Sotterum (Koarnwert)
Sotterum | ||
Lizzing fan Sotterum | ||
Polityk | ||
Lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Súdwest-Fryslân | |
himrik | Koarnwert | |
Oar | ||
Koördinaten | 53° 5' NB, 5° 23' EL | |
Kaart | ||
Sotterum is in buorskip by Koarnwert yn de gemeente Súdwest-Fryslân. Sotterum leit oan de Iselmarseedyk tusken Koarnwert en Makkum en bestiet út twa pleatsen en trije hûzen. Ek de fierderôf lizzende pleatsen Boeyenkamp en De Eenhoorn wurde wol ta Sotterum rekkene.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Benoarden Makkum lei oan de seedyk by Sotterum in skâns dy't yn de winter fan 1580 - 1581 troch Steatske troepen opsmiten wie foar de besetting fan Makkum. Spaanske troepen ûnder oanfiering fan Rennenberg hiene troch de gânse Fryske súdwesthoeke rûntôge en hiene de Makkumer skâns ynnaam om fan dêrút Boalsert te belegerjen. Wylst foar de kust weitse waard om Spaanske útfallen en fersterkingen tefoaren te kommen waard hastich in skâns op Sotterum opsmiten. Dat wie it wurk fan grytman Jancke fan Osinga, dy't boeren yn de omkriten hiet mei te wurkjen oan de bou fan de Sotterumer skâns.
De oanfallen fan Makkum ôf waarden mei súkses ôfslein. De strideraasje duorre sa'n twa oant trije wiken doe't de Steatsken der yn slaggen Makkum yn te nimmen. De Sotterumer skâns waard dêrnei ôfbrutsen en it guod waard nei Makkum brocht foar it fersterkjen fan de skâns dêre.
Ek moast by Sotterum in syl west hawwe, dêr't it wetter fan Boalsert oer de Makkumermar, Molkfeart, Silaardermar en de Koarnwerter Feart (troch Wumkes yn 1890 Sylroede neamd) ôffierde. By in syl moat der tocht wurde oan in ienfâldige wetterôffier. By leech wetter yn de Sudersee koe it oerstallich wetter útsmiten wurde koe.[1]
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|