It Fliet (Wytmarsum)
| It Fliet | ||
| Tinknulle foar Minne Simens | ||
| Bestjoer | ||
| Gemeente | ||
| Himrik | ||
| Oar | ||
| Postkoade | 8748 | |
| Tiidsône | UTC +1 | |
| Simmertiid | UTC +2 | |
| Koördinaten | 53° 6' N 5° 29' E | |
| Kaart | ||
It Fliet wie in delsetting súdeast fan Wytmarsum yn de gemeente Súdwest-Fryslân. Opgien yn Wytmarsum, de buorskip bestiet út in twatal pleatsen en in túnsintrum.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De namme komt ek foar as Fleet, Het Vliet en Fliet. De namme ferwiist nei in lyts streamend wetter, fliet.
Minne Simens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Dêr stiet ek in tinknulle fan Minne Simens op it stee dêr't syn 'preekhûs' stien hat. Hy hat dêr tusken 1531 en 1536 wenne. De tinknulle waard yn 1879 boud en wurdt omskreaun as yn sobere eklektyske styl mei neoklassistyske motiven. It stiet op in omgrêft stikje lân mei beammen dêromhinne.
Justjes dêrboppe, op it plak dêr't it tsjerkje fan Minne Simens stien hat, waard yn 2008 in kontoeretsjerkje fan kleure stiel, in replika fan it yn 1876 sloopte tsjerkje, boud. It tsjerkje waard yn 1828 boud, op it plak dêr't it hûs fan Minne Simens stie dêr't minnisten iuwenlang byinoar kamen. Nei it ôfbrekken fan it tsjerkje waard yn Wytmarsum in nije tsjerke boud.[1][2]
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|