Doekle Terpstra
Doekle Terpstra (Wytmarsum, 16 april 1956) is in Nederlânsk bestjoerder. Terpstra wie oant 2005 de foarsitter fan it Kristlik Nasjonaal Fakferbûn (Christelijk Nationaal Vakerbond, CNV). Yn dat jier waard hy foarsitter fan de HBU-rie, dêrneist wie er fan 2009 oant septimber 2013 foarsitter fan it Keninklik Nederlânske Reedriders Bûn KNSB.
Terpstra is troud en hat twa dochters. Hy wennet yn Leardam.
Libbensrin
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Doekle Terpstra studearre neidat hy de mafû en de hafû ôf hie personielswurk en arbeidsferhâldings oan de Kristlike Sosjale Akademy 'De IJsselpoort' yn Kampen. Nei syn stúdzje waard hy fuort aktyf foar it CNV, as regiobestjoerder fan it Yndustry- en Fiedselbûn CNV yn Rotterdam. Letter waard hy lid fan it deistich bestjoer fan dat bûn.
Terpstra wie fan desimber 1998 oant 1 maaie 2005 foarsitter fan de faksintrale CNV, hy wie hjirmei de opfolger fan Anton Westerlaken. As foarsitter fan de CNV wie hy ek lid fan de Sosjaal Ekonomyske Rie (SER) en de Stifting fan de Arbeid. Sûnt 1 maaie 2005 is hy foarsitter fan de HBU-rie. Syn opfolger by it CNV waard René Paas.
Ek hat Terpstra bestjoerslid fan it Wrâldferbûn fan de Arbeid en it Jeropeesk Bûn fan Fakferienings west.
Neist foarsitter fan de HBU-rie en de KNSB is Terpstra hjoed de dei ek foarsitter fan ûnder oare de Yntertsjerklik Organisaasje foar Untwiklingsgearwurking (ICCO) en lid fan de Rie fan Tafersjoch fan de Publike Omrop. Dêrneist hat hy ek plak yn it kommissariaat fan Grontmij Nederlân Holding BV, Aegon en Unilever. Op 30 maart 2009 makke de bûnsrie fan it Keninklike Nederlânske Reedriders Bûn bekend dat Terpstra foardroegen wie as foarsitter fan dit bûn. Ein juny 2009 moast de nije foarsitter troch de ledengearkomste (it bûnskongres) keazen wurde.
Ein jannewaris 2008 waard Terpstra oanwiisd as tuskenman tusken minister Guusje ter Horst en de plysjefakbûnen yn de diskusje oer de kao fan it plysjepersoniel.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Doekle Terpstra fan Wikimedia Commons. |
- Siden dy't by de tiid brocht wurde moatte
- Frysk fakbûnslieder
- Frysk polityk aktivist
- Frysk bestjoerder
- Frysk sportbestjoerder
- Frysk konservatyf
- Nederlânsk fakbûnslieder
- Nederlânsk polityk aktivist
- Nederlânsk bestjoerder
- Nederlânsk sportbestjoerder
- Nederlânsk konservatyf
- Nederlânsk persoan fan Frysk komôf
- Persoan berne yn Wytmarsum
- Persoan berne yn 1956