De Undernimming (Wytmarsum)

Ut Wikipedy
De Undernimming (2008)

De Undernimming is in nôt- en pelmole (foar koarn) yn it doarp Wytmarsum yn de gemeente Wûnseradiel.

De Undernimming, in mealreeë stellingmole, waard yn 1850 boud, nei alle gedachten troch molemakker Van der Meer út Harns. It is in houten achtkante mole, dekt mei reid, op in houten ûnderbou, mei potdeksele planken dekt. De mole waard ein jierren sechtich yn ferfallen tastân troch de lêste eigener oan de gemeente Wûnseradiel ferkocht, dy't him yn 1970/1971 restaurearje liet. Dit barde ek yn 1994. De neist de mole lizzende brekfallige wente waard yn 1973 sloopt, mar is yn 1982 wer opboud. De mole hat de status fan ryksmonumint.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]