk) is in doarp yn Súdwest-Fryslân, súdeast fan Warkum, mei 375 ynwenners (1 jannewaris 2004). Oant 2011 lei It Heidenskip yn de eardere gemeente Nijefurd.

It Heidenskip wurdt foarme troch it gebiet tusken de Fluezen, it Fliet, en de Alde Dyk (in âlde slieperdyk). De wenkearn leit wat nei de eastkant, net fier fan de Grutte Gaastmar. Bûten de kearn lizze ferspraat yn de streek boerepleatsen.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan oarsprong hjitte dy wenkearn de Brânburren, wylst "It Heidenskip" de namme fan de streek wie. Op 18 augustus 1979 waard it Warkumer part fan it Heidenskip in nij doarp. Yn dy tiid, en oant de gemeentlike weryndieling fan 1984, lei de wenkearn krekt noch yn gemeente Warkum, mar fan dêr nei de kant fan de Fluezen wie it Heidenskip part fan Himmelumer Aldefurd. Fan âlds is It Heidenskip tin bewenne. It wie in sompich gebiet mei in soad puollen en plassen. Troch de iuwen hinne ûntstie in feanlaach, dêr't troch der hieltyd mear "lân" kaam. De begroeiïng waard in fochtige heide-eftige fegetaasje. Wierskynlik komt dêr de namme It Heidenskip wei.

Oer de skiednis fan It Heidenskip hat Hylke Speerstra, âld-haadredakteur fan de Ljouwerter Krante in boek skreaun ûnder de titel De Oerpolder: It boerelibben efter de diken. Dat boek ferskynde yn 2006 en in jier letter yn it Nederlânsk (Utjouwerij Contact ISBN 978-90-254-2769-6).

Strjitten yn It Heidenskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Brânburren - It earste gebou dat hjir stiet is in partikuliere skoalle op de grûn fan de gemeente Warkum. It moat tusken 1809 en 1820 boud wêze. Yn 1855 komt der in wente by te stean en letter noch in pear. Yn 1866 is it al útgroeid ta in lyts buorskipke krekt op de gemeentegrins fan Warkum en Himmelumer Aldeferd. Yn de nacht fan 29 novimber op 30 novimber 1866 brekt der brân út yn ien fan de wenten yn de gemeente Himmelumer Aldeferd. It fjoer slacht oer nei de wente der nêst yn de gemeente Warkum, ek de skoalle dy't der efter stiet brânt ôf. Sûnt dy tiid hat it de namme Brânburren.
  • Helspaed - Neamd nei sate De Hel. Yn de Midsiuwen waard yn It Heidenskip turf groeven. Dy turven waarden drûge op hegere stikken grûn dy't se "hellen" neamden. Tink mar oan it wurd "helling".
  • Koaidyk - Yn dit part fan it Heidenskip hawwe in pear einekoaien stien. De namme fan in pleats "De Koaipleats" en in stik lân "de Koai" dogge noch oan dy al foar 1850 ferfallen bedriuwen tinken.
  • Skar - Dit gebiet foel foarhinne ûnder it doarp Aldegea yn de gemeente Himmelumer Aldeferd (no Gaasterlân-Sleat). In skar is in gebiet, dêr't men de kij mienskiplik weidzje lit. Sa komme der yn 1788 in oantal skarren yn dit gebiet foar: "Rommerschar", "Hanse Schar" en "Tymen Schar". Yn It Heidenskip praat men net fan "it Skar" fan "de Skar".
  • Spûkersleane - In kaart út 1850 fermeldt yn dizze wei in brêge mei de namme "Spûkersbrêge". Yn advertinsjes komt de namme "Spûkerssleat" ek foar. Sa waard it leantsje dat der oer hinne gie "Spûkersleane" neamd.
  • Ursuladyk - Neamd nei it Sint Ursulakleaster. Neffens oerlevering soe by de Sint Ursulapoel fanâlds in delsetting fan Kartuzer Kluzeners west ha. Dat is histoarysk nea oantoand. By de Ursulapoel stean twa Ursulapleatsen. Sint Ursula fan Keulen wie de Britske keningsdochter dy't letter hillich ferklearre is. Se wie de patroanhillige fan leararessen en skoalbern.

Sport[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Heidenskip hat in ryk ferieningslibben. It doarp hat ûnder oaren in eigen fierljepskâns. De Heidenskipster toulûkers hawwe al ferskate Nederlânske kampioenskippen helle. Yn 2008 en 2010 binne hja wrâldkampioen toulûken binnendoar wurden yn Itaalje.

Eveneminten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • De Oerpolderloop op de earste snein fan maart.
  • De Nasjonale Fierljep Manifestaasje (N.F.M.) op de lêste sneon fan july.

Untjouwing ynwennertal[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Berne yn it Heidenskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boeken oer It Heidenskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • G. Koopmans - It Heidenskip, Fan Galama oant gemeente Himmelumer Aldeferd, útjefte Feriening fan Koudumers om utens, 1984.
  • Dieuwke Jorritsma-Kuipers - It Heidenskip, streek fan lân, wyn en wetter, foto's Botte Ouderkerken, útjefte Reunykommisje, 1987.
  • G. Bakker - De Stêd Warkum, útjouwerij A.J. Osinga n.v. Boalsert, 1967
  • S.J. van der Wal - 100 Jier Studio. 1898-1998 muzykferiening "STUDIO" fan it Heidenskip, 1998
  • Willem D. Hengst - De Heidenskipster molen fan eartiids, 2003
  • Hylke Speerstra - De Oerpolder, 2006

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
 
Plakken yn de gemeente Súdwest-Fryslân
Flagge fan de gemeente Súdwest-Fryslân
Stêden: BoalsertDryltsHylpenSnitsStarumWarkum

Doarpen en útbuorrens: AbbegeaAldegeaAllingawierArumBlauhúsBoazumBreesândykBritswertBurchwertDearsumDedzjumEastereinEasterwierrumEasthimEksmoarreFerwâldeFolsgeareGaastDe GaastmarGauGoaiïngeaGreonterpHartwertHeechIt HeidenskipHichtumHidaardHieslumHimmelumHinnaardDe HommertsIdzegeaIensYndykYpekolsgeaYsbrechtumItensJutrypKimswertKoarnwertKoarnwertersânKoudumKûbaardKûfurderrigeLaaksumLytsewierrumLoaiïngeaLollumLongerhouMakkumMolkwarNijhuzumNijlânOffenwierParregeaPenjumPiaamPoppenwierRaerdReahûsRienSânfurdSibrandabuorrenSkarlSkearnegoutumSkettensSkraardSkuzumSmelbrêgeSurchTersoalToppenhuzenTsjalhuzumTsjerkwertTurnsTwellingeaWaaksensWâldseinWarnsWesthimWytmarsumWiuwertWolsumWommelsWûns

Buorskippen: AaksensAbbegeasterkettingAndelahuzenAnnebuorrenArkumAtsebuorrenBaarderbuorrenDe BandBarsumBeabuorrenBessensBernsterbuorrenDe BierenBittensDe BlokkenBlomkampBoatlânBonjeterpBoppebuorrenDe BurdDyksterbuorrenDoanjebuorrenDoanjewierDraeisterhuzenEangterpEasthim (Wytmarsum)EksmoardersylFeytebuorrenFiifhûsFiskersbuorrenFjouwerhuzenFlânsumIt FlietGalamadammenGoaiïngamiedenGoaiumGrauwe KatDe GritsGrutte WiskeGreate WierrumHaaiumHarkesylDe HelHiemertHidaardersylHiddumHoekensHoarnsterbuorrenHouIdserdabuorrenIemswâldeYndyk (Boazum)IngwertIngwierJethJonkershuzenJousterpJouswertKâldehuzumDe KampenDe KatKlaeiterpDe KliuwKnossensKoaihuzenKromwâl (Boalsert)Kromwâl (Britswert)LippenwâldeDe Lytse GaastmarLytse WiskeLytshuzenMakkum (Boazum)MeilahuzenMontsamabuorrenMountsjewierDe NesNijbuorrenNijekleasterNijesylOsingahuzenPikesylDe PôleRea SkuorreRemswertRytseterpSaardSânfurder RypSyswertSjongedykSkearnebuorrenSkrokSotterum (Koarnwert)Sotterum (Skettens)SpearsSpykIt Strân SwaanwertSwarte BeienTrijehuzen (Hidaard)Trijehuzen (Snits)Trijehuzen (Wommels)TsjerkebuorrenDe WearenWesterbuorrenWesterlittensDe WierenWolsumerkettingWonnebuorren