Grutte Wiske
| Grutte Wiske | ||
| Bestjoer | ||
| gemeente | ||
| himrik | ||
| Oar | ||
| Postkoade | 8723 | |
| Netnûmer | 0514 | |
| Tiidsône | UTC +1 | |
| Simmertiid | UTC +2 | |
| Koördinaten | 52° 57' NB 5° 26' EL | |
| Kaart | ||
Grutte Wiske of Koudumer Wiske is in buorskip yn de gemeente Súdwest-Fryslân. Grutte Wiske leit yn de himrik fan Koudum en bewesten de Slieperdyk, dy't hjoed-de-dei part is fan de N359, en eastlik fan Hylpen. Oan de oare kant fan de N359 leit Lytse Wiske. De buorskip leit oan de dyk Grutte Wiske en bestiet út in trijetal pleatsen en huzen en leit yn de Grutte Wiskepolder. De Easterfeart rint oan 'e noardkant fan de buorskip.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1543 wurdt faaks mei de fariant Wistra de buorskip mei ornearre. Yn 1622 wurdt troch Winsemius ûnder Koudum de buorskip Terwisga neamd. Op in kaart út 1664 komt Gr. Wiske en Cl. Wiske foar. Het gie oarspronklik om in fjildnamme op grûn fan it wurd wiska, itjinge sokssawat as "leech lizzende greide, dat winterdeis ûnderstrûpt" betsjut.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|