It Ges
It Ges is in rivierke yn de gemeente Súdwest-Fryslân troch it twillingdoarp Toppenhuzen/Twellingea. It Ges foarmet in ferbining tusken it Prinses Margrietkanaal en de Houkesleat.
Fan oarsprong wie it nei alle gedachten ôfwettering fan it heachfean. Yn letter tiden wie it foar de boeren fan it twjillingdoarp in wichtige farwei, ûnder oaren om fia it Ges en de dwersfearten de miedlannen berikke te kinnen.
Op in kaart fan 1849 is noch te sjen dat it wetter fan it Ges doe folle earder begûn.[1] It wetter begûn doe by it Stobberak. En sels op dat stuit is noch wer in bult op 'e kaart, as wie der noch earder noch in begjin noch fierder. Der is lykwols nette te sjen oft dat wetter oer de folle lingte deselde namme hie, of dat part doe de Súdeinsterfeart wie. Mei it oanlizzen fan it Prinses Margrietkanaal, waard it súdlike part, troch it Grut Súdein, lykwols ôfsletten. Dêrmei wie dat part dúdlik de Súdeinsterfeart. Sunt soe it Ges by it Lyts Súdein begjinne moatte, mar dat leit der ek as in dea-ein by.
Dêrmei begjint it Ges eins mar by de Easterbrêgesleat. It is al sa dat dy feart no gildt as troch dat wetter ferbûn mei it east-ein fan de Atesleat, mar dêrfoarby is it wetter dúdlik allinnich it Ges. Oan de noardein, yn Toppenhuzen, komme dan de Douwesleat en de Broersleat op it Ges út. Uteinlik komt it gear mei de Houkesleat, en rinne de twa wetters tegearre nei Snits.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |