Koepeltsjerke (Wytmarsum)

Ut Wikipedy
Koepeltsjerke2009

De Koepeltsjerke is in tsjerkegebou yn Wytmarsum.

Yn 1633 waard de tsjerke boud yn opdracht fan Tjaerd fan Aylva as ferfanging fan in tsjerke út de 13e iuw dy't yn 1631 op de sealdaktoer nei troch needwaard ûnwerstelber fernield waard. Yn 1661 baarnde de toer ôf. Dy waard ferfongen troch in toer mei spits, mar yn 1819 ôfbrutsen. It skip mei in houten tonferwulft krige oan beide siden in trijesidige sluting en yn de midden in achtkante dakruter mei koepel mei twa klokken (in lytse klok út 1433 en in grutten-ien út 1656). It meubilêr komt benammen út 1683, lykas trettjin frouljusbanken en in oerkape hearebank. It oargel út 1855 is boud troch L. van Dam en Soannen en yn 1964 restaurearre troch Bakker & Timmenga. It doopfont út 1966 is makke troch Jan Murk de Vries.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: