Springe nei ynhâld

Belis fan Aldekleaster

Ut Wikipedy

It belis fan Aldekleaster wie in belis fan it kleaster Blomkamp by Boalsert, ek wol Aldekleaster neamd, troch troepen fan de Fryske steedhâlder Georg Schenk fan Toutenburch tsjin 300 werdopers dy't harren yn it kleaster ferskûle hiene.

Nei't Marten Luther op 31 oktober 1517 de 95 stellings oan de doar fan in slotkapel sloech, like it derop dat de Roomsk-Katolike Tsjerke ferskuord wurde soe. Keizer Karel V, dy't yn 1524 hear fan Fryslân waard, woe dat tefoaren komme. Hy stelde Georg Schenk fan Toutenburch al yn 1521 oan as steedhâlder dy't de Geldersken ferdriuwe moast. Hy fersloech de Geldersken en de troepen fan Janko Douwama foar keizer Karel V. Doe't Karel oan de macht kaam sette er de jacht op preesters dy't harren dwaande holden mei "lutherij" útein.

Underwilens ûntstie der in nije en radikalere streaming, benammen ûnder ambachtslju, dy't in grutte oanhing krige. Dy waarden anabaptisten as werdopers of dopersken neamd. Hja wiene foarstanners fan de folwoeksenedoop ynstee fan poppedoop. It anabaptisme ûntstie yn Switserlân en kaam yn Fryslân telâne troch it preekjen fan de bûntwurker Melchior Hoffmann yn it Eastfryske Emden. Kleanmakker Sicke Frearks út Ljouwert wie de earste Fryske werdoper dy't ûnthalze waard. Dat late ta in geweldsdrama yn de jierren dêrnei. Melchior Hoffman hie de ein fan 'e tiden en it weromkommen fan Jezus oankundige en mear revolúsjonêre lieders namen syn bibelske profesijen oer. Hja wien fan betinken dat yn de Dútske stêd Múnster it Nije Jeruzalim ûntstean soe. Yn 1534 kaam dy stêd yn doperske hannen, mar waard rillegau troch de ferdreaune biskop belegere. Der kamen in pear tûzen werdopers út Fryslân en Hollân te help. Jan fan Leien, de selsbekroane kening fan dat "Keninkryk Sion" rôp de dopersken yn de Nederlannen op en bemachtigje wapens en jild.

Ja fan Leien stjoerde Jan fan Geelen yn jannewaris 1535 nei Fryslân ta om jild en manskippen te garjen en pleatslik ek rebûlje op te stoken. Dat slagge him bjusterbaarlik en koe 300 werdopers, wêrûnder in soad froulju en bern, oproppe en beset it Aldekleaster ûnder Hartwert. Steedhâlder Schenk fan Toutenburch tôge op twadde peaskedei yn 1535 mei in striidkrêft fan bewapene boargerij nei Hartwert en ferdriuw de werdopers út it kleaster. De steedhâlder liet it kleaster foar dagen troch seis kanonnen besjitte en liet it fjouwer kear bestoarmje. Dêrnei koe er it maklik ynnimme.

De straffen dy't se de werdopers joegen liegen der net om. Fuortendaliks op it stee waarden der 24 ophongen en 15 ûnthalze. Mear as hûndert waarden finzennommen en nei Ljouwert ta fierd. Trije dagen nei de fal fan it Aldekleaster spruts it Hof fan Fryslân de earste fûnissen út. De manlju waarden ûnthalze, dêr't harren hollen by op staken set waarden en harren lichems op it rêd bûn waarden. Fan de froulju waard de helte feroardiele ta ferfrinking yn 'e stedsgrêft by de Blokhûspoarte en yn 'e Himpensermar. Jan fan Geelen, dy't in wyklang it godsryk yn it kleaster bestjoerde, koe ûntkomme, mar sneuvele yn maaie dat jiers doe't er mei in nust werdopers it stedhûs fan Amsterdam besette woe. Yn july 1535 foel it geastlike ryk yn Múnster doe't de stêd nei in belis fan ferskate moannen ynnommen waard. It Aldekleaster waard weropboud en sels noch moaier makke. Yn oktober 1572 waard it kleaster troch de geuzen, dy't grutte parten fan it westen fan Fryslân oermastere hiene, belegere en yn 'e brân stutsen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Kanon fan de Skiednis fan Fryslân
  • Gert Elzinga, Peter Karstkarel, Dick van der Maarel, Tien eeuwen Friesland, de Friezen en hun ziel en zaligheid yn Frisia Illustrata side 233. Utjouwerij Waanders, Swol