Wytmarsum

Ut Wikipedy
Wytmarsum
Flagge fan Wytmarsum Wapen fan Wytmarsum
Flagge Wapen
Lokaasje fan Wytmarsum
Gemeente Súdwest Fryslân
Ynwennertal (2011) 1775
Webstee http://www.witmarsum.net
De Koepeltsjerke
Betinkingsnille Minne Simens
Moune De Undernimming
Pankoekstermûne

Wytmarsum is in doarp yn de gemeente Súdwest-Fryslân en telt likernôch 1800 ynwenners. Oant 2011 wie Wytmarsum it haadplak fan de earder gemeente Wûnseradiel.

Wytmarsum leit tichteby A7 tusken de Ofslútdyk en Boalsert yn de buert fan Arum, Penjum en Wûns.

Yn it ferline hie it doarp mear as ien state, ûnder oaren Aylvastate.

It besjen wurdich[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oan de râne fan it doarp stiet sûnt ein 19e iuw de katolike tsjerke, wijd oan Nikolaas fan Tolentyn.

Yn it doarp stiet in wynmole, de yn 1850 boude nôt- en pelmole De Undernimming. Sa'n 2,5 km ten easten fan it doarp stiet de Pankoekstermûne, in út 1900 datearjende poldermole. Midden yn it doarp stiet de Koepeltsjerke. De tsjerke fan no is fan 1633, mar al yn de 10e iuw stie op dit plak in tsjerke. Menno Simons wie hjir pastoar doe't hy yn 1535 ôfstân naam fan it katolisisme en foarman waard fan de Doopsgesinden. Bûten Wytmarsum oan It Fliet stiet in monumint op it plak dêr't Menno preke hat.

De Triatlon Wytmarsum is in sportevenemint dat elts jier yn 'e earste helte fan septimber of yn 'e lêste dagen fan augustus yn en om it Fryske doarp Wytmarsum holden wurdt. It is in achtste triatlon, besteande út 'e ûnderdielen swimmen, hurdfytsen en hurddraven. Tagelyk hjirmei wurdt foar bern ek in saneamde kidsrun organisearre.

Mienskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It doarp hat fjouwer buertferienings: Fan Keats oant Harke, De Hikkesluters, It Klompke en De Stoarmhoeke. Doarpskrante is De Koepel. Der is in iepenbiere en in kristlike skoalle ('De Bonkelder') yn Wytmarsum.

De Koepeltsjerke is de herfoarme tsjerke fan it doarp.

Ferneamde Wytmarsummers[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Wytmarsum is it berteplak fan Menno Simons (1496). Hy is de ienige tsjerkeherfoarmer fan Nederlânske komôf dy't in streaming neilitten hat mei mienskippen dy't rûnom op 'e wrâld te finen binne. Geregeldwei komme der Mennonityske besikers nei it doarp om mei it berteplak fan harren stifter yn 'e kunde te kommen. Krekt bûten Wytmarsum stiet in monumint op it plak oann It Fliet dêr't Simons preke hat.
  • Pim Mulier (Willem Johan Herman), sportpionier, waard op 10 maart 1865 yn Wytmarsum berne. De fuotbal- en de keatsferiening hawwe syn namme.
  • Hans Simons (1947-2019), Nederlânsk politikus.
  • Hans de Boer[1][2] (1955 - 2021), wurkjouwersfoaroanman en ûndernimmer
  • Folkert van der Wei, keatser
  • Doekle Terpstra (16 april 1956), politikus en betsjoerder.

Ferienings en bedriuwen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Untwikkeling ynwennertal[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Strjitten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Alle strjitten fan Wytmarsum.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. Omrop Fryslân, Twa jonges ut Wytmarsum Leeuwarder Courant, 23 febrewaris 2002
  2. Hans de Boer dekoepel.eu

 
Plakken yn de gemeente Súdwest-Fryslân
Flagge fan de gemeente Súdwest-Fryslân
Stêden: BoalsertDryltsHylpenSnitsStarumWarkum

Doarpen en útbuorrens: AbbegeaAldegeaAllingawierArumBlauhúsBoazumBreesândykBritswertBurchwertDearsumDedzjumEastereinEasterwierrumEasthimEksmoarreFerwâldeFolsgeareGaastDe GaastmarGauGoaiïngeaGreonterpHartwertHeechIt HeidenskipHichtumHidaardHieslumHimmelumHinnaardDe HommertsIdzegeaIensYndykYpekolsgeaYsbrechtumItensJutrypKimswertKoarnwertKoarnwertersânKoudumKûbaardKûfurderrigeLaaksumLytsewierrumLoaiïngeaLollumLongerhouMakkumMolkwarNijhuzumNijlânOffenwierParregeaPenjumPiaamPoppenwierRaerdReahûsRienSânfurdSibrandabuorrenSkarlSkearnegoutumSkettensSkraardSkuzumSmelbrêgeSurchTersoalToppenhuzenTsjalhuzumTsjerkwertTurnsTwellingeaWaaksensWâldseinWarnsWesthimWytmarsumWiuwertWolsumWommelsWûns

Buorskippen: AaksensAbbegeasterkettingAndelahuzenAnnebuorrenArkumAtsebuorrenBaarderbuorrenDe BandBarsumBeabuorrenBessensBernsterbuorrenDe BierenBittensDe BlokkenBlomkampBoatlânBonjeterpBoppebuorrenDe BurdDyksterbuorrenDoanjebuorrenDoanjewierDraeisterhuzenEangterpEasthim (Wytmarsum)EksmoardersylFeytebuorrenFiifhûsFiskersbuorrenFjouwerhuzenFlânsumIt FlietGalamadammenGoaiïngamiedenGoaiumGrauwe KatDe GritsGrutte WiskeGreate WierrumHaaiumHarkesylDe HelHiemertHidaardersylHiddumHoekensHoarnsterbuorrenHouIdserdabuorrenIemswâldeYndyk (Boazum)IngwertIngwierJethJonkershuzenJousterpJouswertKâldehuzumDe KampenDe KatKlaeiterpDe KliuwKnossensKoaihuzenKromwâl (Boalsert)Kromwâl (Britswert)LippenwâldeDe Lytse GaastmarLytse WiskeLytshuzenMakkum (Boazum)MeilahuzenMontsamabuorrenMountsjewierDe NesNijbuorrenNijekleasterNijesylOsingahuzenPikesylDe PôleRea SkuorreRemswertRytseterpSaardSânfurder RypSyswertSjongedykSkearnebuorrenSkrokSotterum (Koarnwert)Sotterum (Skettens)SpearsSpykIt Strân SwaanwertSwarte BeienTrijehuzen (Hidaard)Trijehuzen (Snits)Trijehuzen (Wommels)TsjerkebuorrenDe WearenWesterbuorrenWesterlittensDe WierenWolsumerkettingWonnebuorren