Skearnegoutum

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Skearnegoutum
Flagge fan Skearnegoutum Wapen fan Skearnegoutum
Flagge Wapen
Lokaasje fan Skearnegoutum
Gemeente Súdwest-Fryslân
Ynwennertal (2011) 1666
Webstee http://www.skearnegoutum.nl
De Martenstsjerke yn Skearnegoutum

Skearnegoutum (Nederlânsk: Scharnegoutum) is in doarp yn de gemeente Súdwest-Fryslân. Oant 2011 lei Skearnegoutum yn de eardere gemeente Wymbritseradiel. It doarp hat likernôch 1666 ynwenners (2011). Skearnegoutum leit trije kilometer benoarden Snits, oan de Swette (Snitser Trekfeart). It is ien fan de doarpen fan de Snitser Fiifgea. De ynwenners hawwe as bynamme Sûkerfretters.

Skearnegoutum is ûntstien op in terp. By opgravings binne yn dizze terp foarwerpen út de 4e iuw fûn. It doarp lei yn it earstoan oan de Middelsee oant dy om 1300 hinne drûchlein waard. Mei de doarpen Loaiïngea, Goaiïngea, Gau, en Offingawier, foarme Skearnegoutum yn de Midsiuwen in ferbûn. Ut dy tiid komt in wapen mei in fiifpuntige stjer dy't de fiif doarpen foarstelt.

Skearnegoutum hie fan 6 juny 1883 oant 15 maaie 1938 in stasjon oan it spoar Ljouwert - Starum. De stasjonskoade fan Stasjon Skearnegoutum wie Sgm. Op 1 juny 1940 waard it stasjon weriepene, mar op 24 novimber fan dat jier waard it wer sletten. Yn 1897 waard it Koöperative Suvelfabryk Skearnegoutum oprjochte. Yn 1972 waard it fabryk sletten.

De fersetsstrider Willem Santema is hjir berne.

Doarpswapen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De stjer slaat op de eardere fiif doarpen yn it noarderkertier fan Wymbritseradiel dêr't Skearnegoutum it haadplak fan wie. De kleuren binne ek ûntliend oan it wapen fan Wymbritseradiel. De dwersbalke is de Swette, it wetter dat troch it doarp rint. De earn komt fan it wapen fan Karel V, dat yn de doarpstsjerke ôfbylde is.

Mienskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 2010 wie it doarp dwaande foar in nij doarpshûs Elim. Ek húsartsen soenen hjir in romte yn krije. Der binne fiif buertferienings: buorskip Mastenbroek, beskerme wenje Fridsmastrjitte, Willem Santemastrjitte, St Martensdijk en Alddyk. De Doarpsomropper is de namme fan de doarpskrante.

Ferienings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Krekt sa't Rôlet - Jeu de Bouleferiening
  • De stadige Strikers - damjen
  • De Lakenkrakers - biljerte
  • Sport Staalt Spieren - gymnastyk
  • De Lytse Stuit- keatsen
  • De Skearnetikkers- tennis
  • Swette Switters - follybal
  • Fuotbalferiening Skearnegoutum '70
  • BCS'76 - badminton
  • De Brûskoppen - shantykoar
  • De Fiere Fammen - frouljuskoar
  • Excelsior - korps
  • Stichting Natuergebiet de Flearen/Oer`t Lange Rek

Befolking[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Strjitten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Alle strjitten yn Skearnegoutum.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: