Toppenhuzen

Toppenhuzen (Oppenhuizen) is in doarp yn de gemeente Súdwest-Fryslân, krekt súdeast fan Snits, njonken it yndustryterrein Houkesloot II. Oant 2011 lei Toppenhuzen yn de eardere gemeente Wymbritseradiel. Toppenhuzen hat likernôch 1.135 ynwenners (2006), mei Twellingea der by 1602.
It plak waard yn de earste helte fan de 14e iuw Opmanhusen neamd en pas yn de 15e iuw Uytwellinga (Wtwallinghergae).
It doarp, dat by It Ges lâns boud is, foarmet tegearre mei Twellingea it twillingdoarp Top en Twel. It Ges jout it doarp ferbining mei de Houkesleat en it Prinses Margrietkanaal. Foar de boeren wie dit wetter fan belang om harren healannen te berikken. De Broersleat jout ferbining mei de Wite Brekken. Oer de dyk hat it ferbining mei Snits en mei De Jouwer.
Eastlik fan Toppenhuzen stiet de út de 19e iuw datearjende Geau's Mole, dy't it natoergebiet de Geaupolder bemealt. Hy docht dit mei de twa Amerikaanske wynmotors, de wynmotors Twellingea 1 en 2.
Op de hoeke fan de Ferbiningswei en de Sjaardawei stiet yn Toppenhuzen it keunstwurk De Trije Bruorren, yn 1996 makke troch Hennie de Boer, yn opdracht fan de Kulturele Rie Wymbritseradiel. It byldet it reuzeteltsje De Trije Bruorren út.
Oant 1986 stie efter it fabryk fan Lankhorst in spinnekopmole.
Mienskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Der is in feriening foar Doarpsbelang Top-en-Twel. Yn de buorren fan it doarp stiet It Harspit; it is tagelyk skoalle en sporthal. Der binne ek geregeld toanielfoarstellings of sportwedstriden. Der is noch in supermerk, in bakker en in slachter. Boppedat komt der in ridende griente en tsiisboer del.
Toppenhuzen hat ferskate jeugdgroepen dy't gearkomme yn saneamde keten of dophokken. Se steane û.o. oan de Afkelânsdyk en de Grutte Súdein.
Der komme leafst fjouwer bands út Top-en-Twel: Bleach, Geradbraakt, Knoprot en Related Stuff.
Ferienings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- Animato - folksdûnsjen
- Ferdivedaasje - toaniel
- Ardito en Euphonia - korpsen
- Top & Twel
- Fluchheid en Krêft - gymnastyk
- TOP '63
- Top en Twel - follybal
Befolking[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Strjitten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Ryksmonuminten yn Toppenhuzen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |