Jeth

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Lokaasje yn de gemeente Littenseradiel

Jeth is in buorskip yn de gemeente Súdwest-Fryslân en leit noardwestlik fan it doarp Britswert. Jeth leit oan de Jaanfeart en de dyk nei Skillaard, oan dy dyk steane in stikmannich pleatsen. Ien fan de boerepleatsen hjit Abbingastate.

Ferskaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • De 8 fan Jeth is in jierliks (ynternasjonaal) evenemint yn de hynstesport, besteande út in acht-foarmige rûte tusken Wiuwert en Britswert foar maratonweinen (inkel-, dûbel- en fjouwerspan) mei acht hindernissen, organisearre troch it pleatslik fokbedriuw foar Fryske hynders (Jeth nr. 5).
  • By de pleats op Jeth nr. 9 sit in boerekamping De Greidhoeke.