Springe nei ynhâld

Tonferwulft

Ut Wikipedy
Tonferwulft
Tonferwulft fan in romeinsk rioel yn Keulen

In tonferwulft is in ferwulft dat oer de hiele lingte deselde foarm hat en somtiden ek wol tunnelferwulft neamd wurdt.

It tonferwulft is in âlde foarm om in ynterieur te beskermjen foar ynfloeden fan bûten. Foar safier bekend waard it tonferwulft foar it earst yn it âlde Egypte tapast en de Romeinen brûkten de technyk om rioelen oan te lizzen. It tonferwulft is ien fan de meast ienfâldige boufoarmen fan ferwulften en waard yn Europa fral tapast sûnt de romaanske arsjitektuer opgong makke.

In stiennen tonferwulft is in swiere belesting foar de muorre. De muorren moasten dêrom dik wêze en grutte iepeningen foar finsters wiene net mooglik. Yn de ûntwikkeling fan de boukeunst waard der socht om de belestling te ferminderjen. Pylders holpen bygelyks om de druk fan it ferwulft op de muorren te ferminderjen. Ek gurdlebôgen droegen by om it ferwulft op syn plak te hâlden.

De kâns op skuorren yn 'e muorren en fersakking wie mei in stiennen tonferwulft grut en al hielendal yn lannen mei in sompige ûndergrûn lykas Nederlân. Faak waard der dan ek foar houten ferwulften keazen, namste mear nei't der socht waard nei mooglikheden om gruttere finsters yn de muorren oan te bringen en der oare boustilen ûntstiene.

De gewoane foarm fan in tonferwulft is heal buisfoarmich, mar der binne ek farianten, werby in spitsbôge, in paraboalbôge, in koerbôge of in ellipsbôge de healrûne foarm fan it tonferwulft ferfangt. As twa tonferwulften inoar elk mei in oare as snije, ûnstiet der in krúsferwulft.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: