Springe nei ynhâld

Jan Murk de Vries

Ut Wikipedy
Jan Murk de Vries yn 2011

Jan Murk de Vries (Boalsert, 11 novimber 1919 - Harns, 9 maaie 2015) wie in keunstskilder, edelsmid, glêsskilder, tekener en byldhouwer.

Nei wat selsstúdzje en privee-lessen by Tsjomme de Vries yn Utert en in oplieding oan de Ryksnormaalskoalle yn Amsterdam foar in middelbere akte fan tekenleararen, besluet er definityf te kiezen foar it keunstnerskip. Doe't er him bewust waard fan syn homoseksualiteit betsjutten de earste nei-oarlochske jierren in tiid fan isolemint.

Yn Amsterdam hie Jan Murk de Vries de earste eksposysjes fan Kobra sjoen, dy't doetiids in soad omtinken lutsen. Syn learmasters Ap Sok en Johan van Zweden hiene him ûntfanklik makke foar de ferwurvenheden fan de 'klassike modernen'. Benammen it wurk fan Braque, Chagall en Picasso hie syn bewûndering losmakke. Al dy ynfloeden laten úteinlik ta syn karakteristike eigen styl. Ek tekenjen en etsen fan en eksperiminten mei sânstriel op glês. Wurk fan him hinget yn iepenbiere gebouwen yn Ljouwert en by partikulieren.

De Vries wenne yn Ljouwert (1952-1964), Harns (1964-1986) en Furdgum. Yn 2012 waard akrylaatwurk fan him tentoansteld yn it Museum foar flakglês- en emaljekeunst yn Ravenstein en yn 2013 waard syn wurk útstald yn de Broeretsjerke fan Boalsert.

Jan Murk de Vries stoar yn Harns yn de âldens fan 95 jier.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: