Broersleat



De Broersleat is in feart yn de gemeente Súdwest-Fryslân. De feart foarme earder de grins tusken de gemeenten Snits en Wymbritseradiel.
Brêgen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Benoarden de feart leit Snits en oan de súdkant Toppenhuzen. Oan de noardeastkant komt de Broersleat út yn It Ges oan de súdwestkant yn de Wite Brekken. Oer de feart lizze fjouwer brêgen: In draaibrêge, de Wite brêge, yn de Noardein fan Toppenhúzen.
Dan komme de twa fêste brêgen foar it trochferkear: De brêge fan de Lorenzstrjitte nei de Nije Dyk, en de Broersleatbrêge ûnder de A7.
Súdliker komt dan it heechhout Westpolderbrêge, dy't in paad fan it Boargemaster Rasterhoffpark yn Snits ferbinet mei de strjitte fan de Leijepoel yn Toppenhuzen..
Namme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neffens in âld ferhaal wennen yn dizze omkriten earder trije bjusterbaarlik grutte reuzen, de bruorren: Broer, Douwe en Jarich. Mei in heale pream as skeppen groeven se alle trije in feart. Sa soenen de Broersleat, mar ek de Douwesleat en de Jarichsleat ûntstien wêze.
De namme Broersleat jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Broeresloot.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De Broeresleat yn de Fryske Marren.