Hou (útbuorren)
Appearance
Hou | ||
Polityk | ||
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Súdwest-Fryslân | |
himrik | Koarnwert | |
Oar | ||
Koördinaten | 53° 6' NB, 5° 23' EL | |
Kaart | ||
Hou is in delsetting noard fan Koarnwert, dêr't er offisjeel ûnder falt, yn de gemeente Súdwest-Fryslân. De namme komt ek foar as Houw, Het Houw, Houwe(n) en 't Houw.
De buorskip bestiet út fiif huzen en twa pleatsen by de Houdyk, de Iselmardyk del benoarden de Doarpswei oant it knooppunt Surch, pleatslik de Kop fan Ofslútdyk neamd. Mei de buorskip wurdt gauris de âlde terp, dêr't de Houpleats op stiet, mei ornearre. De oarspronklike pleats wie ien fan de grutsten yn Fryslân. Hy baarnde yn 1934 ôf en waard ferfongen troch in lytseren ien. De huzen oan 'e seedyk wiene fanâlds fiskershuzen.
Eastlik fan de buorskip wurde yn 2022 seis wynmûnen fan Wynpark Nij Hiddum-Hou pleatst.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|