Springe nei ynhâld

Minnertsgea

Ut Wikipedy
Minnertsgea
Emblemen
               
Bestjoer
Lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Waadhoeke
Sifers
Ynwennertal 1.820 (1 jannewaris 2023)[1]
Oerflak 12,03, wêrfan: km²
- lân: 11,95
- wetter: 0,07 km²
Befolkingsticht. 147 ynw./km²
Oar
Koördinaten 53° 15' N 5° 35' E
Offisjele webside
Doarpsside
Kaart
Minnertsgea (Waadhoeke)
Minnertsgea

Minnertsgea (Biltsk: Minnertska) is in doarp dat yn de gemeente De Waadhoeke leit. Minnertsgea leit noardlik fan Rie, eastlik fan Furdgum en Tsjummearum, westlik fan Wier en besuden Sint-Jabik. De doarpskearn fan Minnertsgea leit benammen om de Meinardstsjerke hinne. By it doarp heart ek it westlike diel fan it grinsstreekje Moaie Peal.

It doarp hat 1.820 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners.

Minnertgea is it meast eastlike terpdoarp fan de wichtichste kwelderwâl fan it âlde Barradiel. Der wurdt oannaam dat it terpdoarp Minnertsgea al yn it jier 1000 bestie, wierskynlik as eilân. [boarne nedich] Minnertsgea wurdt yn 1168 al neamd.

De Meinards- of Sint-Martinustsjerke

Yn dy tiid stie de oan Sint-Martinus wijde tsjerke der ek al, dy't nei alle gedachten likernôch 1120 boud wêze moat. Yn 13e-iuwske kroniken wurdt it doarp Minderskerka neamd en ek as Meynardiskerka. De tsjintwurdige letgoatyske tsjerke waard yn de 15e en 16e iuw yn ferskillende fazen boud, mar oan de noardlike kant is noch in stikje muorrewurk te sjen fan de eardere tsjerke.

Om Minnertsgea hinne leine ferskillende stinzen en states. Noardeastlik fan it doarp stie Grut-Hermana. Grut-Hermana waard al nei 1700 ôfbrutsen. Tsjintwurdich stiet op it plak in pleats, dy't troch de útwreiding fan it doarp no yn it midden fan it doarp stiet. Allinne in stikje fan de grêft is bewarre bleaun. In oare state wie it 16e-iuwske Lyts-Hermana, dy't noardlik fan de Hearewei stie en it langer folholden hat en pas yn 1836 ôfbrutsen waard.

De pleats op de lokaasje fan Grut-Hermana

Oan de hjoeddeiske W. Binnemaleane stie de Sixma fan Andlastate, dy't nei in tiid fan ferfal om 1800 hinne ôfbrutsen waard. Grut-Tsjessinga stie oan de westlike kant fan it doarp (oan de Tsjessingawei). Fan dy state is net in soad bekend en it iennige dat fan de state oerbleaun is, binne de singels om de grêft. Oan de oare kant fan de Tjessingawei lei de Haytsma State. Yn de Tegenwoordige Staat van Friesland waard yn 1780 al skreaun dat Haytsma State al lang ôfbrutsen wie. Op de 2,8 meter hege terp op de lokaasje stie oant 1500 in kapel fan Haitsma State.[3]

Yn de 19e iuw hie it doarp in sûkereifabryk. Op 2 desimber 1902 waard by Minnertsgea in stasjon iepene oan it NFLS-spoar fan Stiens nei Harns. De ôfkoarting fan de stasjonsnamme wie Mn en it stasjon lei op 15 kilometer fan Stiens. Op 1 desimber 1940 waard it stasjon wer sluten.

Oant 1832 wie Minnertsgea it haadplak fan de doetiidske gritenij Barradiel. Yn dat jier ferhûze it gritenijbestjoer nei Seisbierrum. Oant 1984 bleau Minnertsgea ûnderdiel fan de gemeente Barradiel. Ek al hearde Minnertsgea net by it Biltske taalgebiet waard it doarp yn dat jier yndield by de gemeente It Bildt. It wie it âldste doarp yn dy gemeente. Sûnt de lêste weryndieling yn 2018 heart it doarp by de gemeente De Waadhoeke.

Meinardswei

Minnertsgea leit op de easterein fan De Bjirmen, net fier westlik fan Wier. Dêrmei leit it krekt súdwestlik fan de Hege Dyk, de âlde waaddyk dêr't de polders, fan de Middelsee tsjinoan lizze. It doarp leit oan de N393, dy't nei it westen nei Tsjummearum giet en nei it noarden nei Sint Jabik. Nei it suden is it doarp fia de Minnertsgeaster Feart ferbûn mei De Ried by it doarp Rie.

Sûnt 2019 hat Minnertsgea in Multyfunksjonele Akkomodaasje, dy't 'de Doarpsfinne' hjit en dêr't de doarpsaktiviteiten ûnderbrocht binne. Ek it doarpsargyf krige in plakje yn 'e Doarpsfinne. In Minnertsgeaster wurdt tradisjoneel útskolden foar keallebout.[4]

Eardere grifformearde tsjerke
De Wikipedy hat ek in side Meinardstsjerke.

De grifformearde tsjerke stie op de Tilledyk en mei de foarming fan de PKN-gemeente Minnertsgea waard dêr op 24 juny 2001 foar it lêst in tsjinst holden. De PKN hat de tsjerketsjinsten yn de eardere herfoarme tsjerke, de Meinardstsjerke.

Minnertsgea hie earder twa basisskoallen: de iepenbiere basisskoalle 'De Lytse Terp' en kristlike basisskoalle 'De Wizebeam'. Yn augustus 2021 fusearren de basisskoallen ta Yntegraal Bernesintrum (IKC) 'De Twirre'.

Skoalle
It Stasjonskofjehûs

Befolkingsferrin

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier 1840 1954 1959 1964 1969 1974 2013 2015
Ynwenners 1140 1890 1869 1807 1869 1921 1809 1791
Jier 2020
Ynwenners 1730

(Boarnen: 1840: Plaatsengids; 2013, 2015 en 2020: Alle Cijfers.)

17e-iuwske gevelstien fan Adam en Eva dy't fan in ingel út it Paradys ferdreaun wurde (Meinardswei 40, Minnertsgea)

Berne yn Minnertsgea

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • A.D. Wumkes "Om toer en tsjerke fan Minnertsgea"
  • Pieter B. Winsemius "Bydrage ta syn Skiednis"
  • Klaas Schotanus en Gosse Vogel "Minnertsgea, lykas it wie ....."
  • Dooitze Swart "Dorpsperikelen" (Minnertsga in de jaren dertig)
  • "Oantinkens oan Minnertsgea" [boarne nedich]

Alle strjitten yn Minnertsgea.

  • It wapen fan de famylje Hermana wie de basis foar wapen en flagge. De nôtskeaf is ûntliend oan it wapen fan de gemeente Barradiel en de seehoarn oan it wapen fan It Bilt.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. https://opendata.cbs.nl/statline
  2. https://opendata.cbs.nl/statline
  3. Dooitze Zwart, Rondgang langs het verleden, Uytland 2001
  4. List mei skelnammen, útjûn troch de AFUK yn de jierren 1980 mei ferwizing nei in jierboekje fan de Fryske Akademy, skreaun fan Ph.H. Breuker