Furdgum

Ut Wikipedy
Furdgum
2023 Furdgum, tsjerketoer fan de Sint-Nikolaastsjerke.jpg
Emblemen
Furdgum vlag.svg               Furdgum wapen.svg
Sifers
Ynwennertal 65 (1 jannewaris 2022)
Oerflak 2,45 km²
Befolkingsticht. 28 ynw./km²
Polityk
Lân Flag of the Netherlands.svg Nederlân
provinsje Frisian flag.svg Fryslân
gemeente Waadhoeke vlag.svg Waadhoeke
Oar
Koördinaten 53° 14' N 5° 33' E
Offisjele webside
Doarpsbelang Tsjummearum-Furdgum
Kaart
Furdgum (Fryslân)
Furdgum

Furdgum is in doarp dat yn de gemeente De Waadhoeke leit. Furdgum leit noardeastlik fan Tsjummearum, noardwestlik fan Rie, westlik fan Minnertsgea en besuden de Waadsee. Op 1 jannewaris 2022 hie Furdgum 65 ynwenners. De doarpskearn fan Furdgum leit om de krúsing fan de Hearewei en Camstrawei.

De buorskip Dyskhoeke heart ek by Furdgum.

Sûnt 2018 leit Furdgum yn de gemeente De Waadhoeke, dêrfoar lei it yn de gemeente Frjentsjerteradiel en foar 1984 lei it doarp yn sawol de gritenij as de gemeente Barradiel.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Furdgum leit op de jongste kwelderwâl fan Westergoa. De Hearewei foarme eartiids in rige fan terpen, dy't hjoeddedei troch argrarysk gebrûk foar in grut part ôfflakke binne, mar der binne noch njoggen terpen fanôf it krúspunt Camstrawei/Hearewei te werkennen. Ut fynsten hat bliken dien dat sûnt de earste iuwen fan jiertelling it plak al bewenne waard en dat de bewenners sûnt de 5e of 6e iuw, wis de 7e iuw, al ikkerbou útoefenen. De terp fan Furdgum waard yn de iere midsiuwen opsmiten en sa'n fearnspart is yn 1920 ôfgroeven.[1]

Pleats op it hiem fan de eardere Camstra State fan Firdgum

De oan Sint-Nikolaas wijde tsjerke waard yn de 13e of 14e iuw boud. Nei't de tsjerke yn 1794 fanwegen brekfalligens ôfbrutsen waard, bleau de toer stean. Yn de toer hinget in liedklok út 1471.

Op it doarpsgebiet fan Furdgum stiene eartiids de Camstra State en de Jelgersma State (Camstrawei 8). De states binne ferfongen troch grutte pleatsen. Fan de Camstra State binne 16e iuwske dielen yn de pleats bewarre bleaun.

Bestjoerlike yndieling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oant de gemeentlike weryndieling fan 1984 makke Furdgum diel út fan de gemeente Barradiel. Dêrnei lei it doarp yn de gemeente Frjentsjerteradiel en sûnt de lêste weryndieling fan 2018 yn de gemeente Waadhoeke.

Kop-hals-romppleats Camstrawei

Mienskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It doarp hat mienskiplik in doarpsbelang mei Tsjummearum. Ek it ferieningslibben is mei dat doarp mienskiplik.

Tsjerke[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Skoalle[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yeb Hettinga Museum (earder iepenbiere basisskoalle fan Furdgum)

Bern geane yn 'e regel nei Tsjummearum nei skoalle. Yn it âlde gebou fan de eardere iepenbiere basisskoalle fan Furdgum is tsjintwurdich it Yeb Hettinga Museum ûnderbrocht.

Ferienings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Aktiviteitenkommisje Tsjummearum-Furdgum
  • Keatsferiening Hald Moed
  • Hynstesportferiening 'De Jelgersmaruiters' (webstee)

Argeologysk stipepunt[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Seaddehûs

Yn Furdgum is in archeologysk stipepunt yn it Yeb Hettinga Museum ûnderbrocht. it museum hat in grutte kolleksje âld ark en wikseljende tentoanstellings.

Yn it ramt fan it Regionaal Argelogysk Projekt Noardlik Westergoa, dat him meast rjochtet op oerbleaune taluds fan ôfgroeven terpen en wierden, de saneamde ‘steilkanten’, waard de terp Furdgum juny 2011 ûndersocht troch archeologen fan de RUG[2]

Yn 2013 waard yn Furdgum in seaddehûs (mei in houten kape) boud op de wize sa't yn de iere midsiuwen wenst west hawwe kin. Dat barde yn it ramt fan it promoasjeûndersyk fan de Grinzer archeolooch Daniël Postma en mei help fan frijwilligers. It seaddehûs gie ferlern troch waar en wyn yn novimber fan dat jier. Der kaam lykwols in nij seaddehûs dat novimber 2015 offisjeel iepene waard. De Yeb Hettinga Museum sil de eksploitaasje op 'e noed nimme. Al dwaande hawwe de makkers in protte ynsicht krige yn de manier fan bouwen fan de terpbewenners yn de 6e iuw, 7e iuw en 8e iuw.[3]

Strjitten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Camstrawei, Griene Dyk, Hearewei, Hoarnestreek, Tjessingawei, Seedyk

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

It doarp hat mei Tsjummearum in eigen webstee.

  1. Wierdenen terpen.nl, oproppen 5 maart 2023
  2. Ljouwerter Krante 22 juny 2011, s. 15 Dorp van de laatste terpenbouwers.
  3. Firdgum bewijst dat zodenbouw ook toekomst heeft, Frysk Deiblêd, 30 novimber 2015, s. 27