Poppenwier

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Poppenwier
Flagge fan Poppenwier Wapen fan Poppenwier
Flagge Wapen
Lokaasje fan Poppenwier
Gemeente Súdwest-Fryslân
Ynwennertal (2008) 177
Webstee Webstee Poppenwier
de himrik fan Poppenwier

Poppenwier is in doarp sûnt 1 jannewaris 2014 yn de gemeente Súdwest-Fryslân tusken Jirnsum en Dearsum oan de Snitser Aldfeart. It is it meast noardlike doarp fan De Lege Geaen. It doarp hat likernôch 190 ynwenners (2004).

Yn 1989 waard de offisjele namme Poppingawier troch de gemeente Boarnsterhim feroare yn Poppenwier.

Poppenwier hat twa tsjerken, de doopsgesinde en de Nederlânske Herfoarme Tsjerke. De grifformearde tsjerke wurdt no as aula brûkt, en foar eksposysjes en sjonggroepen.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It doarp moat al hiel âld wêze. Der binne potdiggels fûn út de 1e iuw oant de 10e iuw. De diggels binne fan "Koegelpotten" en Rynlânsk ierdewurk. Yn 1478 waard even benoarden Poppenwier it kleaster Ingwert stifte, in kleaster fan de grauwe beginen. By it doarp stie eartiids de Albadastins. De namme Poppenwier komt út de 14e iuw fan de manljusnamme Poppe, mei wier yn de betsjutting fan terp.

Oant de gemeentlike weryndieling yn 1984 makke Poppenwier diel út fan de eardere gemeente Raarderhim, neamd nei ien fan de Himpolders.Fan 1 jannewaris 1984 oant 31 desimber 2013 hearde it doarp by de yntusken skraste gemeente Boarnsterhim

Mienskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De bern gean meast nei de skoalle fan Tersoal en Raerd. De befolking fan it doarp bestiet foar in grut part út "ymmigranten". Nei de sluting fan it doarpshûs anneks kafee De Herberch hat de doarpsmienskip it nije doarpshûs De Trilker boud, it hert fan it kulturele en sosjale libben. Der is in feriening foar Pleatslik Belang, de Merkekommisje is foar de feesten. De stifting Pop'nPop organisearret oan it lân oan de Marsherne in muzikaal túnfeest. Yn it doarpshûs sit ek jeugdsoas Catweazle. Der binne de lêste jierren in tal festiviteiten mei preammen, sa is der in wedstryd tusken preammen fan doarpen yn De Legean.

Ferienings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Foarút - toaniel
  • Auke Roukes - koar
  • biljertferiening
  • Tryntsje Piters - iisklup
  • TTV - toulûken
  • Kubus - follybal
  • frouljusferiening
  • jeugdfûgelwacht
  • dartklub

Foarhinne wie der ek in tafeltennis en jeugdbiljertferiening. Ek wie der eartiids it "Poppenwierster kuorbal".

Befolking[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Strjitten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Binnenbuorren, Bûtenbuorren, Bûtlânswei, Fiskerssteech, Harstawei, Ingwert, Marsherne, Pôle, Skoalsteech.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]