Springe nei ynhâld

Ymswâlde

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Iemswâlde)
Ymswâlde
De Ymswâlderbrêge
De Ymswâlderbrêge
Bestjoer
Gemeente Súdwest-Fryslân
Himrik Tsjerkwert
Oar
TiidsôneUTC +1
SimmertiidUTC +2
Koördinaten53° 03' NB, 5° 31' EL
Kaart
Ymswâlde (Súdwest-Fryslân)
Ymswâlde

Ymswâlde is in buorskip fan Tsjerkwert yn de gemeente Súdwest-Fryslân. Ymswâlde leit besuden Boalsert oan de Bluodderige Feart en noardlik fan Tsjerkwert. De buorskip leit op en om in âlde terp hinne en bestiet út in twatal pleatsen op in terp (dêr't yn 2007 ien fan ôfbaarnde) mei dêromhinne noch in stikmannich ferspraat lizzende pleatsen oan de Ymswâlderleane. Westlik fan 'e buorskip rint de Warkumer Trekfeart en noardeastlik rint De Wimerts.

De namme komt ek foar as Imisuaalde, Hymeswald, Ymswolde, Ynswada, Imswardt, Ymswalden, Imisualde, Imswolde en Eemswoude. De namme betsjut sokssawat as sompe (wâld) fan 'e persoansnamme Ieme/Yme, mei de grûnbetsjutting "grut", "geweldich".

Yn 855 waard Ymswâlde oan Kleaster Werden skonken. Nei 1330 waard er in úthôf fan in kleaster Hospitaal yn Snits. Yn 1580 ferfoelen de kleasterbesittings oan de herfoarme tsjerke fan Boalsert. Yn de 17e iuw wennen der in soad roomske minsken. Ynwennertal: (1957) 55.

De buorskip bleau foar in lange tiid isolearre, dochs fan 'e 18e iuw ôf waard er mei brêgen ûntsletten. Fan dy brêgen is allinnich dy fan de Ymswâlderleane oer de Warkumer Trekfeart oerbleaun. Dy waard yn 1990 ferfongen troch in nije brêge, dy't de hjoeddeistige Fryskenamme fan 'e buorskip hat: Ymswâlde.

Yn 1996 waard Ymswâlde oansletten op it ierdgasliedingnet oansletten.

Oant 2011 lei Ymswâlde yn 'e eardere gemeente Wûnseradiel.

Berne yn Ymswâlde

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In ferneamde Ymswâldster is Hylke Speerstra dy't op 7 juny 1936 berne waard op in buorkerij yn Ymswâlde.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Súdwest-Fryslân
Stêden:
BoalsertDryltsHylpenSnitsStarumWarkum
Doarpen en útbuorrens:
AbbegeaAldegeaAllingawierArumBlauhúsBoazumBreesândykBritswertBurchwertDearsumDedzjumEastereinEasterwierrumEasthimEksmoarreFerwâldeFolsgeareGaastDe GaastmarGauGoaiïngeaGreonterpHartwertHeechIt HeidenskipHichtumHidaardHieslumHimmelumHinnaardDe HommertsIdzegeaIensYndykYpekolsgeaYsbrechtumItensJutrypKimswertKoarnwertKoarnwertersânKoudumKûbaardKûfurderrigeLaaksumLytsewierrumLoaiïngeaLollumLongerhouMakkumMolkwarNijhuzumNijlânOffenwierParregeaPenjumPiaamPoppenwierRaerdReahûsRienSânfurdSibrandabuorrenSkarlSkearnegoutumSkettensSkraardSkuzumSmelbrêgeSurchTersoalToppenhuzenTsjalhuzumTsjerkwertTurnsTwellingeaWaaksensWâldseinWarnsWesthimWytmarsumWiuwertWolsumWommelsWûns
Buorskippen:
AaksensAbbegeasterkettingAltenaAndelahuzenAnnebuorrenArkumAtsebuorrenBaarderbuorrenDe BandBarsumBeabuorrenBessensBernsterbuorrenDe BierenBittensDe BlokkenBlomkampBoatlânBonjeterpBoppebuorrenBrânburrenDe BurdDyksterbuorrenDoanjebuorrenDoanjewierDraeisterhuzenEambuorrenEangterpEasthim (Wytmarsum)EksmoarstersylFallingabuorrenFeytebuorrenFiifhûsFilensFiskersbuorrenFjouwerhuzenFlânsumIt FlietGalamadammenGoaiïngamiedenGoaiumGrauwe KatDe GritsGrutte WiskeGreate WierrumHaaiumHarkesylDe HelHiemertHidaardersylHiddumHoekensHoarnsterbuorrenHouIdserdabuorrenYmswâldeYndyk (Boazum)Yndyk (Parregea)IngwertIngwierYsgumYtsumJethJonkershuzenJousterpJouswertKathuzumDe KampenDe KatKathuzumKlaeiterpDe KliuwKnossensKoaihuzenKromwâl (Boalsert)Kromwâl (Britswert)Laerd en SaerdLippenwâldeDe Lytse GaastmarLytse WiskeLytshuzenLonjéMakkum (Boazum)MeilahuzenMonebuorrenMontsamabuorrenMountsjewierMûntsebuorrenDe NesNijbuorrenNijekleasterNijesyl't NoardOsingahuzenPikesylDe PôleRea SkuorreRemswertRytseterpSaardSânfurder RypSylsterbuorrenSyswertSjongedykSkearnebuorrenSkrokSotterum (Koarnwert)Sotterum (Skettens)'t SouSpearsSpykIt StrânSwaanwertSwarte BeienTrijehuzen (Hidaard)Trijehuzen (Snits)Trijehuzen (Wommels)TsjerkebuorrenDe WearenWesterbuorrenWesterlittensDe WierenWolsumer KettingWonnebuorren
· · Berjocht bewurkje