Blomkamp

Ut Wikipedy
Blomkamp
Wynmotor Hartwert
Wynmotor Hartwert
Polityk
Lân flagge fan Nederlân Nederlân
provinsje flagge fan Fryslân Fryslân
gemeente Flagge fan Súdwest-Fryslân.png Súdwest-Fryslân
plak Flagge fan Hartwert.gif Hartwert
Oar
Koördinaten 53° 4' NB, 5° 35' EL
Kaart
Blomkamp (Fryslân)
Blomkamp

Blomkamp is in delsetting fan fjouwer pleatsen oan de eastkant fan Hartwert, dêr't it ûnder falt, yn de gemeente Súdwest-Fryslân, foar 2011 Wûnseradiel.

It is in oerbliuwsel fan it kleaster Blomkamp dat yn 1191 stifte waard út it kleaster Klaarkamp wei. De namme is in oersetting fan de Latynske namme Floridi Campi út 1200. Yn 1453 waard de namme feroare ta Floercamp.

Yn 1233 waard út dit kleaster wei de frouljuskleaster Nijekleaster by Skearnegoutum stifte. Sadwaande waard Blomkamp ek wol Aldekleaster neamd.

It kleaster waard yn jannewaris 1535 beset troch werdopers ûnder lieding fan Jan fan Geelen. Steedhâlder Georg Schenk fan Toutenburch belegere op twadde peaskedei yn april 1535 it kleaster en dat foarfal kaam bekend te stean as it Belis fan Aldekleaster. Nei it belis waarden der 100 werdopers oppakt en yn Ljouwert ûnthalze. ophongen en ferdronken. It kleaster waard fannijs opboud, mar waard yn oktober 1572 troch de geuzen belegere en platbaarnd.

Letter ûntstie op de âlde kleasterterp in pear pleatsen. De buorskip hjit Blomkamp, dochs op âlde kaarten ferskynde de namme Aldekleaster ek wol. Troch de buorskip rint de Kleasterfeart. De Hartwerter Mieden of ek wol De Mieden falle ek ûnder de buorskip. Yn De Mieden stiet in Amerikaanske wynmotor, wynmotor Hartwert.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
 
Plakken yn de gemeente Súdwest-Fryslân
Flagge fan de gemeente Súdwest-Fryslân
Stêden: BoalsertDryltsHylpenSnitsStarumWarkum

Doarpen en útbuorrens: AbbegeaAldegeaAllingawierArumBlauhúsBoazumBreesândykBritswertBurchwertDearsumDedzjumEastereinEasterwierrumEasthimEksmoarreFerwâldeFolsgeareGaastDe GaastmarGauGoaiïngeaGreonterpHartwertHeechIt HeidenskipHichtumHidaardHieslumHimmelumHinnaardDe HommertsIdzegeaIensYndykYpekolsgeaYsbrechtumItensJutrypKimswertKoarnwertKoarnwertersânKoudumKûbaardKûfurderrigeLaaksumLytsewierrumLoaiïngeaLollumLongerhouMakkumMolkwarNijhuzumNijlânOffenwierParregeaPenjumPiaamPoppenwierRaerdReahûsRienSânfurdSibrandabuorrenSkarlSkearnegoutumSkettensSkraardSkuzumSmelbrêgeSurchTersoalToppenhuzenTsjalhuzumTsjerkwertTurnsTwellingeaWaaksensWâldseinWarnsWesthimWytmarsumWiuwertWolsumWommelsWûns

Buorskippen: AaksensAbbegeasterkettingAndelahuzenAnnebuorrenArkumAtsebuorrenBaarderbuorrenDe BandBarsumBeabuorrenBessensBernsterbuorrenDe BierenBittensDe BlokkenBlomkampBoatlânBonjeterpBoppebuorrenDe BurdDyksterbuorrenDoanjebuorrenDoanjewierDraaisterhuzenEangterpEasthim (Wytmarsum)EksmoardersylFeytebuorrenFiifhûsFiskersbuorrenFjouwerhuzenFlânsumIt FlietGalamadammenGoaiïngamiedenGoaiumGrauwe KatDe GritsGrutte WiskeGreate WierrumHaaiumHarkesylDe HelHiemertHidaardersylHiddumHoekensHoarnsterbuorrenHouIdserdabuorrenIemswâldeYndyk (Boazum)IngwertIngwierJethJonkershuzenJousterpJouswertKâldehuzumDe KampenDe KatKlaeiterpDe KliuwKnossensKoaihuzenKromwâl (Boalsert)Kromwâl (Britswert)LippenwâldeDe Lytse GaastmarLytse WiskeLytshuzenMakkum (Boazum)MeilahuzenMontsamabuorrenMountsjewierDe NesNijbuorrenNijekleasterNijesylOsingahuzenPikesylDe PôleRea SkuorreRemswertRytseterpSaardSânfurder RypSyswertSjongedykSkearnebuorrenSkrokSotterum (Koarnwert)Sotterum (Skettens)SpearsSpykIt Strân SwaanwertSwarte BeienTrijehuzen (Hidaard)Trijehuzen (Snits)Trijehuzen (Wommels)TsjerkebuorrenDe WearenWesterbuorrenWesterlittensDe WierenWolsumerkettingWonnebuorren