Berend Joukes Fridsma
Berend Joukes Fridsma | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 15 jannewaris 1905 | |
berteplak | Skearnegoutum | |
stoarn | 12 oktober 2005 | |
stjerplak | Grand Rapids | |
etnisiteit | Frysk | |
wurkpaad | ||
berop/amt | Heechlearaar | |
aktyf as | taalkundige, dichter, Frysk taalaktivist |
Berend Joukes Fridsma (Skearnegoutum, 15 jannewaris 1905 - Grand Rapids (Michigan), 12 oktober 2005) wie in taalkundige en dichter.
Libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De húshâlding Fridsma emigrearre yn 1910 nei de Feriene Steaten. Fridsma waard mei 29 jier lid fan de Fryske Krite 'Gysbert Japiks' yn Grand Rapids.
Fridsma wie heechlearaar Dútsk oan Calvin College yn Grand Rapids Michigan, fan 1956 oant 1970, grûnlizzer fan it Frysk Ynformaasjeburo (Frisian Information Bureau, 1943-1984), redakteur fan Frisian News Items en strider foar de Fryske saak yn Amearika. De aksje foar Fryslân is te begripen út Fridsma’s kristlike eftergrûn: it sykjen fan gerjochtichheid. Al ier lid fan it Kristlik Frysk Selskip hat er de Fryske Beweging breder opfette as allinne mar in taalbeweging.
Hy publisearre yn Fryske tydskriften en skreau oersjoggen fan Fryske literatuer yn Amerikaanske ensyklopedyen. Yn 1991 waarden syn oantinkens en in bondel fersen útbrocht.
Fridsma en in tal meistanners en syn ideële meistrider Lolle Piers de Boer pleiten yn 1943 by it Nederlânske regear yn Londen foar mear autonomy foar it Fryslân fan nei de Twadde Wrâldoarloch.
Sitaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 'De Friezen wurde krekt sa diskriminearre as de negers' [1]
Oar wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- The place of the Frisians yn Dutch history (1928)
- Twaklank: in mannich fersen, oarspronklik en oerset. (1991)
- De nea ferbrutsen bân. 60 jier Fryske Aksje yn Amearika. Autobiografy (1991). De Tille, Ljouwert
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Oldest living Calvin College professor emeritus Fridsma dies at age 100. Tireless Frisian heritage promoter, Godutch.com, 7 novimber 2005 (Internet Archive).
- Piebenga, Tjitte, Poëzij fan Bearend Fridsma: ynspiraasje troch argewaasje, Ljouwerter Krante, 6 desimber 1991.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
- Frysk taalkundige
- Frysk heechlearaar
- Frysk dichter
- Frysk publisist
- Frysk tydskriftredakteur
- Frisiast
- Frysk taalaktivist
- Amerikaansk taalkundige
- Amerikaansk heechlearaar
- Amerikaansk dichter
- Amerikaansk publisist
- Amerikaansk tydskriftredakteur
- Amerikaansk taalaktivist
- Amerikaansk persoan fan Frysk komôf
- Persoan berne yn Skearnegoutum
- Persoan berne yn 1905
- Persoan stoarn yn 2005