Súdeinsterfeart
De Súdeinsterfeart is de feart dy't troch de Grutte Súdein fan Twellingea rint. Oan de noardkant is it no in dea ein, om 't dêr foarby, dwêrs dêrop, it Prinses Margrietkanaal rint. Lykwols is yn de atlas fan Eekhoff te sjen dat it wetter earder troch rûn as it Ges. Krekt hokfoar namme doe brûkt waarde op 'e Súdein is op de kaart net te sjen.
Lykwols rint de feart fierder nei it súdeasten, en komt op de Hoarsewei út. Dêrfoarby rûn noch in oare greft fierder troch Doanjewerstâl dy't in ferbining foarme mei de Jentsjemar, mar dy is der no net mear.
Underweis yn de Súdeinsterfeart is der noch in dwersfeart nei it easten, de Sjuwesleat, mar dy rint no dea eart dy op de Nauwe Geau út komt. Krekt sa wie der ticht by de súdein de Tsjerkesleat sleat nei it westen, dêr't lykwols by Eekhoff al fan oanjûn wurdt dat dy doe droech stie; skynber hat it lang gjin brûkber wetter west, hokfoar tsjerke der oarspronklik ek mei berikt wurde koe.