Breesândyk
| Breesândyk | ||
| Suderhaven Breesândyk | ||
| Bestjoer | ||
| Lân | ||
| provinsje | ||
| gemeente | ||
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 3 (1 jannewaris 2023)[1] | |
| Oerflak | 1,64 km² (1,64 km² lân, 0 km² wetter) | |
| Oar | ||
| Ferkearsieren | A7 E22 | |
| Postkoade | 8766 TS | |
| Netnûmer | 0517 | |
| Tiidsône | UTC +1 | |
| Simmertiid | UTC +2 | |
| Koördinaten | 53° 1' NB, 5° 12' EL | |
| Kaart | ||
Breesândyk (Nederlânsk: Breezanddijk) is in hiel lyts doarp yn de gemeente Súdwest-Fryslân, op de helte fan de Ofslútdyk. Oant 2011 lei Breesândyk yn de eardere gemeente Wûnseradiel. It doarp hat 3 ynwenners (1 jannewaris 2023). Op it lân soe in wenplak mei dat tal fan ynwenners gjin doarp wêze, mar troch de bysûndere lizzing wurdt Breesândyk troch de gemeente al as doarp beskôge.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Breesândyk leit op it eardere wurkeilân Breesân dat yn de Sudersee oanlein waard foar de oanlis fan de Ofslútdyk. Yn 2007 wiene der plannen makke foar in gebou op Breesândyk mei in hotel, restaurant, kongresromte en ynformaasjesintrum, mar safierhinne is it noch net kommen.
It doarp hat mar trije ynwenners en ien adres: Ofslútdyk 1, in tankstasjon. Dêrmei is it nei Koudekerke en Helwerd it lytste plak yn Nederlân. It is wol it lytste plak mei in aparte postkoade en ynwenners. Dochs hat de autosnelwei by Breesândyk in fiadukt en in op- en ôfrit, sa't reizgers fan alletwa rydbanen it Fersoargingsplak Breesândyk mei tankstasjon berikke kinne en eventueel keare kinne.
It adres fan Breesândyk hat in unike postoade: it is it iennige adres mei postkoade 8766 en nei 8766 kinne allinnich noch de letters TS komme.
Oan 'e Waadseekant is in flechthaven. Ek is Breesândyk in miltêr sjitterrein fan it ministearje fan Definsje.[2]
Kamping
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Njonken bewenning is dêr ek in lyts kampearplak fan See-angel- en kampearferiening Het Wad dy't út likernôch 50 steankaravans bestiet. Der is elektrisiteit en satellytynternet, mar gjin rioel en streamend wetter.[3] It terrein wurdt ferpachte troch Rykswettersteat. It kampearterrein is allinnich tagonklik fan leden fan 'e feriening Het Wad.
Fernijbere enerzjy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn it ramt fan it Projekt Ofslútdyk, dêr't de Ofslútdyk by ferhege en fersterke wurdt, waarden dêr ek in tal projekten oangeande fernijbere enerzjy by ynbegrepen, lykas Wynpark Fryslân, in wynmûnepark yn 'e Iselmar súdlik fan Breesândyk en it projekt Blue Energy dêr't enerzju út swiet- en sâltwetter helle wurdt.[4]
Sekretaris-generaal fan 'e Feriene Naasjes, Kofi Annan, kaam yn septimber 2017 yn Breesândyk op útnoeging fan 'e doetiidske minister fan Ferkear en Wettersteat Melanie Schultz-van Haegen yn it ramt fan Making Waves, in evenemint troch it gearwurkjen fan Rykswettersteat en de "Nije Ofslútdyk", foar ynnovaasjes oangeande wetter en klimaat.[5]
Ofbylden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Breesândyk (2007)
- Noarderhaven
- RED-proefynstallaasje Blue Energy
- Breesândyk op it plak dêr't Making Waves holden waard yn septimber 2017
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|