Britswert

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Britswert
Flagge fan Britswert Wapen fan Britswert
Flagge Wapen
Lokaasje fan Britswert
Gemeente Súdwest-Fryslân
Ynwennertal (2004) 120
Webstee Doarpshûs Us Honk
Wynmotor by Britswert

Britswert is in doarp yn de gemeente Súdwest-Fryslân, east fan Wommels by de Frjentsjerter Feart. It doarp hat likernôch 120 ynwenners (2004).

Oant de gemeentlike weryndieling yn 1984, makke Britswert diel út fan de gemeente Baarderadiel. Neidat it yn 1984 oergien wie nei de nije gemeente Littenseradiel kaam it yn 2018 by de gemeente Súdwest-Fryslân. Besuden it doarp stiet in lytse Amerikaanske wynmotor.

Mienskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De eardere skoalle wurdt nei ferbouwingen sûnt 1982 as doarpshûs ( Us Honk ) brûkt. De feriening fan Doarpsbelangen Britswert/Wiuwert hat in wynmole "De Twa doarp" oankocht. De opbringst is foar de mienskip.

Tsjerke[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De romaanske Sint Joaristsjerke is boud mei Fryske moppen stiet op de terp fan it doarp. Trochdat de terp ôfgroeven is, is it koerein fersakke. Geert van Wou jr. makke de tsjerkeklok út 1534 en oan de súdkant sit in lytse poarte dy't in herinnering oan de famylje Van Aylva is. Fan dy famylje is ek de tinkstien by de yngong. Yn de tsjerke leit in sarkstien fan de famylje Aggema. Yn 1514 hat de tsjerke yn'e brân stien.

Simmerdeis is yn it gebou wurk fan Fryske keunstners te sjen.

Doarpswapen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De gouden brêge kommt fan brits dat brêge betsjut, -wert komt fan wird of terp. Oant 1855 lei it doarp oan in útrinner fan de see en wie skipsbou fan belang. Dit wurdt troch it anker werjûn. De leelje symbolisearret de spesifike planten yn de eardere Britswerter Mar. It klaverblêd is in symboal foar de lânbou.

Ferienings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Strjitten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Buorren, Froonackerdyk, Jeth, Kleasterdyk, Kromwâl, Swarte Mole, Terp.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: